KAART: Hûnderten plakken yn Fryslân dêr't froulju har net feilich fiele
Tsjustere steechjes, in parkearplak mei hingjeugd of it útgeansgebiet yn Ljouwert. Hûnderten froulju ha fia in meldpunt oanjûn wêr't se harren net feilich fiele yn Fryslân.
Fan de 350 lokaasjes binne hast 200 yn de stêd Ljouwert. Oare grutte plakken as Drachten en It Hearrenfean komme dêrnei, mei elk sa'n 35 lokaasjes dêr't froulju har net feilich fiele.
Dit binne dy 350 plakken:
Froulju jouwe trije redenen foar it ûnfeilige gefoel. Twa tredde fan 'e meldingen is omdat de persoan sels of in oar op it plak wat oerkaam is.
In oare reden fan de melding kin wêze dat de persoan de omjouwing aaklik fynt.
Ferantwurding
De data fan dizze kaart is sammele troch Pointer, it platfoarm foar ûndersyksjoernalistyk op KRO-NCRV. Tûzenen froulju, mar ek hûnderten manlju en minsken mei in oare genderidentiteit, ha reagearre.
De meldingen fan de Fryske lokaasjes kamen foar it grutste part fan froulju (95%). De respondinten koene meardere lokaasjes oanjaan.
Jildau makke wat aakliks mei doe't sy mei har freon hân yn hân rûn oer it Ruterskertier yn Ljouwert.
"Wy rûnen foarby in man dy't dêr allinnich stie. Hy pakte my by myn billen beet. Dêrnei pakte hy myn earm fêst en hy woe net mear loslitte", fertelt Jildau.
Letter noch in kear
Ta har ferbjustering barde it dy jûn op itselde plak noch in kear.
"Ik hie it idee dat hy it by mear dien hie. Want in pear oare fammen treaune him by my wei en seinen soks as 'no moatst it net ek by har dwaan'.
"Wêr ta yn steat?"
It sette Jildau oan it tinken: "As hy dit no meardere kearen dien hat, ek wylst ik mei myn freon rûn, wêr is hy dan noch mear ta yn steat?"
Yn in minder drokke strjitte, oan it Zaailand achter De Harmonie, makke Vera wat ferfelends mei.
"Het was donker en ik zou mijn fiets pakken. Toen stopte er een auto met twee mannen erin. Ze keken me intimiderend aan en riepen 'wat ben jij lelijk'."
Vera wie benaud dat de mannen achter har oankomme soene en doarde net fuort te fytsen.
"Ik ging weer naar binnen toe, zodat ik later met vriendinnen naar huis kon fietsen."
Eltse frou dy'tst fregest, wit wol in pear plakken dêr't sy leaver net komt of dêr't sy har ûnfeilich fielt.
"It stikje fan de Weaze nei de Blokhuispoort, dat is in hiel ûnnoflik stikje om te rinnen", wit Jildau fuort. "En oan it begjin fan de Potmarge, dat is ek net in hiel goed stik."
Meldpunt
De gemeente iepene yn 2024 in meldpunt strjityntimidaasje. Dêr binne yntusken goed fjirtich meldings binnenkaam.
De gemeente wol der sa achterkomme wêr't de hotspots binne yn Ljouwert. Dêr kin mear hanthavening ynset wurde.
Iepenbiere romte oanpasse
"Maar we kunnen natuurlijk ook in het ontwerp van de openbare ruimte er rekening mee houden", seit wethâlder Hein Kuiken.
Tink oan it fuortheljen fan boskjes, kamerabefeiliging en mear ferljochting.
De binnenstêd en it Ruterskertier wurde ynkoarten opnij ynrjochte. "Gelet op de actualiteit krijgt veiligheid daarbij meer gewicht dan in het verleden."
"Spreek je zoon aan"
Wat Jildau en Vera oerkaam, neamt wethâlder Kuiken "onacceptabel". "Daar is geen tolerantie voor." De gemeente wurket gear mei ynstânsjes as Fier en de plysje om it probleem oan te pakken.
"Maar het is een onderwerp voor iedereen. Ga erover het gesprek aan. Praat er niet alleen met je dochter over, maar spreek ook je zoon aan."
It grutste part fan de minsken dy't in melding makken op boppesteande kaart, hat it gedrach oanpast.
De measten mije it plak yn it tsjuster of litte famylje of freonen witte wêr't sy binne troch bygelyks in live-lokaasje oan te setten.
In wapen
Wat opfalt is dat by hast santich meldingen de persoan in wapen by har of him hat troch it ûnfeilige gefoel. It grutste part fan dizze meldingen komt fan froulju tusken de 18 en 25 jier.
Om watfoar wapen it giet, is net frege yn de enkête.
"Eerder vermeed ik bepaalde buurten 's nachts. Dat was in het centrum niet het geval, maar nu houd ik dat toch wel in mijn achterhoofd, want hier kan blijkbaar ook iets gebeuren", fertelt Vera.
Jildau makke in melding by de plysje fan wat har oerkaam.
"Ik ha gjin oanjefte dien, omdat ik fûn dat it net swier genôch wie. Mar miskien dat myn melding it setsje wêze kin wêrtroch't hy wol oanpakt wurde kin by in oar."
Froulju ha yn harren stêd eins altyd wol in plak dêr't se har net feilich fiele
Dochs bliuwt dat wat har oerkaam oantaasting. Mar om't it sa faak bart, hawwe froulju de neiging om te sizzen dat it net slim genôch is.
"Het maakt me eigenlijk een beetje boos. Vrouwen wordt van jongs af aan ingeprent voorzichtig te zijn", seit Vera. "Maar het probleem ligt bij de daders, de mannen die het doen. Daar zou veel meer mee gedaan moeten worden."