Liveblog
|
30 desimber 2025
OKT ta de ein: in wike fol spanning, sensaasje, frustraasje en blydskip
It Olympisch Kwalificaasjetoernooi sit derop. Wolst noch in kear alles werom lêze? Dan kin dat hjir.
Lêst bywurke: 30 desimber 2025, 19:41
tiisdei 30 desimber 2025
19:41
Ein livebloch OKT
It Olympysk Kwalifikaasjetoernoai sit derop. It wie in wike fol spanning, stress en sensaasje.
Uteinlik sil in romme Fryske enklave nei de Olympyske Spelen yn Milaan, dy't yn febrewaris binne.
De nammen op in rige: Femke Kok, Marijke Groenewoud, Antoinette Rijpma-de Jong, Anna Boersma, Suzanne Schulting, Jorrit Bergsma en dus mooglik Tim Prins.
Prins is noch net wis, dat hâlde wy foar dy yn de gaten de kommende tiid.
Tige tank foar it folgjen en wy winskje jimme alfêst in noflik nij jier!
Wolst noch in unyk ynsjochje efter de skermen ha op dit prachtige OKT? Sjoch dan nei it item hjirûnder.
19:37
Utslach 1.500 meter manlju
Tim Prins komt binnen op plak 3. Mar it is noch de fraach of hy nei de Spelen mei. Dat hinget noch ôf fan wa't it reedrydbûn KNSB oanwiist foar de ploege-efterfolging.
Dat hâlde wy fansels de kommende tiid noch foar dy yn de gaten.
Foar de folsleinens noch de útslach op de 1500 meter.
Utslach 1.500 meter manlju
| Rider | Tiid |
| 1. Joep Wennemars | 1.43.43 |
| 2. Tijmen Snel | 1.44.33 |
| 3. Tim Prins | 1.44,58 |
19:31
Tim Prins nei de Olympyske Spelen!
Jaaa hy docht it! Tim Prins kin mooglik mei nei de Olympyske Spelen. De Jouster komt op de 1.500 meter op in tiid fan 1.44,58.
Dêrmei komt hy op plak trije.
Joep Wennemars (1.43.43) wint en Tijmen Snel wurdt twadde mei 1.44.33.
19:16
Tim Prins moat ûnder de 1.46,33
Tim Prins moat rapper ride as 1.46,44. Dy tiid waard delset troch Serge Yoro.
De Amsterdammer stiet dêrmei op plak trije. Dat is genôch foar in Olympysk ticket.
In plak by de earste trije. Dat is it doel foar Prins.
19:14
Marijke Groenewoud felisitearret Conijn mei winst 5.000 meter
19:06
Earst Friezen sette tiid del
Yntusken hawwe de earste Friezen riden. Thijs Wiersma (Sint Nyk) wie de earste en komt op 1.49,25.
Jur Veenje fan Garyp dûkt dêr ûnder mei 1.48.26.
It sil lykwols net genôch wêze foar in plak by de earste trije (dy't rjocht jouwe op kwalifikaasje).
18:49
Belangrykste ritten 1.500 meter
Rit 9: Kjeld Nuis-Bart Hoolwerf
Rit 10: Tim Prins-Wesly Dijs
Rit 11: Tijmen Snel-Joep Wennemars
18:45
Dweilpauze en dan... Tim Prins
No is it dweilpauze en dêrnei komme we om 18.58 oere werom mei de 1.500 meter én Tim Prins.
18:41
De resultaten op de 5.000 meter by de froulju
Utslach 5.000 meter froulju
| Rydster | Tiid |
| 1. Merel Conijn | 6.43,46 |
| 2. Bente Kerkhoff | 6.46,73 |
| 3. Marijke Groenewoud | 6.48,82 |
| 4. Evelien Vijn | 6.56,37 |
| 5. Joy Beune | 6.57,07 |
18:32
Groenewoud rêdt it net!
Wat skande! Marijke Groenewoud is te let mei 6.48,82 en komt op it tredde plak.
Dat is net genôch om te starten op de 5.000 meter by de Spelen.
Merel Conijn en Bente Kerkhoff kinne de koffers pakke foar Milaan.
Wat betsjut dizze rit foar de kânsen op de massastart fan Groenewoud? Dat is in oanwiisplak troch bûnscoach Rintje Ritsma.
18:30
Groenewoud rydt wer foar op Beune
De rit tusken Marijke Groenewoud en Joy Beune is los.
Dat is de tredde kear dit toernoai dat beide froulju tsjin inoar ride.
Groenewoud wûn twa kear en ek no giet sy oan kop.
18:19
Groenewoud fan start, moat oan de bak
Der bart wer in soad yn Thialf! Merel Conijn rydt mei 6.43,46 ûnder de tiid fan har ploeggenoat Bente Kerkhoff.
Beide froulju fan AH Zaanlander binne fansels noch net wis fan de Spelen. Hjirnei folget de rit fan Groenewoud tsjin Beune.
Kin Groenewoud har beide ploeggenoaten oan?
18:15
Bente Kerkhoff op de matriks?
Bente Kerkhoff fan Oostwoud set de bêste tiid oant no ta del. Dat is in persoanlik rekôr mei 6.46,72.
Dêrmei leit se de latte heech foar Groenewoud.
18:04
Trije ritten ûnderweis
De 5000 meter is trije ritten ûnderweis. Seis riders hawwe dus op it iis west.
Fjouwer persoanlike rekôr hat dat opsmiten. Dat belooft wat foar de rest fan de dei.
Oant no ta is Esther Kiel fan Bloemendaal de lieder mei 7.06,34.
It wachtsjen is op de rit Groenewoud tsjin Beune.
17:27
We binne los op de 5000 meter!
We binne los mei de lêste ôfstân foar de froulju.
De 5.000 meter is begûn mei in rit tusken Maaike Verweij en Lieke Huizink.
Verweij is in rydster út de ploech fan Jillert Anema en wint har race yn 7.09,22.
17:10
Groenewoud wer tsjin Beune
Om 17.45 begjinne we mei de 5.000 meter froulju. De iennige Fries dy't yn aksje komt, is Groenewoud.
Dat is wol pas yn de lêste rit. Krekt as by de 1.500 en 3.000 meter moat se wer tsjin Joy Beune.
Lotting favoriten:
Rit 4: Bente Kerkhoff-Evelien Vijn
Rit 5: Merel Conijn-Sanne in 't Hof
Rit 6: Groenewoud-Beune
Allinnich de earste twa krije in startplak op de Spelen.
16:55
Fiif kear Marijke Groenewoud?
De famylje Groenewoud sil de list fan it OKT pontifikaal boppe de tv yn de wenkeamer te hingjen ha.
Marijke helle in ticket binnen foar de 1.500 en de 3.000 meter. De kâns is ek grut dat sy de massastart en de ploege-efterfolging ride sil.
Kin se har hjoed ek pleatse foar de 5.000 meter? Dêrfoar moat sy nei in earste of twadde plak ride.
Dêrmei soe se provinsjegenoat Anna Boersma in tsjinst bewize kinne. Sy waard tredde op de 500 meter. Dat plak is net 'feilich' op de matriks.
Allinnich as der njoggen ferskate froulju op de matriks stean, is sy wis. Mochten der mear nammen bykomme, dan kin der ien ôffalle.
Hoe mear dûbele nammen op meardere ôfstannen, hoe better foar Boersma.
Matriks froulju oant no ta
| Plak | Namme/Ofstân | Plak | Namme/Ofstân |
| 1 | Femke Kok (500m nr 1) | 10 | Joy Beune (3.000m nr 2) |
| 2 | Antoinette Rijpma-de Jong (1.500m nr 1) | 11 | Jutta Leerdam (500m nr 2) |
| 3 | Massastart (oanwiisplak) | 12 | Anna Boersma (500m nr 3) |
| 4 | Marijke Groenewoud (3.000m nr 1) | 13 | Merel Conijn (3.000m nr 3) |
| 5 | Femke Kok (1.000m nr 1) | 14 | Marijke Groenewoud (1.500m nr 3) |
| 6 | 5.000m nr 1 | 15 | Naomi Verkerk (1.000m nr 3) |
| 7 | Suzanne Schulting (1.000m nr 2) | ||
| 8 | 5.000m nr 2 | ||
| 9 | Femke Kok (1.500m nr 2) |
16:42
Matriks klear, hoe no fierder?
Nei hjoed is de matriks folslein ynfolle en witte wy wa't ûngefear nei Milaan kinne.
Op de Spelen meie mar njoggen riders de geslacht yn aksje komme. Dat betsjut dat riders ek oare ôfstannen ride meie, sûnder dêrfoar kwalifisearre te wêzen.
It is wichtich om überhaupt op de matriks te stean.
De kommende dagen wurdt de definitive seleksje bekend makke. Bûnscoach Rintje Ritsma stalt it team gear dat de ploege-efterfolging ride mei en wa't de massastart dwaan kin.
Op de muzyklist dy't de massastart hiet sjonge benammen de nammen fan artysten as Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud rûn.
Op de muzyklist dy't de massastart hiet sjonge benammen de nammen fan artysten as Jorrit Bergsma en Marijke Groenewoud rûn.
16:29
Tim Prins fjochtet foar lêste kâns op Spelen
Sa at je yntusken wend binne, stean der hjoed wer twa ritten op de planning. Ien foar de manlju en ien foar de froulju.
We begjinne om 17.45 oere mei de langste ôfstân foar de froulju: 5000 meter. Dêr besiket Marijke Groenewoud foar de tredde kear op de matriks te kommen.
Dêrnei om 19.11 oere de 1000 meter manlju. Tim Prins waard juster fjirde op de 1500 en mei dus noch net nei de Olympyske Spelen.
Kin hy hjoed in ticket binnen helje? Dêrfoar moat hy by de earste trije komme.
16:29
Lêste dei OKT
Goeiedei en wolkom op dizze fiifde en lêste dei fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai (OKT). It is in toernoai fol spanning, sensaasje, blydskip en frustraasje.
Dochs komt der spitigernôch nei hjoed ek wer in ein oan.
Mar gjin panyk, want dizze dei belooft noch in soad te bringen. De grutte fraach is: hellet Tim Prins Milaan? Dêroer letter mear.
Nei hjoed is de matriks folslein ynfolle en kin nei alle gedachten ek sein wurden wa't nei de Olympyske Spelen mei.
Wolst de matriks noch in kear besjen? Sjoch dan hjirûnder.
20:22
Dit wie de fjirde dei fan it OKT
En sa sit de fjirde dei fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai derop.
Moarn geane we fierder mei de fiifde en lêste dei. Tim Prins krijt dan noch ien kâns om de Olympyske Spelen te heljen. De Jouster sil fûl begien wêze om him op de 1500 meter yn de ploech foar Milaan te riden..
Oant safier it livebloch fan dei fjouwer fan it OKT. It programma fan moarn:
- 17.54 5.000m froulju
- 18.58 1.500m manlju
20:09
It stof is delkaam yn Thialf
We kinne de balâns opmeitsje nei de fjirde dei fan it OKT.
- Antoinette Rijpma-de Jong grypt de lêste kâns en pleatst har foar de Olympyske Spelen op de 1500 meter.
- Femke Kok hellet de triple oan startbewizen. Se rydt yn Milaan de 500, 1000 én 1500 meter.
- Marijke Groenewoud rydt mar wer ris in persoanlik rekôr, wat har in twadde ticket foar de Spelen opsmyt. Nei de 3000 meter mei se ek de 1500 meter ride.
- De druven binne soer foar Tim Prins. Hy mist in startbewiis foar de Olympyske Spelen op fiif tûzendsten, want hy wurdt fjirde op de 1000 meter.
- Jenning de Boo, Joep Wennemars en Kjeld Nuis pleatse harren wól op dy ôfstân.
19:41
De útslach fan de 1500 meter
De top fiif
| Rider | Tiid |
| 1. Jenning de Boo | 1.06,84 |
| 2. Joep Wennemars | 1.07,34 |
| 3. Kjeld Nuis | 1.07,541 |
| 4. Tim Prins | 1.07,546 |
| 5. Merijn Scheperkamp | 1.08,37 |
19:39
Bikkelhurd fjirde plak foar Prins
Net te leauwen. Tim Prins wurdt yn de slotmeters byhelle troch Kjeld Nuis en dy lêste komt fiif(!) tûzensten earder as Prins oer de finish.
Dêrtroch wurdt Nuis tredde en Prins fjirde. En rint de Jouster pleatsing foar de Olympyske Spelen op de 1.000 meter mis.
Kin it noch soerder?
19:37
Tim Prins rint pleatsing mis
Tim Prins docht it net. Hy pleatst him net foar de Olympyske Spelen! Op fiif tûzensten...
19:34
Tim Prins moat Scheperkamp foarby, en ek Wennemars?
Tim Prins wit wat er dwaan moat. De tiid fan Merijn Scheperkamp ferslaan, want dy stiet no tredde. De tiid 1.08,37. Of moat er Joep Wennemars ek foarby? Want dy stiet no twadde mei 1.07,34.
19:31
De Boo abnormaal goed
In persoanlik rekôr en de twadde tiid ea riden yn Thialf op de 1.000 meter. Jenning de Boo stiet mei noch twa ritten te gean earste mei in tiid fan 1.06,84.
Scheperkamp is no twadde mei 1.08,37 en Snel tredde mei 1.08,40.
19:28
Tijmen Snel de snelste
We binne sân ritten ûnderweis en de rapste tiid stiet op namme fan Tijmen Snel: 1.08,40.
Mar no komt Jenning de Boo.
Dêrnei:
- Wennemars-Dijs;
- Prins-Nuis.
19:21
Sa sjocht bliidskip derút!
19:15
Manlju binne ek los
Lang hoechde it publyk yn Thialf net te wachtsjen, want ûndertusken binne ek de manlju úteinset oan de 1.000 meter.
De earste trije ritten ha west. De fluchste tiid stiet op namme fan Stefan Westenbroek mei 1.09,40.
Tim Prins sjogge we yn de slotrit yn aksje, dan rydt er tsjin Kjeld Nuis. Soe Prins it foarbyld folgje fan de Fryske froulju?
18:54
Dweilpauze, aanst de 1.000 meter mei Tim Prins
Wy sjogge nei de iismasters en de zamboni. Tiid foar it dweilskoft dus.
Aanst melde we ús foar de 1.000 meter mei Tim Prins. Wy begjinne om 19.11 oere.
18:50
1, 2, 3
Utslach 1500 meter OKT
| Rydster | Tiid |
| 1. Antoinette Rijpma-de Jong | 1.53,027 |
| 2. Femke Kok | 1.53,038 |
| 3. Marijke Groenewoud | 1.53,050 |
| 4. Joy Beune | 1.53,220 |
18:48
Rijpma-de Jong ek wis fan de Spelen
BAM.
Angel Daleman en Melissa Wijfje rêde it net yn de lêste rit.
Dus ha we in folslein Fryske poadium. Alle trije meie se nei de Spelen.
18:45
Rijpma-de Jong en Femke Kok formidadel
We ha in Frysk poadium!
Wer in spektakelstik, ditkear tusken Rijpma-de Jong en Femke Kok. Dy lêste wie lang earste en ek no seagen we nei in gewelidge einsprint. Rijpma-de Jong hâld ien hûnderste oer op Femke Kok en trije hûndertsten oer op Groenewoud.
18:41
Spektakelstik Groenewoud vs Beune
Marijke Groenewoud hat de earste tiid te pakken. Yn in geweldige einsprint tusken Joy Beune en Groenewoud pakt Groenewoud krekt de winst.
Tiid fan Groenewoud: 1.53,05. Dat is 0,17 sekonden rapper as Beune.
Earste is no Groenewoud, twadde Beune en tredde Hoogendoorn.
18:38
Jutta Leerdam stelt teloar
De earste tiid komt net yn hânnen fan Jutta Leerdam. Se foel op de 1.000 meter, waard twadde op de 500 meter en stiet mei noch trije ritten te gean fjirde. Se gong oan de ein hielendal stikken en stelt swier teloar. Hoogendoorn stiet noch altyd earste.
No komt de kraker fan de dei: Joy Beune tsjin ús Marijke Groenewoud.
Dêrnei sjogge we noch Femke Kok tsjin Antoinette Rijpma - de Jong en Melissa Wijfje tsjin Angel Daleman.
18:35
Earste tiid foar Chloé Hoogendoorn
Chloé Hoogendoorn hat nei seis ritten de earste tiid mei 1.54,35.
De earste echte topper komt no yn aksje. Jutta Leerdam treft yn rit 7 Gioya Lancee.
18:17
Sanne Westra rydtt in PR
Sanne Westra hat in persoanlik rekôr riden. Mei in moaie tiid: 2.00,00. Har âld rekôr stie op 2.00,84.
De 22-jierrige rydster út Drachten ferlear har rit wol fan Isabel Grevelt, dy't ek in persoanlik rekôr rydt mei 1.54,97.
18:15
We binne los!
De Fryske starter André de Vries hat foar it earst sketten, dat betsjut dat de fjirde dei fan it OKT begûn is.
Sanne Westra komt fan de Friezen as earste yn aksje; se rydt yn rit twa tsjin Isabel Grevelt. De oare Friezinnen sitte pas yn it twadde part. Marijke Groenewoud yn rit acht en Femke Kok en Antoinette Rijpma-de Jong yn rit njoggen.
17:59
Femke Kok seach nei har pleatsing op de 500 meter ek al foarút nei de 1.500 meter
Femke Kok is de hâldster fan it baanrekôr op de 1.500 meter, de earste ôfstân fan de dei op it OKT. Dat rekôr ried se yn it foarseizoen, wêrmei't se de hiele reedrydwrâld fersteld stean die.
Dêrtroch wurdt der in soad fan de Nij Beetse ferwachte. Folmakket se de trilogy kwa startplakken op de Olympyske Spelen? Snein manoeuvrearre Kok harsels yn de underdogrol foar dizze 1.500 meter.
Femke Kok oer har baanrekôr
17:47
Hoe wurket it ek alwer?
Noch wer efkes útlizze hoe't it ek alwer wurket:
Ast nei de Olympyske Spelen wolst, moast einige yn de top trije fan in ôfstân.
De belangen fan hjoed
- Foar Antoinette Rijpma-de Jong jildt dat it hjoed in kwesje fan alles of neat is. Se waard earder op de 1.000 meter sânde en fierder rydt se gjin ôfstân. Dus moat se hjoed in top trije plak helje. Of soe se ek noch yn oanmerking komme foar in oanwiisplak foar de ploege-efterfolging? Nou ja, dêr komme we pas nei dit toernoai efter;
- Femke Kok hat har al pleatst foar de 500 meter en de 1.000 meter. Sterker noch, dy wûn se alle twa. Kin se ek noch ferrasse op de 1500 meter? Gewoanwei rydt se dizze ôfstân net, mar yn in trainingsrit ride se begjin dit seizoen samar in baanrekôr yn Thialf op 1500 meter;
- Marijke Groenewoud is al wis fan in plak op de 3.000 meter, mar se wol mear. Hjoed de 1500 meter en moarn de 5.000 meter. Wurdt in triple?
- We slute de dei ôf mei Tim Prins. Letterlik, want de lotting hat bepaald dat er tsjin Kjeld Nuis moat yn de lêste rit. Foar Prins jildt dat it moarn ek noch kin op de 1500 meter, mar der sil dochs wol druk op sitte hjoed.
17:33
Dei 4: 1500 en 1000 meter
Ah goeie, we binne der wer!
Wat in topdei, want we ha wer in lading Friezen dy yn aksje komme. We begjinne de dei mei de 1500 meter:
- Om 18.15 oere begjinne mei fjouwer Friezen: Sanne Westra, Femke Kok, Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud;
- Om 19.11 oere start de 1.000 meter foar de manlju, mei Tim Prins.
20:09
Dit wie dei trije OKT
Dêrmei komme we oan de ein fan dei trije op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai.
Der barde in hiel soad. Femke Kok sil op de 500 meter sawiesa nei de Olympyske Spelen.
Anna Boersma fan Sint Nyk hellet in ticket binnen, mar moat noch efkes wachtsje yn ferbân mei de prestaasjematriks. Is har plak wis?
Datselfde jildt foar Jorrit Bergsma. De 39-jierrige Aldeboarner waard twadde op de 10.000 meter, mar is ek noch ôfhinklik fan de prestaasjematriks.
Oant safier dit livebloch op de tredde dei OKT. Moarn wer fierder. Dan op it programma:
18:15 1.500m froulju
19:11 1.000m manlju
19:11 1.000m manlju
19:51
Kok, Leerdam en Boersma nei Milaan
Unfoarstelber wat der wer bart. Resumé.
- Femke Kok hie op de earste 500 meter al in baanrekôr riden mei 36,87 en wurdt dus ek earste op de 500 meter;
- Jutta Leerdam pleatst har mei 37,24 as twadde foar de Spelen;
- Anna Boersma herstelt har fan in minne earste 500 meter, en hoe. Se wurdt tredde mei 37,27.
Noch in lytse disclaimer. It tredde plak fan Broersma stiet op plak 12 fan de matriks. Mar de kâns dat dat plak ek rjocht jout op pleatsing liket no wol frij grut.
19:44
Anna Boersma wól nei de Spelen
Mar it goeie nijs is dat Anna Boersma fan Sint Nyk wol nei Milaan mei. Har tiid is op de tiid fan Kok en Leerdam nei de snelste en dat is sa goed as wis genôch.
19:42
Wat in drama foar Marrit Fledderus
Oh nee. In falske start. Twa kear. En de twadde wie foar Fledderus en dus is sy diskwalifisearre. Gjin Olympyske Spelen foar Fledderus.
Yn de lêste rit koe allinnich Marrit Fledderus har doarpsgenoat foarby. Dat slagge har dus net.
19:35
Suzanne Schulting komt der net oan te pas
Suzanne Schulting hellet gjin startbewiis binnen foar de 500 meter. Sy komt op 37,83. Dat is net genôch.
Schulting kin nei alle gedachten al wol de koffers pakke foar Milaan. Se waard earder twadde op de 1000 meter.
19:21
Anna Boersma nei de Spelen?
Anna Boersma rydt in goeie twadde omloop. De Sint Nykster komt op 37,27. Dat is in tredde plak.
Dat soe oant no ta genôch wêze foar in ticket op de Spelen. Sy komt nammentlik ûnder de tiid fan Isabel Grevelt (37,46).
Dochs wie dit pas de tredde rit en dus is noch neat wis.
19:19
Twadde omloop 500 meter fan start
Oant safier de 10000 meter fan Bergsma. We gean troch nei de twadde omloop 500 meter froulju.
It publyk reagearret teloarsteld at sy hearre dat Femke Kok net mear rydt. Sy sette in baanrekôr del yn de earste omloop en tinkt dat it genôch is om te kwalifisearjen.
Kok wol net mear ride om enerzjy te sparjen foar de 1500 meter fan moarn.
De 500 meter giet oer twa omlopen. De rapste tiid telt.
19:04
Utslach 10.000 meter manlju
Mei syn twadde plak docht Bergsma mei yn de prestaasjematriks. Dochs is hy noch net wis fan syn plak foar de Spelen op de 10.000 meter.
De matriks is opset om de bêste kânsen op medaljes foar Nederlân te berekkenjen.
Om't Nederlân mar in beheind tal riders stjoere mei, kin it wêze dat de kar op in oare ôfstân as de 10.000 meter falt.
Dat is allegear foar letter. Foarearst genietsje fan de prestaasje Jorrit.
Utslach 10.000 meter manlju
| Rider | Tiid |
| 1. Stijn van de Bunt | 12.36,35 |
| 2. Jorrit Bergsma | 12.45,52 |
| 3. Marcel Bosker | 12.45,98 |
| 11. Tjerk de Boer | 13.19,04 |
| 12. Marwin Talsma | 13.25,07 |
18:50
Bergsma pakt it twadde plak!
Hy docht it dochs wer. It earste plak wie te fier fuort, mar it oh sa belangrike twadde plak, pakt Bergsma wol.
Bergsma hâldt 46 hûndersten oer op de tiid fan Marcel Bosker.
De tiid fan Bergsma 12.45,52. De tiid fan Bosker: 12.45,98.
18:48
Bergsma rydt healweis hast deselde tiid as Bosker
Jorrit Bergsma rydt sa as er altyd rydt: flak. Ek no wer.
We ha 12 fan de 25 ronden hân en hy rydt eins hieltyd op de tiid fan Bosker.
It wurdt noch echt spannend.
18:38
Jorrit Bergsma wit wat er ride moat
De tiid dy't Jorrit Bergsma helje moat, is bekend: 12.45,98. Dat is de tiid fan Marcel Bosker. En de earste twa dogge gewoanwei mei oan de Olympyske Spelen.
Bergsma nimt it no yn de lêste rit op tsjin Beau Snellink. Op it NK op 2 novimber sette Bergsma in tiid del fan 12.42 en dat soe no genôch wêze.
17:51
Stijn van de Bunt wer in klasbak
It is gjin ferrassing mear, mar dochs. Stijn van de Bunt is 21 jier, sette in gewelidge earste tiid del op de 5 kilometer en lit no op de 10 kilometer ek sjen hoe sterk er is. Hy stiet healweis earste mei in tiid fan: 12.36,35. En dat is in persoanlik rekôr.
It baanrekôr yn Thialf wie yn hânnen fan Vladimir Semiruniy (12.28,05.) en dêr wie hy tichtby healweis.
Jorrit Bergsma moat oan de bak, mar no earst de dweilpauze.
- Rit 4: Krommenhoek tsjin Slendebroek;
- Rit 5: Huizinga tsjin Bosker;
- Rit 6: Bergsma tsjin Snellink.
17:38
Tjerk de Boer tredde nei twa ritten
Tjerk de Boer komt der yn syn rit tsjin Remco Stam net oan te pas.
Stam rydt yn it begjin stadichoan by De Boer fuort. De Boer sit hieltyd leech yn de 31'ers, mar healweis kin hy dat lang net mear folhâlde. Remco Stam kin dat wol. Hy rydt in persoanlik rekôr en stiet mei 13.01,56 no earste.
De Boer kaam net fierder as 13.19,05 en stiet tredde.
No de sensaasje fan de 5 kilometer: Stijn van den Bunt. Hy nimt it foar de dweilpauze op tsjin Kars Jansman.
17:21
Talsma ferliest syn rit fan Daan Gelling
We binne los met de 10.000 meter. Seis ritten, trije Friezen en allinnich de nûmer ien is echt wis fan dielname oan de Spelen. De nûmer twa makket ek in grutte kans.
Talsma kaam yn syn rit oan in tiid fan: 13.25,07.
Daan Gelling stiet nei de earste rit earste mei 13.04,73.
No krije we Tjerk de Boer tsjin Remco Stam.
17:07
Kok docht definityf gjin twadde omloop
Femke Kok hat har definityf ôfmeld foar de twadde 500 meter op dit OKT. Se hat der fertrouwen yn dat har tiid genôch wêze sil foar in plak op de olympische 500 meter.
17:04
In ekstra Fries op de 10 kilometer
We melde ús sa wer mei de tsien kilometer. Tjerk de Boer (rit 2) en Jorrit Bergsma (rit 6, de lêste) komme yn aksje.
Mar ek Marwin Talsma sjogge we aanst dochs op it iis. Troch ôfmeldings fan Evert Hoolwerf en Patrick Roest mei de Grouster it hjoed dochs besykje.
17:00
Kok tinkt deroer twadde 500 meter oer te slaan
Foar de kamera's fan de NOS seit Kok dat se oerwaget de twadde 500 meter oer te slaan.
De kâns dat se noch ynhelle wurdt is fansels net sa grut. Se wol har boppedat moarn ek noch pleatse foar de 1.500 meter.
Foar de dúdlikheid: de 500 meter wurdt as iennige ôfstân twa kear ferriden. De bêste tiid telt. Earder wûn Kok ek al de 1.000 meter.
16:52
Utslach 500 meter
Foar de folsleinens, noch de wichtichste nammen nei de earste omloop 500 meter.
Der folget dus noch in twadde, mar de tiid fan Femke Kok liket genôch.
Utslach 500 meter froulju
| Rider | Tiid |
| 1. Femke Kok | 36,87 |
| 2. Jutta Leerdam | 37,24 |
| 3. Isabel Grevelt | 37,46 |
| 4. Marrit Fledederus | 37,57 |
| 5. Suzanne Schulting | 37,62 |
| 6. Michelle de Jong | 37,69 |
16:46
Femke Kok docht it wer! Se wint de earste omloop yn baanrekôr
Femke Kok makket har status wier! De favorite set in baanrekôr del yn 36,87.
Dat soe hast betsjutte kinne dat Kok ek op de 500 meter nei de Spelen giet.
Mar der folget noch in omloop. De 500 meter is ferdield oer twa ritten. De bêste tiid telt.
16:43
Anna Boersma kin net wer ferrasse
In tige teloarstellende rit foar Anna Boersma. Sy moast Jutta Leerdam foargean litte yn de bocht en dêrtroch komt se sels op in tiid fan 42,67.
Earder riid sy de wrâldbekers. In Olympysk ticket is fier fuort.
No folget Femke Kok.
16:39
Marrit Fledderus set twadde tiid oant no ta del
Marrit Fledderus set de twadde tiid oant no ta del. De Sint Nykster komt op 37,56.
Der komme noch twa ritten.
16:35
Suzanne Schulting en Michelle de Jong
Nûmer 2 fan de 1.000 meter Suzanne Schulting komt ek op de 500 meter yn aksje. Se rydt tsjin Michelle de Jong.
Schulting wint krekt mei 37,62. Se komt dêrmei op plak 1. De Jong komt mei 37,68 op it twadde plak.
Mar der komme noch trije ritten.
16:32
Jildou Hoekstra rydt persoanlik rekôr
Jildou Hoekstra rydt in persoanlik rekôr mei 38,52.
Yn de dêropfolgjende rit komt Amber Duizendstraal op 38,66.
16:33
Helga Drost noch net top
Helga Drost hie ôfrûne jier in min seizoen mei in longûntstekking en liket noch altyd net op de goeie wei werom.
Mei har 38,66 is se foarearst twadde, mar dêr giet de rydster fan Akkrum de Spelen net mei heljen.
16:27
Naomi Kammeraat en Henny de Vries earste Friezen yn aksje
Naomi Kammeraat en Henny de Vries binne de earste Friezen dy't harren rit ride.
It is noch gjin ymponearjende tiid.
De Vries komt yn 39,34 oer de streek. Kammeraat yn 39,97.
16:14
Wat kin Femke Kok?
Oer tsien minuten sille we los mei de 500 meter foar froulju. Yn rit twa fuortendaliks twa Friezen. Naomi Kammeraat en Henny de Vries.
De absolute favorite op de 500 meter is Femke Kok fan Nij Beets. Sy is de ôfrûne jierren oermachtich op dizze ôfstân.
Nederlânsk kampioen, in wrâldrekôr riden en op de worldcups alve wedstriden op rige wûn. Slagget it har om har favoriterol wier te meitsjen?
It startbewiis foar de 1.000 meter helle sy earder al binnen en se sil dus sawiesa al nei Milaan. Komt der noch in ôfstân by?
16:02
Oanwiisplakken: it swurd fan Damokles
Dan noch efkes oer it fenomeen oanwiisplakken. It reedrydbûn wol de bêste kâns op in Olympyske medalje hâlde en dus kinne dy noch yngripe at it nedich is.
Bygelyks nei de fal fan Jutta Leerdam kin dat it gefal wêze. Sy heart gewoanwei by de wrâldtop, mar foel op it OKT.
Sy kin likegoed oanwiisd wurde ten koste fan de nûmer trije (Naomi Verkerk).
Dat swurd fan Damokles bliuwt altyd boppe dizze dagen hingjen. Mar dat is foar lettere soarch.. earst sjen hoe't de dei ferrint.
15:19
Friezen telle
At je as Fryske taskôger sa folle as mooglik fan je provinsjegenoaten yn aksje hawwe wolle dan soe ik hjoed dit blog folgje.
De 500 meter foar de froulju stiet tsjokfol mei Friezen oan de start. Mar leafst 10 fan de 22 komme út de provinsje.
De nammen op in rige:
Naomi Kammeraat (Ljouwert), Henny de Vries (Broeksterwâld), Helga Drost (Akkrum), Jildou Hoekstra (Jislum), Amber Duizendstraal (Ljouwert), Michelle de Jong (It Hearrenfean), Suzanne Schulting (De Tynje), Marrit Fledderus (Sint Nyk), Anna Boersma (Sint Nyk), Femke Kok (Nij Beets).
Op de 10.000 meter bij de mannen steane Tjerk de Boer (Weidum) en Jorrit Bergsma (Oldeboorn) oan de start.
14:00
Hokker startbewizen stean op it spul?
Op de 500 meter froulju is de nûmer 1 wis fan de Olympyske Spelen.
Nummer 2 en 3 meitsje ek kâns, mar stean op plak 11 en 12 yn de prestaasjematriks. It kin dus wêze dat sy troch dit rekkenkundich model bûten de boat falle.
By de 10.000 meter manlju is de spieling om de startbewizen al hielendal tin.
Allinnich nûmer 1 en 2 meitsje überhaupt kâns. Sy stean dan op de prestaasjematriks.
14:00
Programma fan dei trije, 28 desimber
Alle dagen binne der twa ôfstannen. Ien foar de manlju en ien foar de froulju. Hjoed tafallich in bysûndere dei.. de langste ôfstân by de manlju en de koartste by de froulju..
We begjinne om 16.25 mei de earste 500 meter froulju. Twa omlopen, de rapste tiid telt.
We seine al: de Fryske ynbring is enoarm. Mar dy cliffhanger bliuwt noch efkes yntakt, want we jouwe noch net alles fuort. Dus: dêroer letter mear.
Om 17.08 de 10.000 meter manlju. Slagget it Jorrit Bergsma om earste te wurden? Mar dan noch is it de fraach of dat genôch is foar de Spelen.
Ek dêroer letter mear. Wy livebloggers krije it noch drok hjoed..
Om 19.18 de twadde omloop 500 meter froulju.
14:00
Fryske dei op OKT: hast de helte is Fries
Goeiedei en wolkom op dizze moaie snein! De tredde dei fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai stiet sintraal yn dit livebloch.
Thialf is fiif dagen lang it episintrum fan it reedriden. Wa hellet in startbewiis foar de Olympyske Spelen?
Hjoed wer moaie ôfstannen op de planning en it belooft wer fjoerwurk te wurden. Der komme in soad Friezen yn aksje. Hast de helte by in ôfstân is Fries. Dêroer letter mear.
Ik soe sizze; stoelriemen fêst.. en gean.
Ohja, trouwens... wolst noch witte hoe't it mei de matriks sit? Dy is wichtich foar de kwalifikaasje. Sjoch dan hjirûnder.
20:07
Einde dei twa; Groenewoud pakt koffers, Prins (noch) net
Dêrmei komme wy oan de ein fan dei twa.
Marijke Groenewoud slagget it om it ticket foar Spelen binnen te heljen. Op de 3000 meter komt sy yn Milaan yn aksje.
Tim Prins, Johan Talsma en Rem de Hair kinne net stunten op de 500 meter. Prins komt noch wol yn aksje op de 1000 en 1500 meter.
Moarn gean we om 16.25 oere fierder mei de 500 meter foar de froulju en om 17.08 oere de 10.000 meter manlju.
Tige tank foar de oandacht. Wy slute dit livebloch, mar hoopje dy fansels moarn wer te sjen! Noflike jûn.
19:36
Utslach twadde 500 meter; gjin Friezen nei Milaan
Foar de folsleinens noch de útslach op de 500 meter.
Der gean dus gjin Friezen op dizze ôfstân nei Milaan.
De winst is foar Jenning de Boo. Sebas Diniz en Joep Wennemars stean ek op de matriks, mar moatte noch efkes wachtsje.
Utslach twadde 500 meter
| Rider | Tiid |
| 1. Jenning de Boo | 33,96 |
| 2. Sebas Diniz | 34,14 |
| 3. Joep Wennemars | 34,48 |
| 6. Tim Prins | 34,84 |
| 13. Johan Talsma | 35,16 |
| 14. Rem de Hair | 35,32 |
19:28
Tim Prins net nei de Spelen
Spitich foar Tim Prins! De Jouster slagget der net yn om de tiid fan Sebas Diniz (34,14) te ferbetterjen.
Dêrtroch giet hy foarearst noch net nei de Olympyske Spelen.
Mar sa't al earder sein is yn dit bloch, is 500 meter ek net de favorite ôfstân fan Prins. Hy set syn kaarten op de 1000 en 1500 meter.
19:22
Rem de Hair kin net ferrasse
It slagget Rem de Hair net om te ferrassen. De Jouster komt ta in tiid fan 35,32.
Dat is lang net genôch om de koffers foar Milaan te pakken. It wachtsjen is op Tim Prins.
19:16
Tiid foar de twadde 500 meter
Yn it skoft komt Dries Roelvink de binnenbaan op foar syn nûmer Milaan ik kom eraan.
It is no tiid foar de twadde 500 meter by de manlju. Slagget it Tim Prins om syn tiid te ferbetterjen?
18:47
Marijke Groenewoud wint!
Wat in sensaasje! Marijke Groenewoud wint de 3000 meter en giet dus nei de Olympyske Spelen!
De Grouster komt op in tiid fan 3.54,73. Dêrmei is sy har konkurrinte Joy Beune yn in streekrjocht duel foar.
It publyk yn Thialf giet op de banken foar Groenewoud. De 26-jierrige hoecht dus net yn de wachtkeamer foar de matriks.
Utslach 3000 meter froulju
| Rider | Tiid |
| 1. Marijke Groenewoud | 3.54,73 |
| 2. Joy Beune | 3.56,80 |
| 3. Merel Conijn | 3.57,36 |
18:46
Marijke Groenewoud begjint oan har rit
Dêr is sy dan! Marijke Groenewoud begjint oan har rit om in ticket foar Spelen op de 3000 meter.
Se riidt tsjin Joy Beune, dy't as favorite sjoen wurdt.
Oant no ta stiet Merel Conijn mei 3.57,36 op it earste plak.
18:39
Bente Kerkhoff oant no ta de rapste, wachtsje op Marijke Groenewoud
Bente Kerkhoff set oant no ta de bêste tiid del. De reedrydster út Oostwoud (Noard-Hollân) riidt nei 3.58,83.
It wachtsjen is lykwols op de lêste rit. Marijke Groenewoud fan Grou tsjin favorite Joy Beune.
18:08
Marijke Groenewoud as iennichste Fries yn aksje op 3000 meter
We begjinne mei de 3000 meter foar de froulju. Marijke Groenewoud komt as iennige yn aksje.
Slagget it de Grouster om in ticket foar de Spelen binnen te heljen?
17:43
Tim Prins fiifde op earste 500 meter. Sebas Diniz wint
It slagget de Friezen net om te ymponearjen op de earste 500 meter. Tim Prins fan de Jouwer komt mei in fiifde plak it heechste.
De winst giet nei Sebas Diniz. Hy bleau favoryt Jenning de Boo foar.
Der folget lykwols noch in twadde 500 meter rit. De bêste tiid telt.
Utslach earste 500 meter
| Rider | Tiid |
| 1. Sebas Diniz | 34,14 |
| 2. Jenning de Boo | 34,36 |
| 3. Merijn Scheperkamp | 34,64 |
| 5. Tim Prins | 34,82 |
| 9. Johan Talsma | 35,18 |
| 13. Rem de Hair | 35.23 |
17:38
Johan Talsma makket gjin yndruk
Johan Talsma komt op 35,11 en riidt dêrmei oant no ta net op it poadium.
Dêrmei is de Fryske ynbring klear. It wachtsjen is op favoryt Jenning de Boo.
17:35
Tim Prins komt op 34,82
Tim Prins fan de Jouwer komt op 34,82. Dêrmei stiet der no noch earste.
Dochs sil Prins balen, want hy foel hast. De 22-jierrige miste in slach en moast werstelle.
Dat slagge, mar it giet wol ten koste fan in bettere tiid.
17:20
Rem de Hair fan de Jouwer debutearret op OKT
Rem de Hair docht foar it earst mei oan it OKT. De Jouster komt op in tiid fan 35,23. Dat sil net genôch wêze foar in plak by de earste trije.
16:45
De oanwiisplakken; it swurd fan Damokles
De trije bêste riders fan de 500 meter manlju en de 3000 meter froulju pleatse harren dus foar de Olympyske Spelen.
Dochs binne der ek noch oanwiisplakken. It reedrydbûn wol de bêste kâns op in Olympyske medalje hâlde en dus kinne dy noch yngripe at it nedich is.
Bygelyks juster nei de fal fan Jutta Leerdam kin dat it gefal wêze. Sy heart gewoanwei by de wrâldtop, mar foel op it OKT. Sy kin likegoed oanwezen wurde ten koste fan de nûmer trije (Naomi Verkerk).
Dat swurd fan Damokles bliuwt altyd boppe dizze dagen hingje. Mar dat is foar lettere soarch.. earst sjen hoe't de dei ferrint.
Genôch oer de mitsen en maren, we begjinne! De 500 meter manlju sil los om 17.25. We wachtsje op rit trije.. Rem de Hair.
16:36
De Friezen yn aksje op dei twa; ôfmelding Rijpma-de Jong en Talsma
Hjoed komme der, ferdield oer de 500 meter manlju en de 3000 meter froulju, fjouwer Friezen oan bar.
De Fryske ynbring is it grutst op de 500 meter manlju. Oan de start stean Rem de Hair (de Jouwer), Johan Talsma (Hallum) en Tim Prins (de Jouwer).
Tim Prins docht mooglik in beltsje rinkeljen atst al langer it reedriden folgest, want de 22-jierrige docht gauris mei om de prizen.
Mar dan ha ik wol min nijs foar dy.. dat is op oare ôfstannen (de 1000 en 1500 meter). De 500 meter is benammen tabedield oan mannen as Jenning de Boo. Mar wa wit.. sit dizze dei ek wer fol ferrassingen.
Dan de froulju by de 3000 meter. De Fryske ynbring is bot fermeagere. Kim Talsma (Grou) en Antoinette Rijpma- de Jong (Rottum) hawwe harren ôfmelden.
Allinnich Marijke Groenewoud fan Grou komt yn aksje. Sy rydt yn de lêste rit tsjin de grutte favorite Joy Beune út Borne.
16:25
Programma fan hjoed 27 desimber
Alle dagen binne der twa ôfstannen. Ien foar de froulju en ien foar de manlju.
Hjoed begjinne we om 17.25 oere mei de earste 500 meter foar de manlju.
De riders moatte (sa as gewoanlik) twa kear de 500 meter ride. De rapste tiid telt.
Om 18.07 oere is de 3000 meter by de froulju. Dêryn is de Fryske ynbring bot fermeagere troch ôfmeldingen fan Antoinette Rijpma-de Jong en Kim Talsma. Deroer letter mear.
Om 19.13 oere folget de twadde 500 meter by de manlju.
It hinget fan de matriks ôf hokker plak rjocht jout op de Spelen. Sa't it no liket, binne dat de earste trije.
Dy stean lykwols op plak 11 en 14 yn de matriks en kinne dus noch ôffalle.
16:15
Wat bringt dei twa fan it OKT?
Goeiemiddei en wolkom yn dit livebloch oer de twadde dei fan it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai!
Fiif dagen lang reedriden yn Thialf om te bepalen wa't nei de Olympyske Spelen fan febrewaris yn Milaan mei.
Uteinlik gean njoggen manlju en njoggen froulju. Hjoed ûnder oare Tim Prins yn aksje. Dêroer letter mear.
Juster siet de dei fol ferrassing, spanning en blydskip. Wat bringt de dei fan hjoed?
Wolst noch witte hoe't it sit mei de proseduere fan de kwalifikaasje? Dizze saneamde matriks is wichtich. Sjoch dan hjir.
17:37
Moarn binne we der wer
Dêrmei slute we de blog foar hjoed ôf. Moarn binne we der wer.
Sneon 27 desimber
17.25 oere - 1e 500m manlju
18.09 oere - 3.000m froulju
19.15 oere - 2e 500m manlju
17.25 oere - 1e 500m manlju
18.09 oere - 3.000m froulju
19.15 oere - 2e 500m manlju
Mei ûnder oare Tim Prins, Marijke Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong.
17:15
Utslach 5.000 meter manlju
Utslach 5.000 meter manlju
| Rider | Tiid |
| 1. Stijn van de Bunt | 6.09,30 PR |
| 2. Chris Huizinga | 6.12,10 |
| 3. Marcel Bosker | 6.13,10 |
| 4. Jorrit Bergsma | 6.14,11 |
| 5. Beau Snellink | 6.16,11 |
17:12
Van de Bunt wint, Bergsma fjirde
Kars Jansman en Beau Snellink binne ek net oan de tiid fan Stijn van de Bunt kaam. De 21-jierrige reedrider fan Team IKO-X²O is dêrmei wis fan de Olympyske Spelen.
Snellink waard úteinlik fyfde en Jansman sechsde.
Konkluzje is dus dat Bergsma it pynlike fjirde plak pakt op de fiif kilometer. Dat is krekt ien plak te leech.
Van de Bunt stunt mei it earste plak. Hy wie hast trije sekonden rapper as de nûmer twa Chris Huizinga.
17:11
Bergsma sakket nei fjirde plak
Direkte pleatsing foar de Olympyske Spelen op de 5.000 meter sit der foar Bergsma net mear yn. Chris Huizenga en Marcel Bosker riden niiskrekt sneller as Bergsma. Dêrtroch stiet Bergsma no fjirde en hy moast minimaal by de earste trije einigje.
Huizinga wie dik twa sekonden rapper as Bergsma en stiet no twadde. Bosker wie in dikke sekonde rapper as Bergsma en Bosker stiet no tredde.
Van de Bunt stiet noch altyd earste. De lêste rit folget no: Jansman tsjin Snellink.
17:04
Talsma rêdt it net op
Marwin Talsma is eins krekt as Bergsma mear in man foar de 10.000. Syn 5.000 meter op dit OKT is dan ek net genôch foar pleatsing foar de Spelen. Krommenhoe wûn de rit en is no sechsde. Talsma stiet mei 6.26,04 no njoggende.
Bergsma stiet noch altyd twadde. It twadde plak is nei alle gedachten wol genôch foar de Spelen. It tredde plak op de 5.000 meter stiet op de matriks net sa heech: 13e. Dêrtroch kinne we noch net stelle dat je wis binne fan de Spelen, ast tredde wurden bist op de 5.000 meter.
Der folgje noch twa ritten: Marcel Bosker tsjin Chris Huizinga en Beau Snellink tsjin Kars Jansman.
16:55
Van de Bunt ferslacht Bergsma
Stijn van de Bunt stunt mei in hiele goeie tiid. Hy fersloech net allinnich Jorrit Bergsma yn it rjochtstreeks duel, hy pakte ek de earste tiid. Syn tiid: 6.09,30. Dat is in tiid dat ek samar de snelste tiid fan de dei wêze kin.
Bergsma sette, sa as hast altyd, wer in flakke rit del. Hy ride allinnich mar 29'ers, op ien 30'er nei. Syn tiid is 6.14,31 en dêrmei stiet er foar no twadde.
No yn de baan: Jasper Krommenhoek en Marwin Talsma fan Grou.
16:48
Kin Jorrit Bergsma him pleatse?
Foar de 5.000 meter is hy miskien net de grutte favoryt, mar dochs makket Jorrit Bergsma seker kans om by de earste trije te einigjen.
Beau Snellink, Marcel Bosker en Chris Huizinga binne gewoanwei de grutste konkurrinten, mar Bergsma treft no Stijn van de Bunt en flak dy ek net út. Se stean no op it iis.
16:23
Tjerk de Boer rekket earste plak kwyt
Wisse Slendebroek hat it earste plak oernaam fan Tjerk de Boer. De ploechgenoat fan De Boer by de ploech fan Jillert Anema en Arjan Samplonios wie in dikke sekonde sneller as De Boer.
Patrick Roest helle de tiid fan Tjerk de Boer net. Roest is Roest net mear en kaam ta in tiid fan: 6.26,28.
Nei de dweilpauze komt Jorrit Bergsma as earste yn aksje. Ek Marwin Talsma sjogge we aanst noch op it iis.
16:16
Tjerk de Boer earste tuskentiid
Tjerk de Boer hat de snelste tiid delsetten. Nei fjouwer fan de tsien ritten stiet hy earste mei in tiid fan 6.20,05. De reedrider út Weidum fersnelde healweis mei 29'ers. Allinnich yn de lêste ronde gong hy stikken en ride hy noch in 31'er.
Mats Bendijk fan Tytsjerk stiet ien-nei-lêste mei in tiid fan 6.30,69.
Noch ien rit foar de dweilpauze: Patrick Roest tsjin Wisse Slendebroek.
15:56
Thijs Wiersma trapet 5.000 meter ôf
Nei in dweilskoft geane we troch mei de twadde en lêste ôfstân fan dizze dei. De earste twa op dizze 5.000 meter foar manlju binne wis fan in olympysk startbewiis, de nûmer trije sil de oare resultaten ôfwachtsje moatte.
De 5.000 meter wurdt ôtrape troch de 17-jierrige Thijs Wiersma fan Sint Nyk. Hy rydt yn de earste rit tsjin Ede Kortlever. Beide manlju sille gewoanwei net yn 'e beurt komme fan de fluchste tiden.
Wol ride se harren eigen fluchste tiid ea, in persoanlik rekôr dus. Kortlever yn 6.26,93 en Wiersma yn 6.27,81.
Mats Bendijk (rit trije) en Tjerk de Boer (rit fjouwer) sitte foar it dweilskoft, Jorrit Bergsma (rit seis) en Marwin Talsma (rit sân) dernei.
15:26
Kok en Schulting wis fan de Spelen
Femke Kok wint de 1.000 meter op it OKT en is dêrmei wis fan de Olympyske Spelen. Ek Schulting mei har ticket wol boeke.
Kok wint mei in tiid fan 1.14,08.
Rijpma-de Jong sette in sear teloarstellende tiid del: 1.15,81. Se wurdt mar sânde. Schulting wurdt twadde, Naomi Verkerk wurdt tredde.
Op basis fan de prestaasjematriks fan de KNSB binne yn alle gefallen de nûmers ien en twa wis fan de Olympyske Spelen. De nûmer trije sil ôfwachtsje moatte.
Utslach 1.000 meter froulju
| Rydster | Tiid |
| 1. Femke Kok | 1.14,08 |
| 2. Suzanne Schulting | 1.14,71 |
| 3. Naomi Verkerk | 1.14,74 (PR) |
| 4. Chloé Hoogendoorn | 1.14,76 (PR) |
| 5. Isabel Grevelt | 1.14,98 |
15:23
Fledderus docht it net, Schulting is wis fan top 3
Marrit Fledderus riidt eins it hiele seizoen al goed, mar lit it op de 1.000 meter hjoed net sjen. Se wurdt achtste.
Schulting is no nich altyd earste en is dêrmei wis fan in plak by de earste trije.
Noch ien rit: Femke Kok tsjin Rijpma-de Jong.
15:20
Teloarstellende tiid Daleman nei fal, Schulting noch earste
Angel Daleman set in tiid fan 1.15,26 del en dat is de fyfde tiid. Waard se hindere troch Leerdam?
Posityf nijs foar Schulting, want dy stiet no noch altyd earste.
Noch twa ritten te gean. No earst Isabel Grevelt tsjin Marrit Fledderus. Folge troch Femke Kok tsjin Antoinette Rijpma-de Jong.
15:18
Leerdam falt!
Oh nee dochs. Jutta Leerdam falt!
15:16
Schulting set de snelste tiid del
Suzanne Schulting is mei 1.14,71 no de rapste fan allegear. Se is mar trije hûndertsten sneller as Naomi Verkerk.
Noch trije ritten te gean. No Jutta Leerdam en Angel Daleman.
15:15
Twa Fryske outsiders?
Michelle de Jong en Anna Boersma binne foarôf miskien wol twa outsiders. Boersma bruts dit jier troch, mar is mear spesjalist op de 500 meter, wylst De Jong in teloarstellend seizoen hat. Se binne beide fan Team Staan.
Boersma ride in persoanlik rekôr mei 1.15,03. Al sit dat nei alle gedachten net genôch wêze foar de top 3. Se stiet no tredde. De Jong har tiid: 1.5,68.
Naomi Verkerk is no earste mei 1.14,74. Chloé Hoogendoorn twadde mei 1.14,76. Boersma tredde. En no komt Suzanne Schulting.
15:10
Rit 4: twa Friezen tsjin elkoar
Yn de fjirde rit twa Friezen: Amber Duizendstraal en Helga Drost. Dy lêste, út Akkrum, set mei 1.16,18, in knappe twadde tiid del. Mar 16 hûndertsten efter nûmer ien Pien Smit.
Duizendstraal set de tredde tiid del mei 1.17,41.
15:06
Myrthe de Boer yn aksje, Pien Smit no earste
De twadde Fries dy't yn aksje komt, is Myrthe de Boer. Se riidt 1.18,63 en stiet no fyfde.
De earste tiid stiet nei trije ritten op namme fan Pien Smit mei 1.16,00.
15:03
We binne los, mei Kammeraat
We binne los mei de earste rit. En de earste Fries. De 17-jierrige Naomi Kameraat út Ljouwert riidt 1.20,87 en ferliest har rit fan Sylke Kas.
14:35
Soad Friezen op earste dei
Der binne in hoop Fryske reedriders dy't op de earste dei fan it OKT yn aksje komme.
By de froulju binne it Naomi Kammeraat, Henny de Vries, Myrthe de Boer, Helga Drost, Amber Duizendstraal, Michelle de Jong, Anna Boersma, Suzanne Schulting, Marrit Fledderus, Antoinette Rijpma-de Jong en Femke Kok, dy't de 1.000 meter ride sille.
By de manlju ha we fansels Jorrit Bergsma, dy't serieus kâns makket op in plak by de earste trije.
Mar Fryslân wurdt ek fertsjinwurdige troch Tjerk de Boer, Mats Bendijk, Marwin Talsma en we begjinne yn rit 1 mei de 17-jierrige Thijs Wiersma fan Sint Nyk.
14:23
Programma fan hjoed, 26 desimber
Alle dagen binne der twa ôfstânnen. Ien foar de froulju en ien by de manlju.
Hjoed begjinne we om 15.00 oere mei de 1.000 meter foar de froulju. Om 15.47 oere folget de 5.000 meter foar de manlju.
Foar eltse ôfstân jildt yn prinsipe: de earste trije binne sa goed as wis fan de Spelen.
14:10
Grutte belangen op it OKT
Goeiemiddei en wolkom by de liveblog fan it OKT, it Olympysk Kwalifikaasje Toernoai.
De kommende fiif dagen is it wer bijltjesdag. Wa pleatst 'm foar de Olympyske Spelen yn Milaan? En foar wa falt de kommende dagen it doek?
Wolst witte hoe it no krekt allegear wurket op dit toernoai, lês dan ús útlis oer it OKT en de saneamde matriks.