De Dolle Mina's binne werom en dit is wêrom't dat nedich is
De skiednis werhellet 'm. Op 'e nij steane froulju op om te striden foar har rjochten, foar it feilich thúskommen nei in nacht stappen en om te striden tsjin femiside. In striid dy't al hast wer ferjitten wie wurdt mei in nije generaasje nij libben ynblaasd. De Dolle Mina's binne werom.
En dat waard tiid ek, seit feministe fan de earste oere Arjette de Pree. Ein jierren '70 rûn sy nachts yn Ljouwert ek de oer strjitte mei deselde leuzen as ôfrûne wiken skandearre waarden: "Geef ons de nacht terug!"
Sûnt dy tiid is it omtinken foar it ûnderwerp stadich oan wat fuortsakke. De nije generaasje fan no wol eltsenien wer wekker skodzje.
Dolle Mina's
De Dolle Mina's is in feministyske beweging dy't yn 1969 ûntstie út studinten, sosjalistyske jongeren en wurkjende froulju. Oant ein jierren '70 fierden sy aksje foar likense rjochten tusken manlju en froulju.
Yn 2013 waard de groep nij libben ynblaasd. Oanlieding wie doe dat yn nije treinen fan de NS, de Sprinters, gjin húskes pleatst wurde soene.
Yn 2013 waard de groep nij libben ynblaasd. Oanlieding wie doe dat yn nije treinen fan de NS, de Sprinters, gjin húskes pleatst wurde soene.
By de aksje ôfrûne sneon yn Ljouwert waard pynlik dúdlik werom't it nedich is. Guon jonge manlju fûnen it nedich frou-ûnfreonlike en seksueel tinte opmerkings te meitsjen.
Carolien Tiedema is ien fan de jonge froulju dy't no de striid oppakt. "In rjochtfeardigensgefoel, stride tsjin ûnrjocht", dat brocht har nei de Dolle Mina's ta.
Mar ek it gefoel dat se as frou net altyd serieus naam wurdt.
"Ik hie ris in technysk probleem. De man dy't kaam te helpen negearre my folslein en rjochte him op de mannen dêr. Wylst it myn probleem wie. Doe wienen dêr de Dolle Mina's en ik tocht: Dêr fyn ik in groep dy't mei my hjir foar stride wol."
De Dolle Mina's groeie
Lânlik groeie de Dolle Mina's rap. Der binne no al mear as 2400 froulju by oansluten. Oeral wurde aksjes organisearre. Ofrûne wykein yn Utrecht wie der noch in grutte mars tsjin femiside, earder wie der al sa'n selde optocht yn Grins.
En fansels de striid foar de nacht. Dat se feilich thúskomme kinne mar ek dat se har nocht ha fan de seksistyske opmerkings dy't se nei de holle smiten krije.
Ynfluencers mei minne ynfloed
Tiedema: "Der wurde hieltyd makliker frou-ûnfreonlike opmerkings makke. Online binne der ynfluencers dy't sizze dat froulju thúshearre en tsjinstber wêze moatte oan in man. Dat is benammen yn de Feriene Steaten it gefal, mar it waait ek dizze kant op."
It makket de needsaak op te kommen foar de rjochten fan froulju allinnich mar grutter, seit Tiedema.
Dat fûn Arjette de Pree yn de jierren '70 ek. Se wie 13 doe't se in brief stjoerde oan it feministyske blêd Opzij. De tematyk wie gelyk oan dy fan no: se ergere har oan opmerkings dy't mannen makken. Se waard fuort oannaam as columniste.
Krekt as ein jierren '70
"Ik zie wel paralellen met de jaren '70", seit De Pree. "Toen liep ik ook mee in demonstraties over hetzelfde onderwerp. Dat je veilig over straat wilde. Dat mannen je niet nafloten. Er is niet veel veranderd."
Ik ben een beetje in slaap gesust, net als heel veel vrouwen.
Se is bliid dat it ûnderwerp no wer op de aginda set wurdt: "Waar we toen op inzetten was dat meisjes en vrouwen met rust gelaten moeste worden door mannen. Dat is niet gebeurd. Er is te weinig aandacht voor geweest."
'Gewoan wurden'
Dat hat te krijen mei dat foar froulju gewoan wurden is, seit De Pree: "Dat als je 's avonds gaat fietsen je een sleutelbos in je handen houdt. Dat je nadenkt over waar je langs fietst. Als iets normaal is wen je daar aan. Maar dat is het niet. De moord op Lisa was een druppel en je voelt dat de woede en onmacht onder vrouwen groot is."
"Ik moet zeggen, ik was er ook aan gewend. Dat is bij alle vrouwen die ik ken aan de hand. We houden er altijd rekening mee dat er iets kan gebeuren. Dat is voor vrouwen normaal. Dat is niet normaal. Ik ben een beetje in slaap gesust, net als heel veel vrouwen."
Feroaring begjint op skoalle, mar benammen ek thús
It giet neffens Tiedema, mar ek De Pree, fierder as allinnich it tema feilichheid op strjitte. "Thús binne froulju somtiden ek net feilich. Dat is seker in belangryk punt."
Der moat wat feroarje, en rap. "Dat begjint op skoalle, thús mar ek yn sis de jeugdsoarch", seit Tiedema. "De oerheid kin helpe dêr feroaring yn te bringen."
Lit froulju meitinke oer de ynrjochting fan de romte
De Pree follet oan: "Ik vind ook dat gemeenten vrouwen moeten betrekken bij het ontwerp van wijken, de aanleg van wegen. Dat ze dan de vraag stellen: Werkt dit voor vrouwen, vinden jullie dit veilig of moet het anders."
Mar ek De Pree wit: der feroaret pas wat at it yn de hollen fan mannen feroaret. En dan helpt it net mei dat de striid fan ein jierren '70 no werhelle wurde moat.
Dochs sjocht se ljochtpuntsjes: "Er is veel verbeterd voor de positie van vrouwen. Als je kijkt naar hoeveel vrouwen economisch zelfstandig zijn, hoeveel er meer studeren. Veel gaat goed, maar we zijn er nog niet."
Bewustwêzen
"It begjin mei bewustwêzen", seit in striidbere Tiedema. "Dêrom meitsje we no in hoop leven. Dêrmei besykje wy de polityk te berikken. Yn de hoop dat sy hjir systematysk wat mei dogge."
It kin dan gean om it meitsjen fan diversiteitsbelied dat froulju te goede komt. Mar de diskusje oer diversiteit leit ûnder fjoer. Yn de Feriene Steaten is dat allegear oan de kant skood sûnt Trump dêr oan de macht is.
Dêr wurdt se mismoedich fan en dan set se it nijs út. "Mar it jout ek hoop. Want we hienen in mars yn Grins en dêr kamen tûzenen minsken op ôf. At wy ús stilhâlde kriget de oare kant de kâns har sin troch te setten. We moatte tsjinlûd jaan. It baltsje rôlet."
De Dolle Mina's binne werom.