Omrop Fryslân

Haadredakteur Ingrid Spijkers sjocht werom op 2025: "Betrouberheid is ús grutste goed"

Haadredakteur Ingrid Spijkers fan Omrop Fryslân
© Omrop Fryslân
Hoe't it publyk it nijs ta har nimt feroaret en Omrop Fryslân giet mei de tiid mei. Yn petear mei haadredakteur Ingrid Spijkers oer it ôfrûne jier, de útdagingen fan dizze tiid en de takomst: "Wy binne foar Fryslân it anker as it giet om betroubere ferhalen."
"Yn it ferline waard it ritme fan de redaksje bepaald troch radio en telefyzje", fertelt Spijkers. "Underwilens ha de online kanalen lykas de app, webside, mar ek de sosjalemediakanalen, dy rol oernaam.
De fraach is folle mear: hoe berikke we mei ús ferhalen safolle mooglik minsken op al dy ferskate poadia?"
Dy transysje is al yn gong setten, mar krijt no hannen en fuotten, moatte we it sa sjen?
"Dy transysje is no konkreter wurden. Op ús sosjale kanalen ha wy in hiel grut berik, mar mei de kanalen sels ha wy in haat-leafdeferhâlding.
Want it leafst wolle wy dat elkenien it nijs by ús hellet, mar jongerein en jongfolwoeksenen helje it measte fan harren nijs fan sosjale media dy't yn hannen binne fan de big tech."
Under mear it skûtsjesilen wurdt fia de radio live ferslein
© Martin de Jong Fotografie
"Radio bliuwt wichtich, wy binne it iennige kanaal dat yn it Frysk útstjoert. Mar de taak wurdt wol oars: it nijs koart en bûnich oanbiede, fierder wurdt radio mear in ferbinend kanaal."
As it fan ús is, dan moat it goed wêze.
Ingrid Spijkers oer de betrouberheid fan Omrop Fryslân
"Us programma's komme aansen op NPO Start, dat is foar FryslânDOK in grutte kâns om de dokumintêres dêr goed del te setten. Hea! is ek populêr, der is in soad ferlet fan ferhalen tichtby en dy't werkenber binne by ús doelgroep."
De rol en betsjutting dy't Omrop Fryslân ha foar ús publyk en de provinsje, hoe sjochsto dêrnei?
"It belangrykste is ús betrouberheid. Der komt safolle nepnijs nei bûten, ús betrouberheid is ús grutste goed. As it fan ús is, dan moat it goed wêze."
Ferslachjouwer Gjaldau Sijtsma yn aksje by de Slachtemaraton
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
"En breed ynformearje. Yn dizze tiid is ús maatskippij bêst wol polarisearre oer in grut ferskaat oan ûnderwerpen. It is oan ús om de perspektiven op te heljen en dêr tsjutting oan te jaan. Dat dogge wy yn ús reportaazjes en ferhalen.
Wy binne in spegel foar de maatskippij, mar wol troch alle kanten fan in ferhaal op te heljen."
Wat sprong derút dit jier?
"Wy ha in hiel soad eveneminten dien, de ferkiezingen kamen der noch by. It wie in fol jier, dêr't we ek nije dingen yn dien hawwe."

Bypraat wurde troch de haadredakteur?

Alle wiken jout ús haadredakteur Ingrid Spijkers yn de wyklikse nijsbrief har blik op it nijs. Se fertelt oer wat har rekke en opfoel, de eftergrûn fan ferhalen en watfoar ympakt it nijs hie op Omrop Fryslân.
Benijd? Meld dy oan foar de wyklikse nijsbrief yn it Frysk of it Nederlânsk.
"We wiene live by de útrikking fan de Gouden Gurbes, binne úteinset mei liveblogs oer it betelle fuotbal en oare grutte sporteveneminten, en we sette mear yn op ferslachjouwers dy't wurkje foar online en sosjal media.
Ek ha wy de earste stappen set mei AI. Mei Tsjil ha wy Oarloch yn 'e klasse makke, dêr't âlde foto's út de oarloch libjend makke binne. Dêrtroch is it foar bern hiel ynformatyf en komt it tichtby. Edukaasje is ek in wichtige taak fan Omrop Fryslân."
It projekt Oarloch yn de klasse is rjochte op skoalbern
© Omrop Fryslân
"Fierder ha de mbû-studinten fan YungFrysk in soad content foar harren eigen doelgroep makke. Sy pakke sjoernalistike tema's oan en bine jongerein dêrmei. En yntusken binne miljarden gifkes fan ús delhelle."
Dit wie ek it jier dat ORT FRL him melde as útdager as regionale stjoerder. Omrop Fryslân krige de konsesje wer, mar wie it wol in spegel foar de organisaasje?
"It hat dúdlik makke dat it net fanselssprekkend is dat wy de konsesje krije. Dy hiele proseduere moat oars, mar wy moatte net tinke dat wy gewoan trochgean kinne en dat it dan oer fiif jier wol goedkomt. It is wichtich dat wy ús trochûntwikkelje ta in digitale omrop."
Wêrom wurket de Omrop gear mei de streekomroppen?
"Us gearwurking mei de streekomroppen is hiel wichtich, want dy sitte noch tichter op de lokale demokrasy en op de mienskip."
Ien fan de streekomroppen is aktyf yn de regio noardeast-Fryslân
© RTV NOF
"Fierder ha wy ús eigen spesjalisten op ferskate dossiers. We stean tichtby de minsken en bringe tsjutting, dat is ús taak."
Binne der noch winsken foar de sjoernalistyk foar it kommende jier?
"Dat we kritysk bliuwe op ússels, dat we transparant binne oer wat we dogge en dat we it fertrouwen dat der no is behâlde.
Foar Fryslân wolle wy it anker bliuwe op it mêd fan betroubere ferhalen, ferbine en fernije. En dat minsken tinke: dy Omrop is wol hip!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.