Fryske sportoeuvrepriis foar reedrydcoach Jillert Anema: "Dizze is foar myn bern"

Jillert Anema nimt de priis yn ûntfangst
Jillert Anema nimt de priis yn ûntfangst © Omrop Fryslân
Reedrydcoach Jillert Anema hat sneon de oeuvrepriis fan Sport Fryslân krigen. 'It orakel fan Bontebok' wurdt priizge foar hoe't er it bêste út syn riders krije kin, mei syn soms ûnkonvinsjonele oanpak.
Anema hie it sels totaal net ferwachte. "Ik bin sprakeleas", sei hy doe't er de priis yn ûntfangst naam út hannen fan deputearre Femke Wiersma. Hy wie der suver emosjoneel ûnder. "Dizze priis is eins foar myn bern, want ik wie der net. Ik hoopje dat se wat grutsk op my binne."
Anema krige syn priis yn it programma Sportkafee Bakker en De Vries, wêryn't Omrop Fryslân mei ferskate minsken út de sportwrâld weromseach op it sportjier 2023.
Jillert Anema wint Fryske oeuvrepriis sport
Anema bruts syn eigen reedrydkarriêre yn 1980 ôf. "Doe't ik besefte dat ik gjin wrâldkampioen wurde koe, bin ik fysioterapeut wurden", fertelde er letter oan de Volkskrant.
As fysioterapeut kaam er te wurkjen yn sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean, mar hy bleau ek aktyf yn de sport. Mids jierren 90 gong er mei Rintje Ritsma mei, doe't dy de earste kommersjele ploech yn it reedriden begûn: Team Sanex. Mei Ritsma belibbe Anema gouden tiden by Sanex en TVM.
anp
Jillert Anema en Rintje Ritsma op de Olympyske Spelen fan 1998 © ANP
Op papier wie Anema fysioterapeut by de ploegen, en dus noch gjin coach, mar hy bemuoide him ek mei de trainingsprogramma's.
Doe't Ritsma yn 2005 TVM ferliet en Sitel.nl oprjochte as nije ploech, naam er Anema mei. Dy hold op mei syn wurk yn it sikehûs en waard foar it earst fulltime reedrydcoach.
Yn dy jierren belibbe Ritsma ûnder lieding fan Anema in wiere oplibbing fan syn karriêre. "Myn leavelingswurk is minsken behannelje dy't ôfskreaun binne", sei Anema doe tsjin de krante. "Ik ha gjin momint twivele oft Rintje dit koe. Wol oft it slagje soe, mar net oft it kinne soe."
De Lemster priizge syn coach ek. "Mei tank oan Jillert ryd ik lichter en glydzje ik better. Ik bin in wurker en ha ien nedich dy't my hieltyd korrizjearret. By TVM krige ik te min yndividuele oandacht. Jillert is fan orizjine gjin coach, mar hy sjocht it wol. It skeelt dat ik syn folsleine oandacht ha."
anp
Rintje Ritsma en Jillert Anema yn novimber 2005 © ANP
Doe't Ritsma yn 2008 ophold mei langebaanriden, waard Anema coach by de BAM-ploech. Mei riders as Arjan Stroetinga, Bob de Vries, Bob de Jong en Jorrit Bergsma belibbe er suksesfolle jierren op likegoed de maraton as de langebaan.

Kroan op it wurk

Syn pupillen pakten ferskate Nederlânske titels, oerwinningen op de wrâldbekers en ek wrâldtitels. De kroan op it wurk kaam yn 2014, doe't Bergsma olympysk goud wûn op de tsien kilometer.
anp
Jillert Anema mei Jorrit Bergsma op de Olympyske Spelen fan 2014 © ANP
Net allinnich mei Jorrit Bergsma belibbe Anema suksesfolle jierren. Syn nije gouddollers binne Irene Schouten en Marijke Groenewoud. De earste pakte ferline jier trije titels op de Olympyske Spelen. En de noch mar 24-jierrige Groenewoud is yntusken ek de absolute wrâldtop op de middenlange ôfstannen en de massastart en wint de iene nei de oare maratonwedstriid.

Reltsjes

Anema is ek net fiis fan in reltsje. Dêr binne talleaze foarbylden fan. Yn 2014 makke er namme yn Amearika mei in telefyzje-ynterview op CNBC. Dêr hie er gjin goed wurd oer foar de sportive prestaasjes fan de Amerikanen yn Sotsji. "Jim binne allinnich goed yn de sporten dy't jim sels betinke."
Nei dyselde Spelen krige er in offisjele warskôging fan NOC*NSF omdat er oan matchfixing dien ha soe: hy besocht te regeljen dat de Nederlânske achterfolgingsploech yn de kwalifikaasje de Frânsen net ynhelle. Anema coachte Frankryk, omdat syn maratonrider Alexis Contin de kopman wie.
En begjin dit jier ûntbruts Anema op it iis by it NK ôfstannen. Hy hie in skeel mei reedrydbûn KNSB oer lisinsjepunten: Anema hat syn punten net oan it bûn trochjûn. "Dat gemier om dat op skrift te dwaan, wat ekstreem fraudegefoelich is, dat fyn ik gewoan bespotlik."
Wij tegen de boze buitenwereld, een veelbeproefd concept in topsport. Anema weet er wel raad mee.
NRC-sjoernalist Maarten Scholten
NRC-sjoernalist Maarten Scholten omskreau Anema ferline jier as de master yn it kreëarjen fan in fijânbyld, om op dy wize it uterste út syn sporters te heljen. "Wij tegen de boze buitenwereld, een veelbeproefd concept in topsport. Anema weet er wel raad mee."
Mei syn oanpak en ûnderfining koe Anema earder dit jier de bêste reedrider fan it stuit, de Amerikaan Jordan Stolz, ferliede om in kontrakt te tekenjen by syn team. "Jillert draait al sa lang mei, hat al safolle kampioenen begelaat en medaljes wûn. Ik leau dat hy my hiel goed foarút helpe kin."