Omrop Fryslân

Lancaster ED603: in flecht dy't tachtich jier letter noch klinkt yn Starum

Begraafplak foar fallen fleaners
© FryslânDOK
Mear as op 'e grûn spile de Twadde Wrâldoarloch him ôf yn de loft. Yn Nederlân kamen sa'n 6000 militêre fleantugen del yn de jierren 1939-1945. Sa ek de Lancaster ED603.
Yn tsjinstelling ta de striid op fêste boaiem, wie it oarlochsgeweld yn de loft kontinu. Ut Ingelân wei fleagen de alliearden oer ús lân om Dútslân oan te fallen.
Mar troch de loftôfwar op de Waadeilannen en de Dútske oername fan fleanbasis yn Ljouwert stoarten der goed 650 fleantugen mei bemanning del boppe Fryslân.

Lichems nea wer fûn

Ek op 'e grûn wie de loftoarloch goed te merken. Op mear as tûzen dagen wiene der fleantúchaktiviteiten, en Nederlân waard mear as seishûndert kear út de loft wei bombardearre.
In protte militêren komme om en wurde nea wer fûn. Dochs komme der hjoed-de-dei noch wrakken oan it ljocht en spiele resten fan fleantugen en har útrissing oan.
Sjoch hjirûnder de FryslânDOK 'Pathfinder Lost'.
As dat bart, siket Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF) de famylje fan de fleaners en jout de stichting de militêren in tinkteken.
"Het is monnikenwerk. De oorlogsgeneratie is bijna uitgestorven, dus je komt al snel bij neven en nichten terecht", fertelt Alexander Tuinhout, sekretaris fan SMAMF.
De Pathfinder Force: in elite-ienheid fan de Britske Royal Air Force
© FryslânDOK
"Vliegeniers kwamen uit het buitenland, dus de familie vinden is daardoor extra moeilijk. We hebben nabestaanden van bemanning gevonden van Engeland en Canada tot aan India en Sri Lanka."
De stichting hâldt de ferhalen fan de loftoarloch yn Fryslân yn libben en dat is mar goed ek, neffens Tuinhout: "Mensen waren dag en nacht angstig door de luchtoorlog, maar na de bevrijding werd dat aspect van de oorlog anders bekeken, waardoor het soms onderbelicht lijkt."
Wat destijds gebeurde, zou vandaag de dag worden aangemerkt als een oorlogsmisdaad
Alexander Tuinhout, sekretaris Stichting Missing Airmen Memorial Foundation
Nei it bombardemint op Dresden, wêrnei't in grut diel fan de stêd yn pûn lei en wêrtroch't tûzenen boargers om it libben kamen, waard loftoarloch as yts skandaligs sjoen.
Tuinhout: "Wat destijds gebeurde, zou vandaag de dag worden aangemerkt als een oorlogsmisdaad." De Ingelske fleaners dy't de oarloch wol oerlibben, krigen lang nei de kapitulaasje fan de nazi's eare noch ûnderskieding.
Sjoch op luchtoorlogfriesland.nl wêr't fleantugen by dy yn de buurt crasht binne
© Stichting Missing Airmen Memorial Foundation
No, tachtich jier nei de befrijing, wurdt der wol stilstien by de fallen fleaners. Yn it Fries Museum is de tentoanstelling Impact te sjen, dêr't it SMAMF oan meiwurke hat. Foarwerpen út de Lancaster ED603 binne ek te finen yn dizze tentoanstelling.
Dit fleantúch út de FryslânDOK 'Pathfinder Lost' is unskiedber fan de betinking op 4 maaie yn Starum. De Lancaster ED603 wie ûnderdiel fan de saneamde Pathfinder Force: in elite-ienheid fan de Britske Royal Air Force dy't mei grutte presyzje doelen markearre foar de bombardeminten.
Eric Arthur Tilbury is ien fan de fleaners fan de Lancaster ED603
© FryslânDOK
It wie gefaarlik wurk. Ek foar de bemanning fan de Lancaster ED603 einige de flecht yn in drama: it tastel waard rekke troch Dútske loftôfwar en stoarte del by Starum.
Inkele wiken nei de crash mei de Lancaster yn 1943 spielden fjouwer fan de sân bemanningsleden al oan op de Fryske kust. Sy binne te hôf brocht yn Starum, Hylpen en Warkum. De trije oaren bleaune fermist, oant der yn 2023 stoflike omskotten oantroffen waarden yn it wrak op boaiem fan de Iselmar.

Betinking yn Starum

Elts jier wurdt stilstien by de fallen fleaners en it missende bemanningslid fan de Lancaster ED603. De FryslânDOK Pathfinder Lost, dy't op 4 maaie fertoand wurdt yn Starum, bringt syn ferhaal wer nei it ljocht.
Yn gearwurking mei it lokale muzykkorps en de basisskoalle stiet de hiele dei yn it ramt fan betinking.
Hannah Hornstra fan Stavers Belang: "In het verloop van de ochtend bouwen we op richting een 'proost' op de vrijheid en blikken we vooruit, maar zeker niet zonder alle slachtoffers te benoemen aan wie wij de vrijheid te danken hebben!"

FryslânDOK

De FryslânDOK 'Pathfinder Lost' is te sjen op sneon om 15.30 oere op NPO 2 en snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân.
Dêrneist wurdt de film ek fertoand by de 5 maaie-fiering yn Starum. Dizze begjint om 10.00 oere en wurdt fertoand yn MFC de Kaap. Foar kaartsjes en mear ynformaasje, kin kontakt opnaam wurde mei Stavers Belang.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.