Praatklupke helpt Groenewoud nei de Olympyske Spelen: "Ik moat de senuwen fan my ôf prate"
Marijke Groenewoud kin har opmeitsje foar har twadde Olympyske Spelen. Se pleatste har sneon op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai yn Thialf op de 3.000 meter.
Se liket sa'n koele kikkert. Mar op dagen as dizze twadde dei fan it OKT is sels Groenewoud net sa rêstich sa as se altyd liket.
De grienblauwe brigade fan Albert Heijn Zaanlander ferbliuwt dizze dagen yn in hotel yn Dolsterhuzen. En dêr fernaam Groenewoud sneon yn de rin fan de dei wer opkommen wat har by it wrâldkampioenskip ôfstannen foarich seizoen op de 3.000 meter sa opbruts: senuwen.
"Ik hie der hjoed wol aardich lêst fan", seit Groenewoud. "Ik ha dit jier noch net sa senuweftich west as hjoed."
Marijke Groenewoud foar de twadde kear nei de Olympyske Spelen
It ferskil mei it WK ôfstannen fan foarich jier wie dat se doe, yn it Noarske Hamar, nei eigen sizzen in hertslach fan 150 hie by de start. Dat wie no oars.
"Ik hie it hjoed better ûnder kontrôle as ferline jier. Dêr bin ik ek hiel bliid mei."
Mei tank oan in petear mei har coaches. "Ik ha foarôf mei Daan (Breeuwsma, red.), Jillert (Anema, red.) en Arjan (Samplonius, red.) praat en dêr koe ik myn spanning in bytsje kwyt."
Ik moat it fan my ôf prate. Dat ha ik hjoed dien en dat hat in hiel goed learmomint west.
Wa't in hiel djipgeande praatsesje ferwachtet, hat it lykwols by de ferkearde ein.
Want wat hat Groenewoud krekt mei se bepraat? "Dat ik senuweftich bin. It allinnich sizze en it deroer ha, is al in hiele stap foar my. Ik moat it fan my ôf prate. Dat ha ik hjoed dien en dat hat in hiel goed learmomint west."
Ferlichte fan in hiel soad druk, ried Groenewoud op de 3.000 meter nei 3.54,73. Se fersloech regearjend wrâldkampioene Joy Beune en die dat yn de fluchste tiid fan de dei. Én yn in persoanlik rekôr.
"Ik ha mysels wol in bytsje ferrast", jout de ynwenster fan Grou ta. "It doel wie gewoan pleatse. As je winne, is dat ekstra moai. Mar pleatse stie foarop."
Krekt gjin baanrekôr
It like der lang op dat Groenewoud in baanrekôr ride koe. Uteinlik kaam se 0,69 sekonde tekoart om it rekôr fan Irene Schouten út de boeken te riden.
"Ik ha yn myn iepening noch wol wat lizze litten. En oan de ein lit ik him in bytsje oprinne", is de selskrityk fan Groenewoud.
"Ik tink dat Schouten him dêr wat flakker hold. Dêr ferlies ik it miskien op. Mar ik bin hiel bliid mei myn persoanlik rekôr."
Prestaasjematriks froulju
| Plak | Namme/Ofstân | Plak | Namme/Ofstân |
| 1 | 500m nr 1 | 10 | Joy Beune (3.000m nr 2) |
| 2 | 1.500m nr 1 | 11 | 500m nr 2 |
| 3 | Massastart (oanwiisplak) | 12 | 500m nr 3 |
| 4 | Marijke Groenewoud (3.000m nr 1) | 13 | Merel Conijn (3.000m nr 3) |
| 5 | Femke Kok (1.000m nr 1) | 14 | 1.500m nr 3 |
| 6 | 5.000m nr 1 | 15 | Naomi Verkerk (1.000m nr 3) |
| 7 | Suzanne Schulting (1.000m nr 2) | ||
| 8 | 5.000m nr 2 | ||
| 9 | 1.500m nr 2 |
Groenewoud is de tredde Friezinne dy't har pleatst foar de Olympyske Spelen. Freed slaggen Femke Kok en Suzanne Schulting dêr al yn op de 1.000 meter.
Mooglik dat it foar Groenewoud net by ien ôfstân bliuwt yn Milaan; se kin har moandei noch pleatse op de 1.500 meter en tiisdei op de 5.000 meter. En fan de massastart op de Spelen liket se as regearjend wrâldkampioen ek al wis te wêzen, krekt as op de ploege-efterfolging.
Gewoanwei hie Groenewoud freed ek riden yn Winterswijk. Dêr waard de earste maraton fan dizze winter op natoeriis riden.
"Ik ha der wol even oan tocht, mar it OKT wie belangriker", laket Groenewoud, dy't foarich jier noch dy earste natoeriis maraton op har namme skreau. "Dus ik ha ek net hiel bot twivele. Ik ha it der net iens mei de coaches oer hân. Dit stiet foarop it wykein."
Programma Olympysk Kwalifikaasjetoernoai
Snein 28 desimber
16.30 oere - 1e 500m froulju
17.12 oere - 10.000m manlju
19.22 oere - 2e 500m froulju
16.30 oere - 1e 500m froulju
17.12 oere - 10.000m manlju
19.22 oere - 2e 500m froulju
Moandei 29 desimber
18.15 oere - 1.500m froulju
19.11 oere - 1.000m manlju
18.15 oere - 1.500m froulju
19.11 oere - 1.000m manlju
Tiisdei 30 desimber
17.45 oere - 5.000m froulju
18.58 oere - 1.500m manlju
17.45 oere - 5.000m froulju
18.58 oere - 1.500m manlju