Omrop Fryslân

Jorrit Bergsma flikt it wer: "It wie echt bealgje"

Ferromming by Jorrit Bergsma
© Dijks Media
Hy sil, krekt as fjouwer lyn, wer as âldste Nederlânner nei de Olympyske Spelen. Hy pleatst him sa goed as wis foar de Spelen mei in twadde plak op it OKT. "Mar dit moast wol echt út de teannen komme."
Soms hat er der wolris problemen mei. Goed sliepe, in nacht foar de wedstriid. Troch spanning en stress.
"Ik ha ditkear wol goed sliept hear. Ik koe it wol loslitte. Dy tsien kilometer spûket wol hieltyd troch myn holle. Mar it hat kwa sliepen gjin probleem west."
Dat wie in meifaller, want troch in minne tiid op de 5.000 meter wie er wol wat segrinich.
"Yn de trainingen ried ik hieltyd wol goed, dus dy fiif kilometer wie echt in teloarstelling."

Van de Bunt de grutte ferrassing

Foardat Bergsma yn aksje kaam, moast Stijn van de Bunt. De grutte revelaasje fan dit toernoai. Ek no sette hy mei 12.36,35 in geweldige tiid del.
"Dy rydt sa'n goed toernoai, sa ûnbefongen", sa seit Bergsma. "Hy is ek hartstikke goed. Want as je sokke tiden ride, dan binne je net min fansels."
Jorrit Bergsma oer syn tsien kilometer
De tiid fan Van de Bunt wie te goed foar Bergsma, sa wist hy eins yn it foar al. Dus moast Bergsma him rjochtsje op de tiid fan Marcel Bosker. Dy hie, doe Bergsma yn de lêste rit op it iis kaam, krekt de twadde tiid delsetten.
Syn trainer, Arjan Semplonius, wie bliid mei hoe't Bergsma ried. "We hiene him echt oan in toutsje. Hy ried wat wy nedich fûnen. Dat die er sa goed."

30,5 ride, dan komt it wol goed

Yn de race hie Bergsma wol yn de gaten hoe't de flagge derby hong.
"Ik wist wol dat ik ûngefear 30,5 ride moast. Mar dy rondes kamen net sa maklik. It woe minder maklik as ik tocht. Ik moast echt noch bealgje oan de ein. Mar it wie genôch"
Jorrit Bergsma
© Dijks Media
Earder dit jier, op 2 novimber, waard hy Nederlânsk Kampioen op de tsien kilometer. Doe wie Bergsma trije sekonden rapper as no.
"It NK gong echt better. Doe ried ik better fanút de ûntspanning. No moast ik 'm echt ûnder de 30,5 drukke. Dit kaam echt út myn teannen."
Fjouwer jier lyn pleatste Bergsma him mei syn 36 jier foar de Spelen. No, as hy wer mei, is hy dan 40 jier en sil hy wer de nestor fan it team wêze.
"It is foaral opluchting. Omdat der safolle druk op siet."

Programma Olympysk Kwalifikaasjetoernoai

Moandei 29 desimber
18.15 oere - 1.500m froulju
19.11 oere - 1.000m manlju
Tiisdei 30 desimber
17.45 oere - 5.000m froulju
18.58 oere - 1.500m manlju
Hûndert prosint is hy noch net wis fan pleatsing. It twadde plak op de tsien kilometer stiet op it fyftjinde plak fan de matriks. Hoe grut is de kâns dat pleatsing sa goed as wis is?
"Dat wit ik net. Dat is oan de hege hearen. Ik ha dien wat ik dwaan moat en de rest sjoch ik wol."

Matriks-perikelen

Mocht hy net by de earste njoggen riders einigje yn de matriks, dan is der noch in oare rûte foar Bergsma. Der is nammentlik in oanwiisplak foar de massastart. En de kâns is reëel dat hy dat plak krijt.
En dan is der noch de ploege-efterfolging. Want wa sille dy ride? En sil Bergsma him dêr ek beskikber foar stelle?
"Dêr ha ik noch hielendal net oer neitocht."

De matriks foar manlju

Plak Namme/ôfstân Plak Namme/ôfstân
1 Massa-start (oanwiisplak) 10 Stijn van de Bunt (10.000 meter nr 1)
2 1.000m nr 1 11 Sebas Diniz (500m nr 2)
3 Jenning de Boo (500 meter nr 1) 12 1500 meter nr 3
4 1500 meter nr 1 13 Marcel Bosker (5.000m nr 3)
5 1.000 meter nr 2 14 Joep Wennemars (500m nr 3)
6 Stijn van de Bunt (5.000m nr 1) 15 Jorrit Bergsma (10.000 nr 2)
7 1.000 meter nr 2
8 Chris Huizinga (5.000m nr 2)
9 1.500m nr 2

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.