Prieel sûnder papier: Tsjerkgaast leart in hurde les fan de hanthavening
In tal doarpsbewenners fan Tsjerkgaast is lilk op de gemeente De Fryske Marren. De rebûlje yn it doarp giet oer in belibbingsbosk en fergunningen.
De gemeente helle in opslachhokje, in prieeltsje en in ynsektmuorre fuort út it belibbingsboskje.
Dat ta grutte argewaasje fan de groep doarpsbewenners. Se begripe net dat dit sa moat.
Der hiene fergunningen komme moatten foar de geboukes yn de Tsjerkgaaster bosk.
De belibbingsbosk by Tsjerkgaast bestiet sa'n 10 jier. Doe kocht de gemeente it plak fan in bedriuw en it doarpsbelang makke der plannen mei.
Fiif jier lyn waard der echt wurk fan makke: der kamen fûgelkastkes, der waard in beamhutte boud en ek wat oar boartersark kaam yn de lytse bosk. Fruitbeamkes binne de lêste oanwinsten.
Tjitte de Wolff út it doarp gie der mei entûsjasme mei oan de gong. Der wurdt in soad gebrûk makke fan de bosk, troch jong en âld. Oant safier alles goed.
Gjin fergunning
Mar doe't der in kontener kaam te stean, dy't as opslachhok foar it túnark brûkt wurde moast, gie it mis.
De Wolff woe graach syn meanmasine deryn sette, mar ek skoppen en oar ark. De kontener waard omboud mei hout en seach derút as in boskhúske.
Ien ding die De Wolff net: in fergunning foar it hokje oanfreegje.
Datselde jildt foar in prieeltsje. Midden yn 'e bosk stiet it prieel dêr't minsken yn sitte kinne. Mar ek dêr is gjin fergunning foar oanfrege.
Se steane der yllegaal.
"Ik moat myn ark dochs kwyt", seit De Wolff. "En minsken wolle ek wol efkes sitte."
Hjir sit in soad tiid en leafde yn. It is allegear fuort.
De gemeente akseptearret net dat de 'geboukes' der sûnder fergunning steane. Doarpsbewenners praten al in jier as trije mei de gemeente, mar se kamen net fierder.
De Wolff seit dat hy der net fierder mei komt. En sa kin it dat de ôfrûne dagen minsken fan gemeentewurken oan de gong giene.
Mei in kraan en oar materiaal is it opslachhokje fuorthelle. Ek de ynsektemuorre is folslein fuort.
It prieeltsje stiet der noch, mar de stiennen binne der al út. It liket in kwestje fan dagen dat dat ek ferdwûn is.
Foar De Wolff is it reden de boel derby del te smiten. "Ik kom hjir noait wer, hjir sit in soad tiid en leafde yn. It is allegear fuort."
Gemeente 'koe net oars'
Neffens wethâlder Irona Groeneveld leit de bal benammen by it doarp sels. Sy seit dat de gemeente genôch meitocht hat en foarstellen dien hat om it oars op te lossen.
De gemeente wol perfoarst gjin bousels yn de bosk hawwe.
It gie ynearsten allinnich om de opslach, mar ek it pún dêr't de ynsektemuorre fan makke waard en it prieeltsje hearre net yn dat 'skarrelbosk', seit se.
Neffens Groeneveld hat doarpsbelang sels de hândoek yn 'e ring smiten troch de brûkersoerienkomst op te sizzen.
De gemeente seach dat de bousels net fuorthelle waarden en dus koe de gemeente net oars as hanthavenje, seit Groeneveld.