Omrop Fryslân

Sa driuwt brêge fan Spannenburch omwenners ta wanhoop: "Afsluiten? Dat is een drama"

De brêge by Spannenburch
© Shutterstock.com (Travel Telly)
Rykswettersteat hopet fan it hjerst mear dúdlikheid jaan te kinnen oer de kwetsbere brêge fan Spannenburch oer it Prinses Margrietkanaal. De tsjinst giet der fanút dat de âlde brêge noch tsjinst dwaan kin oant it momint dat der in nije brêge leit.
Undersyk nei de draachkrêft fan it stiel yn de brêge moat útwize oft dat ek mooglik is.
"We houden met alle scenario's rekening. Het uiterste scenario is afsluiting, maar daar gaan we echt niet van uit", seit distriktshaad Agnes Bernhardt fan Rykswettersteat.
Rykswettersteat: dizze hjerst mear dúdlikheid oer brêge Spannenburch
"De brug is van 1949 en echt aan vervanging toe", fertelt Bernhardt. "In de loop van de herfst wordt er een planning gemaakt van de vier Friese bruggen die vervangen moeten worden."
It giet dan om de brêgen fan Spannenburch, Twellingea, Aldskou en Koatstertille.
In spesjaal projektteam 'beweechbere brêgen' sil dit neijier in plan presintearje dêr't de te nimmen tariedingsmaatregels en út te fieren wurksumheden yn útlein wurde. It doel is om de fjouwer brêgen frij flot nei inoar te ferfangen.
It proses sil mei-inoar ferskate jierren duorje, sa stiet yn it wurkskema fan de haadfarwei De Lemmer-Delfsyl.
Ek de brêge by Twellingea is oan ferfanging ta
© Omrop Fryslân
Bewenners en bedriuwen yn Tsjerkgaast en omkriten meitsje harren soargen oer hoe't it yn tuskentiid komt mei de brêge fan Spannenburch. Kin dy al it ferkear wol dragen bliuwe oant der in nije brêge leit?
Frachtrider Reinder Boonstra fan Tsjerkgaast rydt alle dagen ferskate kearen oer de brêge fan Spannenburch.
Hy moat der net oan tinke dat de brêge ôfsletten wurdt, want dan soe er omride moatte oer De Lemmer of oer Snits.

25 oant 30 kilometer langer

De ôfstân fan Tsjerkgaast nei Sint Nyk, no in kilometer as fiif, wurdt dan mar leafst 25 oant 35 kilometer langer. "Dat kin echt net, dan kinne we better oerstappe op de bakfyts", seit Boonstra.
Reinder Boonstra
© Omrop Fryslân
De omwei oer De Lemmer troch it doarp Wikel is neffens him ek net geskikt foar grutte frachtauto's. "De kofje rattelt dan by de minsken sa út de kopkes wei en dat wolle je ek net."
Als je een oud huis hebt, spaar je voor onderhoud en renovatie. Waarom doet het Rijk dat dan niet bij een oude brug?
Foarsitter Hilda de Haan fan Pleatslik Belang Tsjerkgaast
Pleatslik Belang Tsjerkgaast is lilk oer de berjochten dat it mooglik nedich wêze kin om de brêge ôf te sluten. "Dat is een drama voor de hele streek", seit foarsitter Hilda de Haan fan Pleatslik Belang.
"We hebben kinderen die in Sint Nyk naar school gaan. Families die aan weerszijden van de brug wonen, worden dan gescheiden."

Geduld rekket op

De Haan wiist derop dat pleatslik belang al sa'n 8 jier kontakt hat mei Rykswettersteat oer de needsaak om de brêge te ferfangen. "Ons geduld begint zo langzamerhand op te raken."
De Haan begrypt ek net folle fan de bedriuwsfiering by de oerheidstsjinst. "Als je een oud huis hebt, spaar je voor onderhoud en renovatie. Waarom doet het Rijk dat dan niet bij een oude brug?"
Hilda de Haan fan pleatslik belang
© Omrop Fryslân
Ferkearswethâlder Irona Groeneveld fan De Fryske Marren dielt de soargen fan de ynwenners fan Tsjerkgaast en omkriten. "Wy hawwe yn Twellingea sjoen hoe yngripend it is as in doarp midstwa dield wurdt. As de brêge ôfsletten wurde moat, moatte je de bewenners in alternatyf biede."
"Rykswettersteat moat dan in plan klear hawwe foar in needbrêge. Dat is nedich foar de leefberens en ek foar de berikberens fan ús bedriuwen."
Rykswettersteat moat dêrom in goed plan meitsje foar de ferbining oer Spannenburch en dêr oer goed oer kommunisearje mei de bewenners, is Groeneveld fan betinken. "De minsken moatte wite wêr't se oan ta binne. In kear in wike omride is net sa slim, mar folle langer moat it net duorje."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.