Noardlike omroppen winne LangmanPrijs 2025: "Weten de regio thuis te brengen"
Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord hawwe mei 'Stand van Noord-Nederland' de LangmanPrijs 2025 wûn. De sjuery oardiele dat de omroppen mei it programma bydrage oan de noardlike opinyfoarming, sûnder dêrby de eigen identiteit te ferliezen.
Stân fan Noard-Nederlân is it fiifdielige programma dat de ekonomyske situaasje fan de noardlike provinsjes bepraat. It programma is mei ta stân kaam troch stipe fan SER Noord-Nederland.
Mei it programma "weten de omroepen de regio thuis te brengen", mient sjueryfoarsitter Jouke de Vries.
"Deze organisaties zijn een broedplaats voor talent en in tijden van échte crises spelen ze een cruciale rol in de communicatie", mient De Vries. "Bovenal zijn ze dragers van het Noordelijk karakter en het gevoel dat bij Noorderlingen hoort. Ze vinden elkaar in het Noordelijk geluid."
Wat is de LangmanPrijs?
De LangmanPrijs wurdt takend oan in persoan of ynstânsje dy't in wichtige ynfloed hat op de Noardlike ekonomy of opinyfoarming. De priis is in inisjatyf fan Stichting Noord-Nederland. It is de achtste kear dat de priis útrikt waard.
Nammejouwer is Harrie Langman. Hy wie as minister fan Ekonomyske Saken fan grut belang foar Noard-Nederlân.
By de Nijjiersresepsje Noard-Nederlân yn Martiniplaza yn Grins waard tiisdeitejûn de winner bekend makke. Hjir wie in grutte groep ûndernimmers en bestjoerders oanwêzich. In team fan (haad)redakteuren, direkteuren, presintatoaren en programmamakkers namen dêr de priis yn ûntfangst.