Omrop Fryslân

Skamte en fertriet oer 'foute' foarâlden yn de oarloch: "Probeer er zelf over te praten"

Willem Stohr fan it museum yn Feanhuzen
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Yn tiden dat we de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betinke en 80 jier frijheid fiere, is der ek it oare ferhaal: dat fan de dieders. En benammen it neiteam. Hoe is it om derachter te kommen dat heit, mem of pake 'fout' wie yn de oarloch? Sjoernalist Simone Scheffer gie nei in útstalling mei dat tema.
Je soene stelle kinne dat dy neikommelingen útstelde slachtoffers binne. De skamte, it fertriet en de ûnrêst oer de dieden fan je foarâlden kinne grut wêze. Wylst je dêr neat mei te krijen hân hawwe, kin it je libben tekenje.
Yn it Nationaal Gevangenismuseum yn Feanhuzen yn Drinte is krekt oer dat ûnderwerp in útstalling: On/t/schuld.
Op de webside fan it Centraal Archief Bijzondere Rechtspleging (CABR) stean nammen fan ferstoarne Nederlanners dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei de besetter gearwurke hawwe of dêrfan fertocht wurde.
Yn dat argyf kin elts sûnt 2 jannewaris digitaal opsykje oft ien fan syn foarâlden by dy kategory hearde. Yn it argyf stean mear as 400.000 nammen. Ien op de trije Nederlanners hie yn de oarloch in konneksje mei de 'foute' kant.

Skuldgefoel en plakferfangende skamte

De dossiers binne yn Den Haag yn te sjen. Ek ik gie derhinne. Ik lies dossiers oer famylje út it ferline. It jout in nuver gefoel en ropt fragen op. Wat hie ik dien yn dy situaasje? Wat ha ik fan harren? Der komt dochs in soarte fan genetyske sjêne op.
Utstalling On/t/schuld
© Neversaychees Marije de Boer
Dat jildt foar in hiel soad minsken. De ferhalen en ek it gefoel fan skamte komme troch de iepening fan it argyf nei boppe. Om dy te uterjen is faak dreech.

Net oer pake prate

Dochs is it wichtich deroer te praten, seit Willem Stohr fan it Nationaal Gevangenismuseum. Mei him gean ik troch de tentoanstelling On/t/schuld. In lytse, beskieden eksposysje fertelt it persoanlike ferhaal fan pakesizzer Boris Wanders. Syn pake wie NSB'er en lid fan de helplânwacht.
Foar Boris wie it lang in geheim. Oer pake waard net sprutsen, mar dochs hie Boris eins altyd in skuldgefoel. Pas as hy de 60 foarby is, siket hy út wat der oan 'e hân wie. De puzelstikjes foelen op harren plak.
Ook dat moeten we onder ogen zien, dat na de oorlog de deugers de niet-deugers werden en dat dat ook zijn doorwerking had.
Willem Stohr
Hy skriuwt gedichten, en syn frou makket der foto's by. Sa wurket hy oan it saneamde 'ûntskuldzjen': it ferwurkjen fan syn trauma. In soad bern fan bygelyks NSB'ers waarden nei de oarloch nammentlik mei de rêch oansjoen of pesten en rekken sadwaande traumatisearre.
Fan doger nei net-doger
Yn de tentoanstelling is ek mear te sjen en te lêzen oer hoe't skuld en skamte trochwurkje yn de generaasjes nei de oarloch.
Saken wurde yn histoarysk perspektyf set en de besiker wurdt troch de ferskate fazen laat yn in fotografearre lânskip fan Feanhuzen. Der binne affysjes te sjen mei teksten fan de boargemaster, dêr't er minsken yn opropt om it rjocht net sels yn hannen te nimmen.
Neem zelf de regie, probeer er zelf over te praten. Reis je voorouders achterna en probeer iets met dat gevoel te doen.
Willem Stohr
Yntusken witte we dat dat krekt wol barde. Willem Stohr: "Ook dat moeten we onder ogen zien, dat na de oorlog de deugers de niet-deugers werden en dat dat ook zijn doorwerking had."
Nei de oarloch waard der hast net oer praat troch de minsken. Dat wurke troch op de bern en sels noch op de generaasjes dêrnei. In bern wit dan net presys wat der is, mar fielt it wol.
Utstalling On/t/schuld
© Neversaychees Marije de Boer
Dat kin somtiden liede ta burn-outs sûnder dat ien wit wêrom. Achterôf docht dan bliken dat it mei de skiednis fan 'foute' famylje te krijen hat.
"Reis je voorouders achterna"
Dat is eins ek wat it museum mei de útstalling berikke wol. Dat minsken deroer prate en har trauma diele. De feiten binne der, troch se ûnder eagen te sjen kinne je fierder. It wie sa't it wie, de measte 'dieders' hawwe harren straf hân en wy moatte troch.
Mei dat boadskip wurde de besikers útlitten by de tentoanstelling.
"Neem zelf de regie, probeer er zelf over te praten. Reis je voorouders achterna en probeer iets met dat gevoel te doen. "

80 jier frijheid

Dizze perioade wurdt rûnom yn Fryslân mei allerhande aktiviteiten stilstien by 80 jier frijheid.
Wolst op de hichte bliuwe fan it lêste nijs, of mear witte oer de aktiviteiten dy't organisearre wurde? Sjoch dan op ús temaside.
Dit ferhaal is as reportaazje te hearren yn ús radioprogramma Buro de Vries. Fierders is de podcast beskikber op de bekende platfoarms.
Buro de Vries is alle wiken op sneintemoarn by Omrop Fryslân op de radio, tusken 11.00 en 13.00 oere, en wurdt jûns werhelle tusken 21.00 en 23.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.