It OKT yn Thialf stiet foar de doar: dit moatst witte
Nederlân hat folle mear goede reedriders dy't ynternasjonaal potten brekke kinne as dat der plakken binne op de Olympyske Spelen yn Milaan. Wa't foar ús lân útkomme mei, wurdt bepaald mei it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai én de prestaasjematriks. Hoe't dat wurket? Wy lizze it út.
Meidwaan oan de Olympyske Spelen is in dream foar in soad reedriders, mar foar Nederlân meie mar njoggen manlju en njoggen froulju yn febrewaris meidwaan op de fiif yndividuele ôfstannen.
Dy startplakken fertsjinnen de Nederlânske riders yn de earste fjouwer wrâldbekers fan dit seizoen. Mar dit binne startplakken as lân, en dus noch net foar yndividuele riders.
Om te soargjen dat Nederlân aansen yn Milaan wer in grut oantal medaljes pakt, hat reedrydbûn KNSB in livich seleksjedokumint opsteld en dêrby heart ek de prestaasjematriks.
Wat is de prestaasjematriks en hoe wurket it?
Yn it koart is de prestaasjematriks in tabel dêr't yn beskreaun stiet op hokker ôfstannen oft Nederlân de grutste medaljekâns hat.
De KNSB hat de matriks opsteld yn gearwurking mei de Rijksuniversiteit Groningen en sporttechnologybedriuw Sportsradar op basis fan útslaggen fan it ôfrûne jier en tûzenen simulaasjes.
Mei de útslaggen op it OKT wurdt de matriks ynfolle en kinne reedriders harren pleatse foar Milaan.
By de froulju komme de winners fan de fiif ôfstannen op it OKT boppe-oan yn de matriks. Tegearre mei de massastart (dêroer letter mear) stean dy op de earste seis plakken yn de matriks.
De 500 meter stiet op it earste plak, mei tank oan de dominânsje fan Femke Kok op dat ûnderdiel. Sy wûn tolve wrâldbekers op in rige en is dêrmei de grutste kânshawwer op goud yn Milaan.
Efter de winners wurdt it ôfwachtsjen hokker riders nei de Spelen meie. Marrit Fledderus stie yn de wrâldbekers al in kear op it poadium, mar it twadde plak op de 500 meter fan it OKT stiet op plak alve yn de matriks.
Wat yn harren foardiel wêze kin is dat der dûbele winners binne op ôfstannen. Wint Joy Beune de 1.500 én de 3.000 meter, dan skoot de nûmer tsien op de matriks troch nei de seleksje.
Wint Kok de 500 meter (plak 1) en wurdt se twadde op de 1.000 meter (plak 7), dan komt de rider op it alfde plak yn de matriks al yn byld.
By de manlju is de kâns op yndividueel goud net sa grut as by de froulju.
De winner fan de 10.000 meter is bygelyks net wis fan in plak op de Spelen, yn de matriks stiet dat op it tsiende plak.
It earste plak op de 5.000 meter stiet ûnder it twadde plak op de 1.000 meter. Ek it tredde plak op de kilometer stiet heech yn de matriks: plak 7.
Dat hat alles te krijen mei de minne prestaasjes fan de manlju op de lange ôfstannen, wylst se op de koarte ôfstannen just wol sterk binne.
Hoe sit it mei de massastart en de ploege-efterfolging?
Mei Marijke Groenewoud en Jorrit Bergsma hat Nederlân op de massastart twa grutte kânshawwers foar medaljes, mar it ûnderdiel wurdt net riden op it OKT.
Wol stiet it heech op de matriks: by de manlju stiet it op it earste plak, by de froulju as tredde.
De riders foar de massastart én de ploege-efterfolging - dêr't benammen de froulju mei Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong in grutte kâns op in medalje hawwe - wurde keazen troch bûnscoach Rintje Ritsma.
Hy jout foar it OKT de nammen yn in slúf oan de seleksjekommisje mei de kandidaten dy't hy graach opstelle wol yn Milaan.
Nei it toernoai docht hy - op basis fan de yndividuele útslaggen - de offisjele foardracht fan de teams dy't hy opstelle wol op de Spelen.
Slagje ien of meardere riders der net yn om yndividueel in startplak te pakken foar Milaan, sil der skoot wurde moatte mei plakken op de matriks.
Programma Olympysk Kwalifikaasjetoernoai
Freed 26 desimber
15.00 oere - 1.000m froulju
15.47 oere - 5.000m manlju
15.00 oere - 1.000m froulju
15.47 oere - 5.000m manlju
Sneon 27 desimber
17.25 oere - 1e 500m manlju
18.09 oere - 3.000m froulju
19.15 oere - 2e 500m manlju
17.25 oere - 1e 500m manlju
18.09 oere - 3.000m froulju
19.15 oere - 2e 500m manlju
Snein 28 desimber
16.30 oere - 1e 500m froulju
17.12 oere - 10.000m manlju
19.22 oere - 2e 500m froulju
16.30 oere - 1e 500m froulju
17.12 oere - 10.000m manlju
19.22 oere - 2e 500m froulju
Moandei 29 desimber
18.15 oere - 1.500m froulju
19.11 oere - 1.000m manlju
18.15 oere - 1.500m froulju
19.11 oere - 1.000m manlju
Tiisdei 30 desimber
17.45 oere - 5.000m froulju
18.58 oere - 1.500m manlju
17.45 oere - 5.000m froulju
18.58 oere - 1.500m manlju
Dit giet dan mooglik ten koste fan oare riders dy't har wol yndividueel pleatst hawwe en by de earste njoggen yn de matriks steane.
Hoe sit it mei de oanwiisplakken?
Kok is foar Nederlân de grutste kandidaat foar goud en fertsjinnet op basis dêrfan in oanwiisplak, mar dochs begjint elkenien op nul oan it OKT. Dêr hat yn it ferline al hiel wat diskusje oer west.
Ald-reedrydster Ireen Wüst sei begjin desimber yn Thialf al dat wrâldrekôrhalder Kok in oanwiisplak krije moast. En riders as Joy Beune (wrâldkampioen op de lange ôfstannen) en Jenning de Boo (wrâldkampioen 500 meter) soenen ek in plak krije moatte, fine guon reedriders.
De seleksjekommisje fan de KNSB kin trije riders per sekse oanwize foar de Olympyske Spelen, mar dat wurdt net foar it toernoai dien.
Dat hat fansels te krijen mei it feit dat promotor House of Sports - dat de grutte reedrydtoernoaien yn Thialf organisearret - de grutste nammen oan de start ha wol op it OKT.
Boppedat wol de seleksjekommisje fan de KNSB in pear oanwiisplakken fêsthâlde foar it gefal de bêste riders foar de ploegenefterfolging of de massastart harren net yndividueel pleatste foar de Spelen.
Op dy wize is de seleksje foar de Olympyske Spelen noch net rûn at de lêste ôfstân op it OKT riden is. Dan sil de seleksjekommisje noch sjen oft alle ûnderdielen sa goed mooglik ynfolle binne.
Wat dúdlik is: foar elkenien stiet de druk op de tsjettel. Foar de topriders is it OKT ferskriklik, sizze guon. In hiel seizoen goed ride kin mei ien minne race fernield wurde.
Oarsom is it foar de mindere goaden harren momint om te piken en dat begeare plakje foar Milaan te pakken.