De stille striid om feiligens: wat bart der nei in melding by Veilig Thuis?
Razerij yn hûs, bern dy't fertutearze oer strjitte rinne of in frou mei in blau each. Buorlju sjogge it en dogge in melding. Mar wat bart dêrnei?
Help begjint meast mei in melding by Veilig Thuis. Faak kin lykwols net fuortendalik wat dien wurde. Dochs wurdt efter de skermen hurd wurke oan help. Twa meiwurkers fan Veilig Thuis lizze (anonym) út wat se by in melding dogge.
Meiwurkers dogge anonym harren ferhaal
Sarah en Marieke binne net de echte nammen fan de meiwurkers fan Veilig Thuis. Dy binne bekend op de redaksje. Yn ferbân mei bedrigings binne de nammen anonimisearre.
Sarah sit oan de telefoan, se kriget in melding binnen. "Ik vraag om voorbeelden. Kunnen ze concreet vertellen wat er gebeurde? Dat moet echt feitelijk, want met 'ik hoor dit' of 'ik hoor dat' kunnen wij niets."
In saak falt of stiet mei konkrete oanwizings, seit Sarah.
Puzelstikjes
"Soms schrik je wel van wat je hoort", seit Sarah. "Door te vragen krijg je context. Dan vallen puzzelstukjes op hun plek."
Op it momint dat de melding stiet en helder is dat wat dien wurde moat, komt Marieke oan bar.
"Je stapt binnen bij mensen die op hun kwetsbaarst zijn. Ze zijn gespannen, bang dat we de kinderen komen halen. Dan maak ik daar soms een grapje over om het ijs te breken. Dat is niet onze taak."
Marieke sjocht ek dat minsken har hûs himmelje en opromje foar't se komt. "Dat hoeven ze voor mij niet te doen. Ik kom daar voor hun."
Earnstige fersmoarging
Se wurdt yn har wurk konfrontearre mei saken dêr't je mar kwealik op taret binne. Marieke: "Na een melding van de woningbouw kwamen we bij een woning die ernstig vervuild was met uitwerpselen van dieren. Daar schrik ik van, want er waren ook een baby en nog twee kinderen."
De mem is wiis mei de help. Einlings seach ien dat sy it net mear oan koe.
Om't de fersmoarging foar de bern ûnfeilich is, wurde dy tydlik by famylje ûnderbrocht. It hûs kin dan goed skjinmakke wurde. "Dat is dus geen uithuisplaatsing", leit Marieke út.
Koade read
Dat wol Marieke ek hiel graach dúdlik meitsje: Veilig Thuis hellet gjin bern út 'e hûs wei. Se meitsje wol in rapport op fan wat se oantreffe en hoe't de help it bêste ynset wurde kin. De bal leit dan by in wykteam of oare helpferlieners lykas de Raad voor de Kinderbescherming.
"Op het moment dat ik onderzoek doe, moet ik antwoord kunnen geven op de vraag of er sprake is van kinder- of ouderenmishandeling of een dreigende situatie voor een vrouw." As dat it gefal is, wurdt de saak oerdroegen oan oare ynstânsjes.
Somtiden is de need heger, seit Marieke.
"We hadden een gesprek met een vrouw die aangaf doodsbang te zijn. Tijdens het gesprek werd ze wel dertig keer gebeld door haar partner. Toen ze opnam en op de speaker zette was het eerste wat hij zei: wat doe je op het politiebureau?"
Dêr wienen se op dat stuit net, mar wol dêr yn 'e buert. Foar Marieke wie it fuort koade read. De frou en har bern moasten yn feilichheid brocht wurde. Dat bart yn gearwurking mei de plysje en de frouljusopfang fan Fier.
Je moet niet de illusie hebben dat alles in één keer goed gaat.
Dêr sit ek fuort de swakte fan it systeem. Neist de lange wachtlisten, moatte minsken ek sels meiwurkje wolle.
"Mensen maken soms keuzes waardoor problemen blijven terugkomen. Je moet ook niet de illusie hebben dat alles in één keer goed gaat. Ik denk dat wij soms te snel willen. Dat mensen er nog niet klaar voor zijn geholpen te worden."
Fan melding nei aksje
As in melding binnenkomt by Veilig Thuis, wurdt earst in feilichheidsbeoardieling dien. Dan wurdt bepaald oft it gebietsteam nei de húshâlding ta giet, of dat Veilig Thuis yngreven ûndersyk dwaan moat.
Yn it gefal fan in krisis, in driigjende situaasje, wurdt fuort aksje ûndernommen.
De problemen feroarje ek. Earder wiene it komplekse skiedingen, no giet it faker oer yntime terreur, femiside en ear-relatearre geweld. It set de helpynstânsjes foar nije útdagings.
Sels in stap sette
De lêste tiid komme mear meldings en fragen binnen en dat sjogge Marieke en Sarah as in goed teken. "Mensen moeten zelf de stap zetten", seit Marieke.
"Soms moet je iemand overtuigen dat ze hulp nodig hebben", follet Sarah oan. "Dat je dan tegen hen zegt dat het niet oké is wat ze meemaken."