Hoe't in list mei 180.000 nammen fan Jack Kooistra in nazi-jager makke
Nei it momint dat hy as jonkje te hearren krige dat it oarloch wie, wurdt it libben fan Jack Kooistra (94) behearske troch de grouwélichheden út de jierren 1940-'45. Op syk nei gerjochtichheid foar de slachtoffers groeide er út ta ûnferfearde nazi-jager.
Tsien jier âld wie hy doe't de oarloch útbruts. "Dat was op een vrijdag. Toen kwam er een politieagent de klas binnen en hij zei: jongens en meisjes jullie moeten naar huis, want het is oorlog", sa kin Kooistra him heuge.
De earste namme
It foel him al gau op dat de fiskboer, dêr't er alle freeds kaam, net mear yn de omkriten te finen wie. "Dat was Jan Hendrik Venema uit Hardegarijp. Van hem kreeg ik altijd een moot vis. Van mijn moeder hoorde ik dat hij in militaire dienst zat. Een week later vertelde ze dat hij gesneuveld was. Toen heb ik een schrift gepakt en zijn naam daarin genoteerd."
Sjoch hjir nei Hunting Jack, de dokumintêre oer Jack Kooistra:
De namme fan Venema wie de earste fan goed 180.000 oarlochsslachtoffers dy't Kooistra yn de jierren dêrnei opskriuwe soe.
Om't it opspoarjen fan de dieders him net fluch genôch gie, besleat Kooistra sels op speurtocht te gean. "De opsporing van oorlogsmisdadigers is eigenlijk ontstaan vanuit een gevoel van wraak", fertelt er.
De FryslânDOK 'Hunting Jack' is op sneon 4 maaie om 15.30 oere te sjen op NPO 2 en op snein 5 maaie by Omrop Fryslân. Fan 17.00 oere ôf wurdt de dokumintêre alle oeren útstjoerd.
"Justitie deed er niets mee, ging niet over tot vervolging. Terwijl men wist dat een groot aantal daders naar Zuid-Amerika was gevlucht. Toen heb ik besloten om het zelf te gaan doen."
Twa fan de oarlochsmisdiedigers dy't Kooistra opspoare koe wiene Jacob Luitjens, 'de Schrik van Roden', en Herbertus Bikker, 'de Beul van Ommen'. It slagge Kooistra om harren foar it gerjocht te krijen.
De jacht op nazi's makke fan Kooistra sels ek in ferneamd persoan. Yn rûnten fan nazi's en neonazi's waard er sels sa hate en freesd dat er út dy fermiddens ek geregeld mei de dea bedrige waard.
De offisier fan justysje frege Kooistra sels om op te hâlden mei syn jacht. "Maar toen heb ik gezegd: ik stop niet voor geweld", fertelt Kooistra.
Wichtich argyf
Kooistra syn argyf mei goed 180.000 nammen fan oarlochsslachtoffers hat noch altyd in wichtige betsjutting foar famyljeleden fan slachtoffers.
Dat hat ek altyd it doel west fan Kooistra. "Het is mijn bedoeling om deze slachtoffers voor het nageslacht vast te leggen. De generaties na mij moeten weten wat zich in de jaren 1940-1950 afgespeeld heeft."