In nije 'Waddenomroep' moat trije lokale omroppen ferbine
Omroep Zilt, RTV NOF en Radio Texel wolle in nije streekomrop oprjochtsje: de Waddenomroep. Dêrfoar hawwe de partijen in oanfraach yntsjinne by it Commissariaat voor de Media.
De partijen hoopje mei de gearwurking in takomstbestindige, sjoernalistyk sterke en werkenbere streekomrop te foarmjen foar it Waad.
Mei de gearwurking sette de omroppen yn op it fierder profesjonalisearjen. Dat is in lanlike beweging, neffens de Stichting Nederlandse Lokale Publieke Omroepen (NLPO) binne der fan 2028 ôf 80 streekomroppen yn Nederlân.
Radio Texel
Radio Texel (offisjeel de Stichting Lokale Omroep Texel) giet op yn de nije Waddenomroep, sa is it idee. Foarsitter Aad van Gils neamt it sawol in logyske as in needsaaklike stap.
Omroep Zilt en RTV NOF bliuwe op deselde wize as no selsstannich wurkjen, mar partisipearje wol yn de Waddenomroep.
In logyske stap, sizze de omroppen, want sy dogge no beide ek al ferslach fan in part fan de Waadeilannen.
RTV NOF rjochtet him neist It Amelân en Skiermûntseach ek op Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Omroep Zilt is der foar Flylân, Skylge en Waadhoeke en Harns.
Hoop op 2026
De gearwurking mei Omrop Fryslân as regionale omrop bliuwt bestean. De oanfraach is woansdei yntsjinne en de lokale omroppen wachtsje no op in beslút fan it Commissariaat.
De trije lokale omroppen hoopje dat de Waddenomroep yn 2026 úteinsette kin.