Omrop Fryslân

Froulju easkje mei fakkels de nacht werom: "Belachelijk dat het niet veilig is op straat"

Froulju rinne mei fakkels troch Ljouwert
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Mei brânende fakkels yn 'e hân ha sa'n 250 froulju en ek in tal manlju de nacht weromeaske. Under lieding fan de feministyske beweging Dolle Mina's rûnen se troch de Ljouwerter binnenstêd, út protest tsjin de ûnfeiligens fan froulju.
Dy ûnfeiligens waard nochris ûnderstreke doe't in tal dielnimmers yntimidearre waard troch jonges op fyts.
"Ik rin mei foar myn dochters. En eins foar alle dochters yn de wrâld", seit in mem dy't mei har twa dochters op it protest ôfkomt.
Het is gewoon belachelijk dat het niet veilig is op straat. Dat hoort een recht te zijn.
Ien fan de dielnimmers oan de fakkeltocht
It wie har idee om mei fakkels mei te rinnen. "Dat se feilich oer strjitte kinne, dat fyn ik hiel wichtich."
Har dochter sjocht faak dat dat net slagget. "Er zijn vriendinnen van mij die onderweg naar huis aangerand worden, nagefloten worden, van de fiets afgetrokken worden, dat soort dingen. Het is gewoon belachelijk dat het niet veilig is op straat. Dat hoort een recht te zijn."

"Nog genoeg om voor te strijden"

Foar in oare dielnimmer jout de grutte opkomst krêft. "Er is nog steeds een loonkloof. We hebben nog steeds abortus en het strafrecht staan. We hebben femicide. Vrouwen zijn nog steeds niet veilig op straat. Dus er is nog genoeg om voor te strijden."
De fakkeltocht giet troch de Prinsetún
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"We maken met elkaar weer een vrouwencultuur. Met onze dromen, kennis, onze gein, zijn we terug op eigen terrein." Yn koar sjonge de froulju it Heksenlied yn de Prinsetún.
It ferske slút oan by de tradysje fan de Heksennacht, dy't yn 1996 foar it lêst yn de stêd hâlden waard. Mei as ferskil dat de beweging no ek aktyf manlju belûkt by it protest.
Ien fan de manlju dy't meirint yn de mars beklammet dat net alle manlju froulju op stjitte ûnfeilich fiele litte.
"Der sitte mear goeie tusken as minne. En spitigernôch is it krekt dat lytse persintaazje dat it enoarm ferpest en ûnfeilich makket. En dêrom is it just as man ek goed om sjen te litten datst solidêr bist en datst it wichtich fynst."
Fakkeltocht troch Ljouwert
En dat it opkommen foar de feiligens en rjochten fan froulju noch altyd nedich is, waard ek dizze jûn sichtber.
"We zijn geïntimideerd door drie jongens op de fiets", fertelt Kyra van Wirdum fan de Dolle Mina's. "Die scholden de mannen in de stoet uit voor 'homo' en fietsten heel intimiderend tussen de groep door. Eentje probeerde mijn telefoon uit mijn hand te trekken."

"De straat én de nacht is ook van ons"

It docht har in soad, om't se just wol dat de aksje feilich en rêstich ferrint. "Dat de deelnemers niet bang zijn om volgende keer weer mee te doen om een stem te laten horen. Want dat is, blijkt nu alweer, heel hard nodig."
In oare Dolle Mina, Kyra van Hinsberg, ûnderstreket dat. "Het is heel verdrietig, maar het laat het probleem zien. En we blijven laten horen: we zijn hier en we gaan niet meer weg. De straat én de nacht zijn ook van ons."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.