Omrop Fryslân

Hielke en Perry meitsje fan in boupakket in topmodel

Hielke en Perry meitsje fan in boupakket in topmodel
Heit Hielke en soan Perry Hempenius út Balk binne gek op âlde auto's. De leafde foar klassikers diele se al jierren.
Se binne ea begûn mei âlde 'lelike eintsjes', mar nei ferrin fan tiid hiene se dêr har nocht fan. Op syk nei wat bysûnders strunen se it ynternet ôf en dêr kamen se in Citroën AC5 út 1929 tsjin.
De auto lei doe hielendal útinoar, yn losse ûnderdielen en doazen. Tegearre ha se de auto wer hielendal ynelkoar set.
De Citroën is ûnderwilens al 96 jier âld, mar rint noch altyd prachtich en is in opfallende ferskining op de dyk. "As we ride mei moai waar, stekt elkenien de hân omheech. De measten wurdearje it hiel bot dat wy dit spul ridende hâlde."
Yn de loads steane noch mear Citroëns en Amerikaanske auto's, dêr't Hielke en Perry de kommende tiid noch drok mei oan 'e slach geane. "De hobby wurdt hieltyd wat grutter", beslút Hielke.
Foar harren is it dúdlik: de leafde foar âlde auto's hâldt nea op.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.