HEA! Eigenwiis hynder Floris
HEA! Yslânske hynders
Yn de maneezje fan Frjentsjer is in wedstriid mei Yslânske hynders. Emma Faber fan Tsjerkgaast docht hjoed oan dy wedstriid mei, tegearre mei har eigenwize hynder Floris. Se dogge ferskate proeven en dat giet harren goed ôf.
It Yslânske hynder is in ras dat stadichoan populêrder wurdt, foaral yn it suden en yn Dútslân. Ek by ús binne der hieltyd mear leafhawwers. Dizze Yslânske hynders ha as ekstra gong de tult en de telgong. De sjuery let spesifyk op de meardere gongen en hoe't se dy útfiere.
Floris is in hynder mei spesjale gebrûksoanwizing, want dy wol wolris dwers wêze. Emma kin der goed mei omgean en se falle dizze wedstriid ek noch yn de prizen.