De âldste elektryske auto fan de wrâld stiet yn Ljouwert
't Andere Museum
Bysûndere histoaryske auto's, âlde radio's en iuwenâld kantwurk: it is allegearre te sjen yn 't Andere Museum yn Ljouwert. Bygelyks de âldste noch ridende elektryske auto fan de wrâld, de Baker Queen Victoria út 1907.
It partikuliere museum fan de famylje Geersing oan de Oostersingel lit foaral de kolleksjes sjen fan oprjochter Marchienes en syn frou Mayken.
Geersing senior hâlde bot fan technyk en sammele âlde auto's. Eltse famyljefakânsje waard der wol wer earne ien op 'e kop tikke, fertelt soan Jan-Kees. Hy swaait no de skepter yn it museum nei it ferstjerren fan syn heit.
Foar Mayken is antyk kant sammelje, mar ek sels kantklosse, noch altyd in belangrike hobby. Sy lit har wurk graach sjen oan de besikers.