Omrop Fryslân

Fan Kabul nei de Frijheidswyk: is frijheid wol sa fanselssprekkend?

FryslânDOK 'Fan Kabul nei de Frijheidswyk'
© FryslânDOK
Ek al libje we tachtich jier yn frijheid, dochs is frij wêze dreech te befetsjen ast altiten frij west hast. Mariam Ebrahimi ken de oare kant fan dat ferhaal. Wat betsjut it om ûnfrij te wêzen?
De FryslânDOK 'Fan Kabul nei de Frijheidswyk' is makke troch Alka Sadat oer it libben fan Mariam Ebrahimi. Beide froulju komme út Afganistan en moeten inoar yn de Ljouwerter Frijheidswyk.
Nei jierrenlange bûtensluting, berne-arbeid en in twanghoulik hat Mariam no dochs frijheid fûn.
Sjoch hjirûnder nei de FryslânDOK 'Fan Kabul nei de Frijheidswyk':
Mariam is berne yn Iran as dochter fan Afgaanske flechtlingen. Har âlden flechten yn de jierren '90 fanwegen de oanhâldende oarloch.
Sûnder ferbliuwsstatus hie Mariam gjin tagong ta it ûnderwiis. Sa as in soad Afgaanske bern yn Iran groeide se op sûnder in skoalle fan binnen sjoen te ha. Har bernetiid waard tekene troch earmoed en ûnwissens.
Mariam en har dochter op 'e skommel
© FryslânDOK
Doe't Mariam trije jier âld wie, waard se mei har famylje deportearre nei Afganistan. Yn in lân dat foar har ûnbekend en ûnfeilich oanfielde, waard se op 'e nij konfrontearre mei geweld en ferlies.
Har heit waard fermoarde, in barren dat djippe groeden efterliet. Mariam krige te meitsjen mei berne-arbeid, seksueel misbrûk en in twanghoulik. Dochs gie se troch mei it sykjen nei in wize om har bestean op 'e nij foarm te jaan.

Taliban-rezjym

De filmmakker fan dizze DOK, de Afgaanse Alka Sadat, groeide op ûnder it Taliban-rezjym. Ek al mochten famkes ûnder dat rezjym gjin ûnderwiis folgje, dochs besleat Alka har mem har trije dochters les te jaan.
Neidat Alka har suster Roya holp als kostúmûntwerper foar de film 'Three Dots', joech Roya har it advys dokumintêres te meitsjen. En dat die Alka. Se gie nei Kabul om mei te dwaan oan in trainingsprogramma foar it meitsjen foar dokumintêres.
Alka Sadat oan it filmjen
© FryslânDOK
Fan dat momint ôf makket Alka dokumintêres wêryn't se har rjochtet op sosjaal ûnrjocht en frouljusrjocht. Se wint de Afgaanske priis foar de frede en talleaze oare ynternasjonale prizen mei har films.

Frijheidswyk

Uteinlik bedarje beide froulju yn Ljouwert. Alka jout dêr les en moetet sa Mariam. Alka: "Wat begon als simpele gesprekken groeide uit tot een hechte vriendschap, waarin zij open haar leven durfde te vertellen."
En dat is tige bysûnder. Net in soad Afgaanske froulju doare iepenlik te fertellen oer wat se meimakke hawwe ûnder it Talibaanske rezjym. "Dat zij haar pijn durft te verwoorden en haar verhaal deelt, getuigt van uitzonderlijke moed", seit Alka.
Mariam Ebrahimi en har dochter
© FryslânDOK
It slút ek oan by it boadskip dat Alka mei har films útdrage wol. "Ik zie deze documentaire als mijn bijdrage aan de zichtbaarheid van verhalen die vaak verborgen blijven. Mariams persoonlijke geschiedenis staat symbool voor de ervaringen van talloze meisjes en vrouwen wiens stemmen systematisch worden onderdrukt."

Frijheid

Wat no echte frijheid is, wurdt al gau dúdlik troch de tsjinstellingen tusken Fryslân en Afganistan. Mariam en har dochter prate der oer op 'e bank. "Ik wil niet naar Afghanistan, daar mogen vrouwen helemaal niks doen", seit it famke.
Mei har mem sommet se alles op wat dêr allegear net mei of kin. It is in grut ferskil mei hjir. "Vrouwen moeten alles voor mannen doen, ze moeten binnenblijven en moeten gemaskerd naar buiten. Dat is niet leuk!"
Vrijheid betekent dat je zelf beslist of je trouwt. En dat je recht hebt op onderwijs.
Mariam Ebrahimi
Frijheid is dêrom net allinnich it ûntbrekken fan oarloch. Foar Mariam bestiet frijheid ek yn de foarm fan de frije kar en sels kieze kinne.
Mariam: "Ik denk dat vrijheid betekent dat je zelf beslist of je trouwt. En dat je recht hebt op onderwijs. Het betekent dat je het recht hebt om te kiezen hoe lang je wilt studeren. Vrijheid betekent het recht om te kiezen wat voor kleren je draagt. Dit alles is vrijheid voor mij."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.