It Noarden rûkt kânsen, no't Definsje miljarden te besteegjen hat
Ynnovative fleantúchtrappen, tûke wettersuvering en reservisten dy't oplaat wurde ta ynljochtingsoffisier. It Noarden rûkt kânsen by Definsje. "We zitten hier omdat we de kracht van de regio zien", seit definsjegesant Marnix Modderman.
Bedriuwen, ûnderwiis en oerheid sykje inoar op om miljarden oan militêre euro's hjirhinne te krijen.
Definsje hat miljarden ta har beskikking en siket yn rap tempo nei ynnovative oplossingen, avansearre technology en betroubere taleveransiers. Dat hawwe Grinslân, Fryslân en Drinte te bieden, mar dan moatte bedriuwen wol witte wêr't se oanklopje moatte.
En dat is dreech, want de militêre organisaasje en it mkb of it ûnderwiis wurkje hiel oars.
Hoe't de regio profitearje kin fan it wurkjen foar de militêre organisaasje komt oan bod yn 'e twadde ôflevering fan Stand van Noord-Nederland. Dat is it ekonomyprogramma fan RTV Noord, RTV Drenthe, Omrop Fryslân en Sociaal Economische Raad Noord-Nederland.
Definsje siket, Noard-Nederlân biedt oan
Marnix Modderman foarmet as regiomanager fan MINDbase Noord (Military INnovation by Doing) de skeakel tusken Definsje en it noardlik bedriuwslibben: "We zien hier in de regio ontzettend veel innovatie. Wij denken dat ondernemingen hier kunnen bijdragen aan betere middelen voor onze militairen. Daarvoor zitten we hier."
Ien fan 'e bedriuwen dy't dêr no al fan profitearret, is Roossien Hoogwerktechniek yn Kolham. Direkteur Eddy Roossien leveret treppen en tagongssystemen foar ûnder oare F-35's.
"We hebben het hier niet over een standaardproduct. In deze trap zitten tientallen uren tekenen en ontwerpen. Het was een lastig traject, maar de opdracht van Defensie heeft ons groei opgeleverd. Inmiddels leveren we ook aan Polen, Finland en Amerika."
Hy fertelt dan ek grutsk: "Ook onze koning heeft op zo'n trap gestaan."
Min tagonklik
Saken dwaan mei Definsje is lykwols net sa maklik. Margriet Bouma fan Metaalunie Noord neamt it "een log bolwerk met veel loketten". Dêr saken mei dwaan is foar mkb'ers in behoarlike útdaging.
"Niet ieder bedrijf hoeft rechtstreeks met Defensie te werken, veel zijn toeleverancier in de keten", seit Bouma. "Maar dan moeten die bedrijven wel weten waar ze moeten beginnen."
Dêr komt MINDbase yn byld. Modderman leit út dat Definsje wurkeet oan in regioteam dêr't provinsjes en ûntwikkelingsmaatskippijen lykas de noardlike NOM yn gearwurkje om dy tagong te ferbetterjen.
Sjoch hjir nei de folsleine ôflevering fan Stand van Noord-Nederland:
"We zoeken nadrukkelijk ook het contact met kleinere bedrijven, start-ups en scale-ups die nu nog geen idee hebben dat hun civiele product ook militair inzetbaar kan zijn."
Lykas Watter, in bedriuw yn Tynaarlo dat wetter suveret sûnder gemikaliën. "Ze leveren nu aan de civiele markt", seit Modderman. "Wij onderzoeken of hun systeem ook inzetbaar is in het veld. Zodat militairen geen vrachtwagens vol waterflessen mee hoeven te nemen op missies."
Underwiis yn kazernes
It ûnderwiis spilet ek in rol yn 'e tanimmende gearwurking tusken Definsje en de regio. De Thorbecke Academie liedt studinten op yn feilichheidskunde en bestjoersrjocht, en wurket in soad gear mei kazernes en de Veiligheidscampus yn Assen, Grins en Ljouwert.
"Onze studenten oefenen samen met Defensie", leit direkteur Richard Delger út. "Sommigen volgen een reservisten-minor richting intelligence."
In gearwurking dy't neffens Delger yn twa moannen regele wie. Dat lit neffens him sjen dat gearwurkjen net hiel dreech hoecht te wêzen.
Ynternasjonale oanwaaks
Neffens Delger sjocht it ûnderwiis mear potinsje: "We leiden niet alleen op voor Defensie, maar ontwikkelen ook samen met bedrijven producten die nuttig zijn voor zowel militaire als civiele toepassingen."
Mar hy pleatst wol in kanttekening: sûnder goed oplate minsken is groei net mooglik: "We moeten internationaal werven voor mbo en hbo. Alleen met studenten uit het Noorden gaan we het niet redden."
Bedrijven moeten stoppen met elkaar beconcurreren en meer in ketens denken.
In punt dat oan tafel hieltyd weromkomt is it belang fan gearwurking tusken net allinnich regio's, mar ek tusken bedriuwen. "Bedrijven moeten stoppen met elkaar beconcurreren en meer in ketens denken", fynt Bouma. "Als één bedrijf de deur opent bij Defensie, kunnen anderen mee. Zwaan-kleef-aan."
Dochs bliuwe der tûkelteammen. Oanbestegings dy't Definsje útskriuwt binne yngewikkeld, opdrachten freegje faak hege foarynvestearrings en trajekten kinne lang duorje.
Dêr komt noch by dat produksje foar en de sivile en de miltêre merk freget om strikte skieding en geheimhâlding. "Dat zijn serieuze randvoorwaarden", erkent Bouma.
Definsjeregio
De tafelgasten fine inoar op it punt dat Noard-Nederlân it yn him hat om in folweardige definsjeyndustry op te bouwen.
Stand van Noord-Nederland
Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op tiisdei om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.
Yn Drinte leit al in konkreet plan: it bidboek 'Drenthe Staat paraat', dêr't de provinsje mei ynset op in yndustrygebiet yn it Hunzedal, spesjaal foar Definsje. "In Emmen zit veel expertise, van duurzame kunststoffen tot dronetechnologie", stelt Delger.
Grinslân kin him neffens Modderman profilearje mei keunstmjittige yntelliginsje, en Fryslân mei sensortechnology en wetterkampussen. "Elke provincie heeft z'n kracht. Wij proberen te verbinden."
Het gaat niet om het Noorden een gunst bewijzen. Wij zoeken hier de kwaliteit die er zit.
Moatte bedriuwen benaud wêze dat Definsje aanst minsken by harren weihellet? "Nee", seit Roossien. "We staan pas aan het begin. De belangstelling van Defensie opent juist deuren. Je moet als ondernemer niet afwachten, maar in actie komen."
Nije wyn
De tafel fan Stand van Noord-Nederland sjocht in sterk fertrouwen dat de trije noardlike provinsjes profitearje kinne fan 'e nije wyn dy't troch it militêre lânskip waait.
Betingst is wol dat it slagget om minsken op te lieden, bedriuwen te ferbinen en in heldere mienskiplike strategy te ûntwikkeljen. Sa as Modderman it seit: "Het gaat niet om het Noorden een gunst bewijzen. Wij zoeken hier de kwaliteit die er zit."