Wêrom moat myn gemeente noch asylsikers opfange, wylst Fryslân al genôch docht?
Ferskate gemeenten yn Fryslân binne dwaande mei it realisearjen fan opfangplakken fan asylsikers. By de diskusjes hjiroer komme geregeld deselde fragen nei foaren.
De diskusje oer asylopfang smyt hast altyd in soad argewaasje op. Yn gemeenten as Noardeast-Fryslân en Hearrenfean wurdt no praat oer nije opfanglokaasjes, mar ek dêr ûntstiet flink wat protest.
Saken om de asylopfang hinne binne net altyd dúdlik. Yn dit artikel wurde in pear saken ferdúdlike.
Fryslân fangt al genôch asylsikers op. Wêrom moat myn gemeente dan noch opfangplakken realisearje?
Fryslân fangt al mear flechtlingen op as de noarm fan de spriedingswet. Neffens de lêste sifers fan de provinsje en gemeenten, fangt Fryslân no 4.305 asylsikers op dy't binnen de noarmen fan de spriedingswet falle.
Mar in grut tal fan dy plakken is needopfang, dus lokaasjes dy't tydlik in fergunning hawwe om opfangplakken te kreëarjen. Op dit stuit beflappe dy lokaasjes 1.551 tydlike plakken.
Nei alle gedachten sil in grut part dêrfan ferdwine. Fryslân hat in opjefte fan 3.391 opfangplakken, dus dat tal wurdt sûnder de needopfang net mear helle.
Mar it kabinet hat dochs in brief stjoerd dat op ferskate plakken gjin asylsikers opfongen wurde moatte?
Dat kloppet. Mar dy brief giet oer de aktuele situaasje, de spriedingswet oer wat úteinlik de bedoeling is. Sa stiet yn de brief dat de gemeente Hearrenfean de kommende twa jier neat opfange hoecht, omdat it totale tal opfangplakken yn Fryslân no op oarder is.
Yn de takomst is dat oars, en dêrom stiet yn de spriedingswet dat Hearrenfean op termyn 277 asylsikers opfange moat. Op dit stuit fangt Hearrenfean al, ek al hoecht dat dus net, 23 allinnichsteande, minderjierrige flechtlingen op.
Yn de spriedingswet wurdt op basis fan it ynwennertal fan gemeenten berekkene hoefolle asylsikers oft yn elke gemeente opfongen wurde moatte. Dat soe betsjutte dat ek de Waadeilannen dêroan foldwaan moatte. Mar dat is dreech: it COA wol lokaasjes fan in bepaalde grutte en dat is op de eilannen net mooglik.
Gemeenten meie ûnderling wol skowe, sa kin Fryslân as gehiel dochs foldwaan oan de fraach.
Op hokker plakken komme der opfanglokaasjes by?
De gemeente Hearrenfean sil op 30 jannewaris in knoop trochhakke oer ien of twa opfanglokaasjes. Yn it plan fan it kolleezje stiet dat de 277 asylsikers ferdield wurde yn nij te bouwen wenwiken by It Hearrenfean-Noard en Skoatterwâld. Benammen oer dy earste lokaasje is diskusje, fanwegen de druk dy't al op de wyk leit.
En yn Ljouwert is al langer diskusje oer de ROL (Regionale Opvanglocatie). Yn de buert fan de fleanbasis moatte 450 opfangplakken komme foar meardere jierren. Mar de definitive fergunning is noch net rûn.
Noardeast-Fryslân is al in koälysje ferlern troch de asyldiskusje. Mar it nije gemeentebestjoer set op de koartere termyn yn op 100 fêste plakken yn de gemeente.
Ek is der in tal lokaasjes dat ferfongen wurdt. Sa sille 450 fan de 600 opfangplakken yn Snits werom komme op in nij te bouwen lokaasje en wurdt sjoen oft de gemeenten Harns en Smellingerlân de needopfanglokaasjes ferlingje kinne.
Telle de opfangplakken foar Oekraïners net mei?
Nee, yn prinsipe net. De opfangplakken foar Oekraïners wurde oars behannele. Dy telle mei ûnder de ôfspraken dy't makke binne foar "Oekraïense ontheemden". Yn Fryslân moatte der 4.802 opfangplakken foar Oekraïners beskikber wêze.
It idee achter dizze lokaasjes is dat de Oekraïners weromgeane nei harren heitelân as de oarloch foarby is. It binne gjin minsken dy't har hjir definityf fêstigje wolle.
'Derdelanders' dy't út Oekraïne weikomme, moatte wol in asyloanfraach yntsjinje. Gemeenten meie dy neffens de Ryksoerheid wol meitelle mei de spriedingswet.
Mar it kabinet wol de spriedingswet dochs ôfskaffe?
Dat liket noch wol even te duorjen. Op 27 jannewaris hat de Ried foar de Rjochtspraak opnij in negatyf advys jûn oer ferskate asylplannen fan minister Marjolein Faber fan Asyl en Migraasje.
Dêrmei rinne guon maatregels wer flinke fertraging op. Mar it is ek mar de fraach oft de spriedingswet samar troch de Earste Keamer fuortstimd wurdt. Earder sei it Fryske Earste Keamerlid Hetty Jansen fan GrienLinks-PvdA yn Buro de Vries al dat it har fernuverje soe als de wet fuortstimd wurdt.
"Die gaat niet van tafel. Hij moet nog langs de Eerste Kamer. En die is niet gewijzigd sinds de wet aangenomen is. Dan zouden diezelfde mensen het ineens af moeten wijzen. Nou, ik ben benieuwd welke senator dat durft."
Fierder binne gemeenten ek wol te sprekken oer de wet, al is it soms omdat der gjin better alternatyf foarhannen is.
Is it wol feilich yn de buert fan in azc?
Koartsein: Ja. Undersyk út 2015 fan it Wetenschappelijk Onderzoek- en Datacentrum (WODC) lit sjen dat ynwenners fan buerten dêr't in asylsikerssintrum is, net faker slachtoffer binne fan kriminaliteit as deselde soart buerten sûnder azc's.
Al binne der útsûnderingen. Der binne ommers wol lokaasjes dy't geregeld yn it nijs komme fanwege kriminaliteit.
It giet yn dat gefal om ynsidinten of problemen op spesifike lokaasjes lykas it oanmeldsintrum yn Ter Apel of plakken dêr't in soad jonge manlju byinoar sitte. Faak binne dat asylsikers dy't út in feilich lân komme. En dus werom moatte.
Neffens de Adviesraad Migratie binne de ynsidinten neffens resinte sifers oer it algemien krekt wat tanommen, dus is it wol nedich is om der op te letten by it meitsjen fan belied. It giet dan faak om winkeldieverij of ynbraken.
Dan giet it dus benammen oer lokaasjes dêr't dus jonge manlju sitte dy't net in soad kâns meitsje op in ferbliuwsfergunning.
Mar yn nijsmedia wurde dy ynsidinten simpelwei faker en breder útmetten.
En ek politisy en opinymakkers meitsje graach gebrûk fan dizze opfallende útsjitters om harren punt krêft by te setten. Dêrby is it ek goed om te beseffen dat faak praat wurdt oer de groep 'asylsikers' of 'migranten'.
As der in ynsidint mei in asylsiker fan in bepaalde befolkingsgroep is, is dat maklik op de hiele groep te plakken ("asylsikers binne krimineel"), wylst de groep asylsikers folle grutter is en hiel ferskaat is.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de feilichheid by azc's bygelyks nei dizze reportaazje fan ûndersyksprogramma Pointer.