Omrop Fryslân

Definsje oefenet mei Fryske sikehuzen: "Essentie ligt op aanrijden en overdracht"

Definsje en Frisius MC
© Omrop Fryslân
Fryske sikehuzen oefenje dizze wike mei Definsje. Wat moat der barre as by in gefjocht in soad ferwûnen falle en Definsje de regionale soarch brûke moat?
Pasjinten fan de sikehuzen yn Ljouwert, It Hearrenfean en Snits hoege net raar op te sjen fan de minsken yn griene pakken fan Definsje by de earste help.
Yn it senario dat oefene wurdt, slagget it de militêren net om in fjildhospitaal op te setten en dus moatte se de regionale sikehuzen brûke om de ferwûnen te helpen.
"Wy binne sels de earste opfang foar de pasjinten", fertelt pelotonskommandant Anna, dy't leaver net mei efternamme neamd wurde wol. "Mar as sy bygelyks nei in sjirurch moatte, dan wolle wy se fierder bringe nei it sikehûs. Dat is wat wy hjir oefenje."

Eigen sikehûs fol

It senario kin him foardwaan yn bygelyks in bûtenlânske oefening, wannear't Definsje gjin eigen sikehûs mei hat of as dat eigen sikehûs fol leit. "Dan moatte wy dus sjen nei sivile sikehuzen."
Definsje oefenet mei Fryske sikehuzen
En dat is even oanpasse. De sike-auto fan Definsje hat grutte antennes. Dy binne nei ûnderen spand en sa past er krekt yn de ambulânsehal fan it Frisius MC yn Ljouwert.

Ferskil yn kommunikaasje

Ek de kommunikaasje en protokollen binne by Definsje krekt oars as by it sikehûs. It oerdragen fan in pasjint - dus it melden fan bloedwearden, de situaasje fan de pasjint en watfoar medisinen al jûn binne - giet fia in oare wize fan kommunisearjen.
"Dat kinst op ferskillende manieren oan elkoar fertelle. Wy oefenje hoe't je dêrmei omgeane", seit Anna.
Pelotonskommandant Anna
© Omrop Fryslân
Libbensecht is de oefening net. Der rinne gjin akteurs mei bloed op it gesicht om en ambulânsen komme leech oan.
"Bij zo'n oefening zijn acteurs niet nodig, de essentie ligt op aanrijden en overdracht", seit Marjan Tijtsma, krisiskoördinator fan it Frisius MC.
Yntusken is it wichtich dat de earste help oan echte pasjinten gewoan trochdraaie kin.
"Daarom hebben we de oefening gesplitst", fertelt Tijtsma. "Die vindt echt alleen plaats in de ambulancehal en niet op de spoedeisende hulp zelf."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.