HEA! In spesjaal gefoel foar in oldtimer

HEA! Spesjaal gefoel foar in auto
Herbert Rink fan Boalsert is de lekkaazje yn syn wurkpleats oan it reparearjen. Mei syn maten kin er dan wer mei syn 'rare hobby' oan de gong, sa seit er sels. Oldtimer Volvo's foarmje harren grutte leafde, dêr kloppet it hert flugger fan.
It is de 'no-nonsens', stoere en deeglike útstrieling fan de auto. Mar eins is it net goed út te lizzen. It sit 'm yn it gefoel wat er derby hat.