Omrop Fryslân

Brêge Terherne fuorthelle: "Niet zo goed voor de klandizie"

De brêge wurdt fuorttakele
© Radio Spannenburg
Hy wie al ôfsletten, mar no is de Alde Sânsleatbrêge der ek echt út. De brêge njonken it boatestasjon fan de Kameleon yn Terherne is freed fuorttakele en wurdt nei 25 jier opknapt.
Hoewol't de wurksumheden bûten it toeristeseizoen plakhawwe, hat de yngreep dochs grutte gefolgen foar de berikberens fan it doarp.

Kâns foar fernijing

Neffens Gerrit Faber fan pleatslik belang Terherne kaam de renovaasje op it goede momint.
"It is wat ûngemaklik, fansels. Mar de wurklju hawwe in soad ûnderfining mei brêgen. Twa jier lyn is de Nije Sânsleatbrêge ek opknapt. Dat duorre doe twa moannen. Dus de measte ynwenners kinne it ûngemak fan de wurksumheden wol oan", seit er.
Gerrit Faber fan pleatslik belang Terherne
© Radio Spannenburg
It doarp hat boppedat gebrûk makke fan de gelegenheid om mei te tinken oer it ûntwerp fan de fernijde brêge.
"It ûnderhâld wie nedich, en it wie in moai momint om mei-inoar te bepalen hoe't de nije brêge derút komt te sjen", seit Faber. "Ynwenners woene graach in hegere trochfeart, sadat je der mei in sloep ûndertroch kinne. Dat kin no yn ien kear dien wurde en dêr binne we as pleatslik belang hiel wiis mei."
Om ynwenners yn de perioade fan oerlêst temjitte te kommen, binne twa auto's beskikber steld: ien oan elke kant fan de iepenbrutsen ferbining.
Restaurantútbater André Scheepstra, dy't syn saak direkt neist de brêge hat, sjocht de wurksumheden as in tydlike ôffaller.
"Ik heb er zelf geen problemen mee. Het is alleen niet zo goed voor de klandizie", fertelt er.
"Het is nu het minst drukke seizoen van het jaar, dus hebben we er minder last van. En we krijgen er een mooie brug voor terug. Doordat er straks meer boten door het dorp komen, is er ook meer reuring. We gaan er uiteindelijk op vooruit."
Wurk oan de brêge
© Radio Spannenburg
De brêge is oant 27 febrewaris fuort. It betsjut dat auto's, bussen en helptsjinsten de kommende tiid net troch Terherne kinne.
Foar fytsers en kuierders komt der in tydlike brêge.

Alternative rûtes en omliedingen

Busline 95 rydt ek net troch Terherne hinne yn dy perioade. "Daarvoor in de plaats wordt alternatief vervoer aangeboden van en naar Jinshuzen (halte Meskenwier) en van en naar Joure", meldt De Fryske Marren. De gemeente ferwiist ek nei Qbuzz foar aktuele ynformaasje.
Foar automobilisten steane der buorden mei de omliedingsrûte, dy't oer de A7 en de A32 giet. It noardlike part fan Terherne bliuwt berikber út Akkrum wei, it súdlike part út De Jouwer wei.
Helptsjinsten ha in alternative rûte krigen. "Bereikbaarheid blijft gewaarborgd", fersekeret de gemeente.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.