Omrop Fryslân

Friese Rijders wolle nije foarm fan help oan Oekraïne: "Binnen 24 of 36 oeren in frachtwein derhinne"

De Friese Rijders bringe doazen mei helpguod nei Oekraine
© Arnaud Dijkstra
De organisaasje de Friese Rijders, dy't helpt ferlient yn Oekraïne, tinkt nei oer in ekstra foarm fan helpferliening yn it lân dat yn oarloch is mei Ruslân. Al fjouwer jier ride frachtweinen fol mei iten, medikaasje, klean en oare needsaken rjochting Oekraine.
Ferline wike wie der in grutte oanfal op de stêd Ternopil. Tsientallen minsken kamen om by de oanfal fan Ruslân.
Arnaud Dijkstra fan de Friese Rijders fertelt dat hy krekt wer in filmke seach fan in begraffenis fan in frou en twa dochters. Hertferskuorrend neamt hy de bylden.
Foar de organisaasje wie dizze oanfal reden om fuort ekstra yn aksje te kommen. Se hawwe guod rjochting de stêd brocht.
Dizze aksje brocht ek it idee om nei te tinken oan in oare foarm fan helpferliening. "Yn de takomst soene we tinke kinne oan in 'quick respond team'. Dat we sa rap mooglik minsken helpe kinne. Wy wolle dêr dan binnen 24 of 36 oeren in frachtwein hinne hawwe."
In frachtwein fan De Friese Rijders
© Arnaud Dijkstra
No't der folle mear bombardearre wurdt op boargerdoelen is it wurk fan de helpferlieners der net makliker op wurden. Op dit stuit sitte in oantal sjauffeurs yn Oekraine en ek in fotograaf. Dy moatte sa út en troch de skûlkelder yn as der driigjende situaasjes binne.
"Ik krige krekt noch in berjocht dat it goed gie nei in driging, mar dan is it wol wat panyk", neffens Dijkstra. "As je yn in stêd binne dêr't krekt in soad deaden fallen binne, is der wol eangst."
De helpferlieners sitte lykwols net hiel ticht by de frontliny en bliuwe bygelyks sa koart mooglik yn in stêd as Kiev.
In oanfal op Oekraïne
© Friese Rijders
It nijs oer de oarloch yn Oekraïne rekket sa út en troch nei de eftergrûn. Dochs komme de donaasjes noch in hiel soad binnen by de Friese Rijders. Der is gjin sprake fan minder entûsjasme om help te jaan, seit Dijkstra.
"We binne de ôfrûne wike oer de acht ton oan euro's hinne gien dit jier. We ha noch nea safolle jild binnen krigen yn de ôfrûne fjouwer jier. Dêr binne wy hiel tankber foar."

Iepen dei

Kommende sneon 29 novimber organisearret de Friese Rijders in iepen dei. Minsken binne fan njoggen oere ôf wolkom op lokaasje yn Haulerwyk en kinne dan in rûnlieding fan in healoere krije om te sjen wat der allegear bart.
Koen en Frank, de bekende patatbakkers dy't hiel faak yn Oekraïne stean mei harren ridende snackwein, komme ek op dizze iepen dei. Neffens de organisaasje binne pipernuten wolkom; dy wurde dan fuort dêrnei nei Oekraïne ferfierd.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.