Biologyske boer wol sûnder bank fierder: "Gjin slaaf fan it systeem mear"
Biologysk buorkje sûnder finansiering fan de bank: Bartele Holtrop fan Rotstergaast wol as ien fan de earste boeren dy stap sette. Hy ferkeapet obligaasjes fan syn bedriuw.
"Wy sitte as agraryske sektor yn in systeem dêr't wy net fan winne kinne", fynt Holtrop. Hy kuieret troch de greide yn Rotstergaast, krekt noardlik fan De Tsjonger. Yn de fierte wachtsje sa'n tachtich kij oant sy binnen helle wurde kinne foar it melken.
"It jild sit yn de yntinsive feehâlderij, want in bank wol rendemint sjen. De mear kij, de mear jild der fertsjinne wurde kin. In bank finansieret in nije stâl, dy't je útwreidzje moatte om wer jild te fertsjinjen. Gean sa mar troch yn dy sirkel."
Tagelyk trapet de oerheid op de rem en wol it krekt de oare kant op. "Ik wol út dat stramyn komme, want wy binne as boeren no eins in slaaf fan it systeem."
Dizze boer út Rotstergaast jout obligaasjes út om sûnder bank fierder te kinnen
Op dit stuit wurdt syn biologysk melkfeehâlderijbedriuw finansiere troch de Rabobank. Mar Holtrop dielt syn pleats op yn tûzen stikjes. Belizzers kinne ien fan dy stikjes keapje.
"Dan bist in soarte mei-eigener. Dêr krijst rendemint op en wy losse dêrmei de bank ôf. Dêrmei hoopje wy út de rat race te stappen fan altyd mar mear molke, kij en trekkers", fertelt hy. "It is net allinne de bank, it is ek in foeradviseur, de Holstein-ko. Wy wolle werom nei hoe't wy tinke dat it bedoeld is."
Ynvestearje
Ynvestearders wurde gjin eigener fan grûn en krije dus ek neat oer de pleats te sizzen. Mar der falt wol wat mei te winnen, leit Holtrop út. "Sy krije mear rinte as dat sy no by de bank krije."
De belizzingsperioade is tusken de 10 en 30 jier. "Je krije rinte werom of je kinne it yn iten krije. Fleis, bûter of aaien foar jild: eins is it gewoan werom nei de basis. Ik helje de tuskenminsken derút."
"Nei de Twadde Wrâldoarloch hawe wy mei ús allen in systeem ynset fan 'nea wer honger'", seit Holtop. "Mar dat barst út 'e foegen. Wy moatte werom nei de basis."
Holtrop hat op dit stuit noch lieningen útstean by de bank, mar hopet dy mei de obligaasjes ôfkeapje te kinnen.
It ferkeapjen fan obligaasjes yn de agraryske wrâld is nij, al bart soks al langer yn de saaklike brâns. "Yn oare sektoaren is it hiel gewoan om in oandiel te keapjen. As de bank mear rinte wol, wêrom jouwe wy dan gjin oandielen út? Sa kinne wy op in duorsume wize trochbuorkje", seit Holtrop.
Risiko's of feiligens
Der komt wol in risiko sjen by dizze wize fan finansieren: as in bedriuw fallyt giet, kinne de belizzers it jild net weromkrije.
"Je kinne nea in garânsje fan hûndert persint jaan", seit Holtrop dêroer. "Mar de agraryske wrâld stekt oars yninoar. De wearde fan grûn bliuwt en dêrmei kinne wy buorkjen bliuwe. Uteinlik is it in win-win."
It boerebedriuw is stabiler as bygelyks in hannelsbedriuw, stelt Holtrop. "Je keapje in stikje grûn, in stikje kij, in stikje fosfaatrjochten. En yn it slimste gefal dan wurdt it bedriuw ferkocht en dan krijst dyn obligaasje werom. Dizze bedriuwen binne folle feiliger mei fêste kontrakten foar lange terminen en hege molkeprizen."
In grut foardiel foar Holtrop is ek dat er net ôfhinklik is fan merkprizen. "En omdat wy dy trekkerweinen net brûke, makket de diselpriis ús net bot út. Yn hiele goede tiden draaie wy gewoan, mar yn minne tiden ek. As wy alle dagen ús ding dogge en de ko makket fan gers molke, dan hawwe wy in goed rendemint."