Omrop Fryslân

'Oarloch yn 'e klasse' set de TikTok-generaasje oan it wurk mei WO II-skiednis

Programmamakker Murk Jaep van der Schaaf efter de skerms by de opnames
© Omrop Fryslân
It Fryske ferset, de loftoarloch en ek Joadeferfolging wurde de kommende moannen op in bysûndere wize behannele op Fryske basisskoallen.
Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei de Afûk en it Fersetsmuseum in nije lesmetoade ûntwikkele om de oarloch besprekber te meitsjen.
De Twadde Wrâldoarloch is in ûnderwerp dat al desennia in fêst plakje hat yn it ûnderwiiskurrikulum yn ús lân. Dochs is der noch hieltyd in soad te winnen as it op kennis en kunde oankomt.
Je witte en hearre dat bern oer it algemien net al te folle mear witte fan de Twadde Wrâldoarloch.
Murk Jaep van der Schaaf, programmamakker
Dat sjocht ek programmamakker Murk Jaep van der Schaaf, hy hat de ôfrûne wiken drok dwaande west mei de opnamen foar de nije rige 'Oarloch yn 'e klasse'.
"Je witte en hearre dat bern oer it algemien net al te folle mear witte fan de Twadde Wrâldoarloch. Dat is ek in 'generaasjeding', dus we hawwe by dizze searje derfoar keazen om by de basis te bliuwen."
De bern kinne in oarlochsgrêf by harren yn de buert opsykje
© Omrop Fryslân
Dat betsjut dat de searje benammen de grutte Fryske ûnderdielen by de kop pakt: it Fryske ferset en de Joadeferfolging. Mar ek de loftoarloch boppe ús provinsje en de striid yn de maaiedagen fan 1940.

Ynnovaasje foar de TikTok-generaasje

De opnamen foar de rige hawwe rûnom yn de provinsje plakhân. Mar de searje is net allinnich mar in fideorige, lykas eartiids 'SkoalTV' wie.
In tv de klasse yn ride om dêr passyf in filmke te sjen oer in spesifyk ûnderwerp, dat wurket net mear by de hjoeddeiske generaasje.
Ynnovaasje foar de TikTok-generaasje: sels op syk nei grêven yn nije Omropsearje
"De nije searje hat in ynteraktive opset, dus tusken de fideo's troch wurde bern stimulearre om sels ûndersyk te dwaan."

Tagong ta nije filmkes fertsjinje

Sa moatte de bern bygelyks koaden fan in wapendropping ûntsiferje, of it lot fan in Joadske húshâlding opspoare.
"Se kinne bygelyks ek in grêf opsykje fan in fleaner dy't yn de buert fan de skoalle begroeven is. As sy de fleaner fine, kinne se dat ynfiere en dat jout harren wer tagong ta it folgjende filmke."
Sjoch hjirûnder nei de earste ôflevering:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.