Boer Bartele moat fan gemeente ophâlde mei winkel en restaurant: "Binne der kapot fan"
Biologysk feehâlder Bartele Holtrop (Boer Bart) moat fuortendaliks ophâlde mei in part fan syn bedriuw. Neffens gemeente De Fryske Marren foldocht hy net oan de fergunning. De 39-jierrige Rotstergaaster seit dêrop fallyt te gean.
"Wy binne hjir echt hielendal kapot fan", seit Holtrop mei de triennen yn de eagen. Yn 'e hân hâldt er in brief fan gemeente De Fryske Marren.
Yn dy brief stiet dat Holtrop op 3 desimber ophâlde moat mei de nevenaktiviteiten fan syn bedriuw. As dat net bart, folget in twangsom fan 2500 euro deis, mei in maksimale boete fan 25.000 euro.
Boer Bartele moat fan gemeente ophâlde mei winkel en restaurant
Wa is Bartele Holtrop?
Bartele Holtrop is de earste boer yn Nederlân dy't mei it útjaan fan oandielen in nije, takomstbestindige bedriuwsfiering delsette woe. Dat die er troch oare aktiviteiten njonken de agraryske bedriuwsfiering te begjinnen.
Holtrop woe ûnder oare loskomme fan de bank en wurke mei obligaasjehâlders. Oare oerheden seagen dit as in foarbyld.
Wat is der oan de hân?
Yn 2020 krige Holtrop in fergunning foar de nevenaktiviteiten dy't hy opsette woe, lykas in restaurant en in winkel.
Yn it restaurant ite tongersdeis gasten en yn de winkel (in lytse supermerk) kinne klanten fleis en aaien helje. De nevenaktiviteiten besloegen yn 2020 minder as tsien prosint fan syn bedriuwsfiering (de werklike biologyske agraryske ûndernimming mei melkfee). Dat bleau binnen de fergunning.
Troch de jierren hinne is it bedriuw fan Holtrop groeid en binne dizze nevenaktiviteiten grutter wurden. It bedriuw draait yntusken op it restaurant, de winkel en de boarterstún.
Dat is dus mear as tsien prosint fan syn bedriuwsfiering, wat neffens de fergunning net mei. Yn de brief stiet: "de vergunde nevenactiviteiten dienen ondergeschikt te zijn aan de agrarische bedrijfsvoering."
Reaksje gemeente De Fryske Marren
"We zijn benaderd vanuit de omgeving van Boer Bart. Het verzoek was om de activiteiten die plaatsvinden bij Boer Bart te onderzoeken. Wij hebben vervolgens onderzoek gedaan naar die activiteiten en de omgevingsvergunning. Dit bleek niet volledig in overeenstemming: de activiteiten passen niet bij de verleende omgevingsvergunning."
"Bepaalde activiteiten mogen namelijk alleen in een specifieke periode uitgevoerd worden, te weten van maart tot en met september."
"Dit, en de eventuele vervolgacties hebben we vanaf 30 oktober 2025 in meerdere gesprekken bij meneer Holtrop kenbaar gemaakt. Helaas heeft dit niet geleid tot aanpassing van de activiteiten. Dat is de reden dat Boer Bart nu gevraagd is met ingang van 4 december hiermee te stoppen."
De gemeente falt ek oer it parkearjen fan de klanten. Der soe tefolle oerlêst wêze troch parkearjen yn de berm.
"Mar it is parkearje op eigen terrein. Der hat in kear in ynspeksje west en doe stiene der auto's yn de berm. Dy hearden net iens by ús, mar klear. Dêrnei ha wy op eigen terrein in parkearplak makke dêr't gjinien lêst fan hat."
Seach Holtrop dit net oankommen?
Hoe't je der ek nei sjogge, juridysk sjoen moatte ûndernimmers harren hâlde oan fergunningen. Wêrom seach Holtrop dit dan net oankommen?
"Yn 2020 woene wy ús restaurant iepenje litte troch de boargemaster (doe noch Fred Veenstra red.). Mar Veenstra sei doe dat hy dat net dwaan koe, want wy hiene net de goede fergunning. Wol woene hy en it amtlik bestjoer fan de gemeente meiwurkje oan in fergunning."
"Doe ha wy gewoan in beskriuwing meitsje litten fan ús bedriuw. Dat wie yn dy tiid fansels noch hiel kneuterich. Ik bakte sels de pankoeken en de kofje kaam út in kanne. We hiene de kopkes fan ús beppe, want we hiene gjin jild om servys te keapjen."
"Dy beskriuwing wurdt no brûkt as de fergunning. Mar dat is ûnsin, want ik ha gewoan in hoarekafergunning en alles. Mar sy falle dus oer de âlde beskriuwing."
"Yn de omjouwingsfergunning, dat de échte fergunning is, stean de foarskriften dêr't je je oan hâlde moatte."
"Dat giet dan bygelyks oer iepeningstiden of hoefolle gasten der komme meie. Dêr hâlde wy ús oan. Mar no brûke sy de beskriuwing as nij hânhaveningsmiddel."
Hoe no fierder?
Soest sizze kinne dat der neat te rêden is as Holtrop gewoan weromgiet nei de oarspronklike agraryske bedriuwsfiering. Dat sjocht hy oars.
"Dan bin ik fallyt, want dit is allegear yntusken opboud en der binne ferskate lieningen foar ôfsluten. Njonken dat ha ik personiel oan it wurk, wat moat dêr dan mei barre?"
It stekt neffens Holtrop ekstra dat hy de brief mei de twangsom krige op it momint dat der amtners fan oare provinsjes op besite wiene om te sjen nei syn bedriuwsfiering.
"Dy seine dat wy in foarbyld binne foar de rest fan Nederlân en dan krijst tagelyk sa'n brief op de matte. Ik wit it ek allegear net mear."
Holtrop seit al ferskate kearen yn petear west te hawwen mei de gemeente. Sy ha neffens him oanjûn net meiwurkje te wollen oan in nije fergunning. Dochs hopet hy dat noch wol foarinoar te krijen.
Mar dat is foar letter. Foarearst is tongersdei allinnich it lûd fan kij op de pleats fan Holtrop te hearren. It restaurant, de winkel en de boarterstún bliuwe ticht.