Moreno fan De Lemmer hat de orizjinele Flodder-auto kocht: "Koe de kâns net lizze litte"
De ikoanyske Chevrolet út de film 'Flodder' stiet no op De Lemmer. Moreno Kroes hat de oldtimer kocht, mar de rôze kleur sit der net mear op.
"Ik seach altyd graach nei de searje en de films", fertelt Kroes. "As lyts jonkje sei ik al: ik wol ea sa'n auto hawwe. Doe't dizze te keap stie, koe ik de kâns fansels net sjitte litte."
It giet om in Chevrolet Caprice út 1973. Al is de auto dus net de jongste mear, hy is noch yn goede steat. "Hy is hast net brûkt yn de ôfrûne 35 jier, dus hy sjocht der noch moai út."
By it sjen fan de auto bliuwt wol ien fraach hingjen: wêr is dy rôze kleur?
"Wa wit komt dy wol werom", jout Kroes oan. "Takom jier is it 40 jier lyn dat de earste Flodderfilm útkaam. Miskien is dat it goeie momint om de auto wer yn syn orizjinele kleur sjen te litten."
Foarearst brûkt Kroes de wein yn de neutrale kleur noch foar oldtimerritsjes en meetings.
De auto smyt ûnderweis reaksjes op. "Wêr't ik ek kom, minsken witte fuortendaliks wêr't er fan is. Faak sizze se: 'hé, dat liket de auto út Flodder wol!' As ik dan fertel dat it de orizjinele is, fine se dat prachtich."
Lege ferwachtingen fan spin-off
Op dit stuit wurdt in spin-off fan 'Flodder' makke. Kroes syn auto komt dêr lykwols net yn foar. "Ik ha de fraach wol krigen, mar myn auto is noch wyt en alles moast hiel rap regele wurde, dus dat haw ik net dien."
Foar de nije searje wurdt de auto út de lêste searje brûkt. Kroes sit nei alle gedachten wol foar de telefyzje as it útstjoerd wurdt.
"Mar earlik sein tink ik net dat it ea itselde wêze sil as eartiids. Ik twivelje oft it hielendal past yn de tiid fan no. As ik myn ferwachtingen leech hâld, kin it allinnich mar tafalle."