HEA! Op it hynder te skieppetellen
HEA! Skieppetelle op it hynder
Alle dagen giet Jan Sipkema fan Bûtenpost te skieppetellen op it hynder. Fan de rêch fan syn Fryske hynder ôf hat hy in goed sicht op de bistjes en tagelyk kin Sipkema sa syn riden wat ûnderhâlde.
De eardere eigener fan in leanbedriuw hat de skiep om 'e pleats hinne, en wol se ek sa lang mooglik yn it gers rinne litte. Wol sit hy der oer yn oft der net ris in wolf by komt. De skiep ha wol respekt foar it hynder en geane samar yn de fangkoaien. Sa kin Sipkema se maklik telle of apart sette as se in behanneling nedich ha.