Kostúms út iepenloftspul Jorwert geane nei Oekraïne: "Bettere bestimming koe ik net betinke"
De kostúms út it lêste iepenloftspul fan Jorwert krije in wol hiel bysûndere nije bestimming. De klean gean nei oarlochsgebiet yn Oekraïne.
Winterjassen, sjalen, mûtsen, moffen, tekkens. Eins al it guod dat de akteurs en figuranten yn de foarstelling Westwurd brûke, is kwealik brûkt.
Meast hâldt de opdrachtjouwer de kostúms, mar om't it iepenloftspul fan Jorwert net in soad opslachromte hat, krige kostúmûntwerper Mathilde van der Hoop de klean werom.
"Oars soe ik it nei de twaddehânskwinkel bringe of it recyclje, mar no woe ik der wat oars mei dwaan", fertelt Van der Hoop. It ûnderwerp fan it iepenloftspul brocht har op in idee.
"Oarloch aktueler as oait"
"Westwurd spilet him ôf yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn it stik meitsje wy in switch nei hjoed-de-dei. De oarloch is aktueler as oait", fertelt Van der Hoop. "Ik tocht: wat moai as it nei Oekraïne ta koe."
Sa kaam Van der Hoop út by de Friese Rijders yn Haulerwyk. "Ik ha de telefoan gewoan pakt." Gewoanwei nimme de Friese Rijders gjin twaddehânsk klean oan, mar: "sy seinen direkt ja."
Auto follaad
Sterker noch, frijwilliger Adry Oosterman fan Friese Rijders, kaam fuort yn aksje.
Sneon wie de lêste foarstelling fan Westwurd. "Ik bin sneintemiddei nei Jorwert ta riden", fertelt Oosterman. "Ik ha de auto follaad mei jassen, mûtsen, sjalen en wol tweintich tekkens."
Wintersk guod
Friese Rijders makke in útsûndering om't de klean yn goede steat binne en fan goede kwaliteit. "Heakke, breide. It is allegear hiel moai en wintersk", leit Van der Hoop út. "En it is foar manlju, froulju, yn ferskillende maten."
De kostúms geane mei yn de earstfolgjende frachtwein nei de Oekraynske stêd Odessa, dêr't it ferdield wurdt.
"Dêr is it mear winter as yn Nederlân aanst. Dêr kinne de minsken it goed brûke", fertelt Oosterman.
"Bettere bestimming koe ik net betinke"
Dat har ûntwerpen nei minsken geane dy't it echt nedich ha, rekket Van der Hoop.
"It is as krijt de foarstelling der in twadde libben mei. En ik help graach minsken yn need. In bettere bestimming koe ik net betinke."