Omrop Fryslân

Omrop Fryslân ek de kommende fiif jier regionale stjoerder fan Fryslân

It gebou fan Omrop Fryslân
© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is ek de kommende fiif jier de regionale stjoerder fan Fryslân. It Kommissariaat foar de Media hat hjoed de konsesje foar 2026-2030 tawiisd oan Omrop Fryslân.
Foar it earst wie der in twadde belangstellende foar de 'konsesje foar ferwêzentliking fan de publike mediaopdracht op regionaal nivo', want ek ORT FRL woe de regionale omrop fan Fryslân wurde.
De Fryske polityk spruts lykwols syn foarkar út foar Omrop Fryslân. Dat advys is nei it Kommissariaat foar de Media gien, dat it úteinlike beslút nimme moast.
Omrop Fryslân begûn mei de provinsjes Drinte en Grinslân yn 1946 as regionale stjoerder, sûnt 1988 is de Omrop selsstannich en de hâlder fan de konsesje.
Wy litte al 80 jier sjen dat wy de omrop fan Fryslân en fan de Friezen binne.
Omrop-direkteur Houkje Rijpstra
"Wy binne bliid dat we gewoan trochkinne", seit Omrop-direkteur Houkje Rijpstra.
"We hiene der al dy tiid it folste fertrouwen yn dat wy de beste partij wêze soene. Wy litte al 80 jier sjen dat wy de omrop fan Fryslân en fan de Friezen binne."
De nije konsesje giet yn op 1 jannewaris.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.