Gebouwen yn Ljouwert kleurje oranje om geweld tsjin froulju
Ferskate gebouwen yn Ljouwert kleurje dizze wike oranje, fan hoarekasaken tot kulturele ynstânsjes. Dit om omtinken te freegjen foar yntimidaasje en geweld tsjin froulju.
Sa dogge ûnder oare it Fries Museum, de gemeente Ljouwert en de Kunstkade mei oan de aksje. Troch de kampanje fan 'Wij eisen de nacht op' kaam stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert mei it inisjatyf foar de aksje.
De oranje kleur wurdt oer de hiele wrâld brûkt yn 'e striid tsjin femiside.