Omrop Fryslân

De echte Flodder-auto krijt yn Drachten wer syn rôze kleur: "Niets mooiers”

Grutske eigener Moreno Kroes mei syn Chevrolet Caprice 1973
© Omrop Fryslân
Teunis Spits fan Future Relics út Drachten hat in bysûndere put oannaam. Hy makket de orizjinele Chevrolet Caprice út de earste Flodder fan 1986 wer sa't er wie yn de film.
"Vies en goor, deuken erin, hoeken verf eraf..." Entûsjast fertelt Spits oer wat de auto te wachtsjen stiet.
Teunis is spesjalisearre yn it patinearjen fan auto's, sadat se âld lykje. Mar dizze opdracht giet noch in stap fierder.
Want de auto moat earst rôs spuite wurde en dêrnei moat der noch mei ferve rust en smoargens op makke wurde.
De auto sa't er yn de film Flodder te sjen wie
© Omrop Fryslân
Grutske eigener fan de Amerikaanske slide is Moreno Kroes fan De Lemmer. Hy hat de Chevrolet al fiif al jier yn syn besit.
"Eartiids wie ik wol gek fan de film, mar ik bin foaral gek op Amerikaanske auto's."
"Ik haw altyd roppen: 'Ik wol letter ek sa'n auto!' En sa komst 'm tsjin op Facebook. Dy moast ik hawwe."

De film Flodder

De film Flodder fan regisseur Dick Maas út 1986 giet oer de asosjale famylje Flodder dy't by wize fan eksperimint yn de djoere fillawyk Zonnedael in hûs tawiisd krijt.
Soan Johnny (Huub Stapel) rydt yn in rôze Chevrolet, dy't úteinlik yn brân fljocht troch in molotovcocktail.
Nei de film is de auto opkalfatere: de dûken binne derút slein, alles is tichtplamuere en hy waard wyt spuite. Sa kaam de auto wer yn 'e hannel.
"Er hebben mensen heel lang in omgereden zonder dat ze wisten dat ze een auto uit een bekende film hadden", laket Teunis.
Teunis Spits is spesjalisearre yn it wer 'âld' meitsjen fan auto's
© Omrop Fryslân
Mar Moreno wist troch guon details en plakjes op de auto dat it de orzjinele film-auto wie.
De Chevrolet út 1973 is noch yn goede steat, om't der net in soad mei riden is. Moreno brûkt 'm foar oldtimertochten en -meetings.
Teunis is spesjalisearre yn rusteffekten, hy hat de opdracht krigen om dizze auto te 'roestaureren'.
Moreno Kroes
Mar no makket it wyt plak foar rôs.

Wer rôs foar it jubileum

"Dit jier is it 40 jier lyn dat er brûkt is yn de film. Ta eare fan dat jubileum lit ik 'm no wer meitsje sa as yn de film. Teunis is spesjalisearre yn rusteffekten en smoargens, dêrom hat hy de opdracht krigen om dizze auto te 'roestaureren'."
"Der is in jubileumfeest, dêr wolle se dizze auto ek by hawwe, dêr gean ik dan hinne", fertelt de Lemster.
De manlju brûke foto's om te sjen hoe't de auto der yn de film útseach
© Omrop Fryslân
Oan de hân fan filmbylden en foto's siket Morena presys út hoe't de Chevrolet derút seach yn de film.
"Ast sa'n auto hast, dan wurdt der wol kontakt mei dy socht troch fans dy't guod hawwe, sa haw ik der foto's by krigen. Ik haw sels noch kontakt mei de earste eigener."
De auto hat yn de film flink wat te lijen hân
© Omrop Fryslân
Teunis wiist in plak by de tsjilkast oan.
"Op basis van de film moet hier een kaal stuk metaal zitten. Hoe we dat gaan doen, moeten we nog zien. Misschien moet ik dat kaal schuren. En onder een aluminium strip hebben we de originele roze kleur terug kunnen vinden."

Leaver de auto as Tatjana

De Drachtster is ek in grut leafhawwer fan Amerikaanske auto's.
"Niets mooiers dan een dikke Amerikaan waar ruig mee omgereden wordt."
De Flodder-film kin syn goedkarring ek wol lije.
"Machtig! En natuurlijk Tatjana (Tatjana Simic, spile de rol fan seksy Kees, red.), dat was naast de auto ook wel aantrekkelijk. Maar als ik moest kiezen tussen Tatjana en de auto, dan ging de auto mee."
De rustplakken wurde mei ferve op de auto makke
© Omrop Fryslân
It measte wurk oan it projekt, lykas it skjirjen, is yntusken dien. No folget noch it spuitsjen.
Mar yn it patinearjen giet ek in soad tiid sitten.
"We moeten verschillende kleuren bruin uitzoeken om dat oliesmerige gevoel te pakken te krijgen. We maken met een kwast de roeststippen. Dolly Parton zei het al eens: 'It costs a lot to look this cheap'.

Fan kreas nei ûnsjoch

Al makket de autoskilder de auto no ûnsjoch, dochs genietet hy fan it putsje.
"Ik loop al vanaf november te stuiteren. Het is de leukste klus van het jaar!"
Ein jannewaris moat de auto klear wêze en der wer krekt sa út sjen as yn de film: âld, smoarch en rustich.
Sjoch hjir nei de reportaazje fan HEA! oer de Flodder-auto fan Moreno:
Moreno bringt de orzjinele 'Flodderauto' wer yn âlde steat: "Hy wurdt 'roestaureerd'

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.