Omrop Fryslân

Keatsikoan Taeke Triemstra krijt Fryske sportoeuvrepriis: "Hy hat in nije standert set"

Taeke Triemstra
© Dijks Media
Taeke Triemstra hat de Fryske sportoeuvrepriis fan 2025 krigen. De keatser fan Sint Jabik wurdt troch de sjuery priizge foar syn ymposante palmares, de lange perioade dat er op topnivo spile hat en syn bydrage oan de ûntwikkeling fan de keatssport.
Triemstra (43) is ien fan de beste keatsers ea. Dit jier gie er Hotze Schuil foarby as meast suksesfolle keatser op de PC.
De sjuery fynt dat Taeke Triemstra in ikoan yn de keatssport is. "Yn syn lange karriêre hat Triemstra sjen litten dat er in boechbyld wie foar de keatssport. Syn prestaasjes en syn hâlding meitsje him ta in weardich ûntfanger fan de oeuvrepriis."

Al gau suksesfol

Triemstra hat him jierrenlang sjen litten op it heechste nivo fan it keatsen. Hy wie al gau neidat er begûn suksesfol. Yn 1999 wûn hy de Freulepartij yn Wommels. Ek wûn hy twa kear de Bûnspartij.
Taeke Triemstra krijt de priis fan deputearre Abel Kooistra
© Dijks Media
Hy wie jierrenlang in fêste wearde yn de top fan it haadklassekeatsen en stie bekend om syn konstante prestaasjes op it heechste nivo.
By de grutste partijen fan it jier, wêrûnder de PC yn Frjentsjer, hat er kear op kear sjen litten dat er der stie as it moast. Seis kear wûn Triemstra de PC. Yn totaal pakte er dêr 38 punten. Njonken syn oerwinningen waard er fiif kear twadde en tsien kear tredde.
Taeke Triemstra op de PC fan 2000
© Omrop Fryslân
Mei 938 punten dy't er sammele hat by alle haadklassepartijen (trije punten foar de oerwinning, twa foar it twadde plak, ien foar it tredde plak) is Triemstra de nûmer ien yn it ivige keatsklassemint.

Hy makke it ferskil

Syn krêft lei neffens de sjuery net allinnich yn fysike kwaliteiten, mar foaral yn syn taktysk ynsjoch, syn betrouberens yn it fjild en syn fermogen om wedstriden te lêzen.
"Triemstra wie in keatser dy't syn partoer better meitsje koe en faak it ferskil makke op krúsjale mominten."

Oeuvrepriis

De sportoeuvrepriis waard útrikt troch deputearre Abel Kooistra, út namme fan de Provinsje en yn gearwurking mei Sport Fryslân, Topsport NOORD, Omrop Fryslân en de Leeuwarder Courant.
Wat Triemstra neffens de sjuery bysûnder makket, is de lange perioade wêryn't er oan de top bleaun is. "Yn in sport dy't fysyk en mentaal in soad freget, slagge it him nettsjinsteande de sykte fan Bechterew en in skouderblessuere om jierrenlang fit en motivearre te bliuwen."
Taeke Triemstra krijt oeuvrepriis
"Dêrmei hat er in nije standert set foar profesjonaliteit binnen it keatsen."

Ofskied

Dit jier die Triemstra foar de lêste kear mei oan de PC, dêr't er twadde waard mei Gert-Anne van der Bos en Erwin Zijlstra.
Yn septimber naam hy op de Aldehoupartij ôfskied fan it keatsen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.