Omrop Fryslân

De oarloch bleau harren altyd by: “Ik lei ûnder de tafel, stjerrende benaud”

Oantinkens oan de oarloch
© Radio Spannenburg/RTV NOF/Omroep Zilt
Tachtich jier lyn waard Fryslân befrijd fan de Dútsers. It mei lang lyn wêze, dochs steane de oantinkens noch farsk yn it ûnthâld by minsken dy't de oarloch meimakke hawwe.
We prate deroer mei trije minsken dy't opgroeiden yn de Twadde Wrâldoarloch.
Oantinkens oan de oarloch
Dit artikel is makke yn gearwurking mei de streekomroppen RTV NOF, Omroep Zilt en Radio Spannenburg.

Fokje Zijlstra (97), Bútenpost

Fokje Zijlstra wie tolve jier âld doe't de oarloch útbruts. Se wit dat momint noch goed.
Zijlstra siet op skoalle doe't se foar it earst hearde dat der oarloch wie.
"De master sei: 'jimme binne hjoed frij'. Dat fûnen wy doe wol moai, sa'n frije dei. Mar efternei wie it fansels spanning. Doe wiene de Dútsers Nederlân binnenfallen."

"Ferskriklik om mei te meitsjen"

De oarloch wie in drege tiid foar Zijlstra. Har libben waard folslein oars en fan frijheid wie gjin sprake. Benammen de razzia's dy't plakhienen, hawwe djippe yndruk makke.
"Minsken dy't oppakt waarden, dat wie echt ferskriklik om mei te meitsjen. Ik haw it trije of fjouwer kear meimakke", wit se noch.
"Se binne ek wol by ús troch de hûs gien om te sykjen nei jonges. Op dat momint sieten myn beide bruorren gelokkich ferstoppe efter de bedstee yn in hiele lytse romte."
Fokje Zijlstra
© RTV NOF
Zijlstra wie nachts benaud, doe't se mei har sus op 'e keamer lei.
"Ik wie sa benaud foar dy fleantugeboel, dat se nei ûnderen ta komme soene. Dan sei myn suster: 'Jou dy mar del, want dy fleantugen fleane dochs wol troch'."

De befrijing

Op 15 april 1945 waard Bútenpost, lykas de rest fan Fryslân, befrijd. Se kin dat momint noch helder yn 't sin bringe.
"Och, wat wienen wy bliid mei dy befrijing, dat wie geweldich!"
"Der waarden jûns toanielstikken opfierd. Dat wie prachtich, yn de iepenloft. Dêr mochten wy doe hinne. Dat wie moai."

Ype Dijkstra (97), Frjentsjer

Ype Dijkstra wie tolve jier âld doe't de oarloch begûn. Hy waard foar it earst mei de oarloch konfrontearre doe't er syn gûlende buorfrou seach.
"Ik kwam beneden en daar was die buurvrouw, die was in alle staten troost aan het zoeken bij mijn moeder. Toen hoorde ik dat het oorlog was."
Ype Dijkstra (97)
© Omroep Zilt, Ronnie Jilderda
Yn earste ynstânsje besefte er net hoe slim oft de oarloch wie. "De Duitse soldaten waren vreselijk aardig", seit er.
"We kregen chocola, ze sloegen ons op de schouder en ze lachten met ons."

Oprop om te wurkjen

Oant syn 15e hat er net folle lêst hân fan de oarloch. Dat feroare doe't yn 1942 alles ferbean waard. Yn 1944 waard Dijkstra oproppen om te wurkjen foar de Dútsers.
Hy moast wol.
"Als er niet genoeg mensen kwamen, werden er represaillemaatregelen genomen."
Hy gie oan it wurk yn Smilde, mar flechte nei in skoftke werom nei Frjentsjer. Oant de ein fan de oarloch siet er ûnderdûkt by famylje.
In die sfeer, in die angst, ben ik de oorlog doorgekomen.
Ype Dijkstra
Syn broer waard yn 1943 oppakt en finzen naam yn konsintraasjekamp Neuengamme. Dêr waard er yn 1945 fermoarde.
"Dat beheerste bij ons natuurlijk het gezin", fertelt er. "Ik beleef dat nog iedere dag."
"Mijn moeder heeft dat uiteindelijk het leven gekost, die heeft dat niet kunnen verwerken. We waren psychisch kapot. In die sfeer, in die angst, ben ik die oorlog doorgekomen."

Jantsje Bakker-Sipkema (96), Terkaple

Jantsje Bakker-Sipkema wie alve jier doe't de Dútsers by har yn Terkaple de brêge oerkamen.
"Ik gie ûnder de tafel lizzen, ik wie stjerrende benaud. Der wiene allegearre Dútsers, ik fûn it ferskriklik."
Bakker wenne by har âlden op in pleats. Dêr hie se it relatyf goed.
"Wy hawwe noait te min iten hân. In soad minsken kamen dêrom ek by ús te iten."
Jantje Bakker-Sipkema
© Radio Spannenburg
Der wiene in soad heftige mominten. Se hearde faak Ingelske fleantugen dy't oerfleagen en der waard ek sketten.
Op in dei nei skoalle seach se in bom fallen op in lange wei yn Eagmaryp. It is in byld dat har altyd bybleaun is.
"De hiele dyk wie derút. Dat wie ôfgryslik. Dêr skrokken we wol efkes fan."

Befrijing

De befrijing stiet noch hierskerp op har netflues. Kanadezen kamen mei tanks en legerauto's de strjitten fan De Jouwer ynriden. Bakker fûn dat prachtich.
"Ik haw noch by dy Kanadezen op 'e tank sitten", blierket se.
"Oh, wat ha ik in wille hân. Alle jûnen giene we dan nei De Jouwer te feestfieren, want it wie bysûnder. Doe koest echt genietsje."
Der wie ek in kearside op dat momint. "Yn Skarsterbrêge waard noch fochten. Dêr binne wy doe op 'e fyts hinnegien. We woene dy deade Dútsers wolris sjen, dat fûnen we prachtich."
Achterôf begrypt se neat fan hoe't se doe tocht. "Hiel nuver, of wenne je oeral oan."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.