Omrop Fryslân

Filmke oer de brêge by Terherne grutte hit yn it bûtenlân

In fragmint út de tige populêre fideo op YouTube fan de Sânsleatbrêge
© Dutch Train Channel
De reade ljochten geane oan. In auto rydt foarby. In fytser kin noch hastich oerstekke. De slachbomen geane ticht en de brêge giet iepen.
Yn Fryslân bale wy as in stekker as wy stilstean moatte foar de brêge. Mar yn Yndia en Yndonezië sjogge 47 miljoen minsken fassinearre nei in fideo dêr't allinnich dat mar bart, by de Nije Sânsleatbrêge by Terherne.

'Sky high'

Dizze fideo is dé grutte hit op it Dutch Train Channel op YouTube fan filmer Frans Pol út Ens. "YouTube is een wereldwijd platform. Ik heb Engelstalige zoektermen toegevoegd. Op een gegeven moment is hij opgepakt in India en Indonesië en toen ging hij sky high."
Al sûnt hy bern is, is Pol hielendal sljocht op spoaroergongen en brêgen. Sûnt 2006 hat hy in eigen YouTube-kanaal mei dy filmkes.
Sjoch hjirûnder it populêre filmke:
"Het is vooral een video die heel erg populair is in het buitenland", sa fertelt Frans Pol. "In Nederland hebben er 60.000 mensen naar gekeken, wat nog steeds veel is voor een openstaande brug, lijkt mij. Maar als ik kijk naar het aantal kijkers in India, dan zit-ie daar op 45 miljoen views."
Oan de kommentaren is in bytsje ôf te lieden wat de sjoggers sa spesjaal fine oan de brêge yn Terherne.
Geweldich, wêr is dy brêge?
Kommentaar op YouTube oer de Nije Sânsleatbrêge
Sjogger sultanayyubi1380 skriuwt: "Excellent invention", in geweldige útfining dus. Ek AasifKhan-ei4ld fynt it prachtich: "That was amazing". Sattibabupenke2178 kin it hast net leauwe: "Oh my god, actually I thought it was graphics. It is really amazing!"
Reagearder Skapeabs1589 freget him yn it Spaansk ôf wêr't dy geweldige brêge wêze kin: "Excelente en donde es ese puente?"

Fergees jild

Oer de start fan syn kanaal fertelt Frans Pol: "Ik had een privékanaal op YouTube. Toen had ik een filmpje geplaatst van de spoorwegovergang in Bilthoven. Toen kreeg ik na een half jaar een mailtje van YouTube dat die video ontzettend begon te lopen. Ze vroegen of ze daar advertenties voor mochten zetten, dan kon ik daar een beetje geld aan verdienen."
Pol seach dat wol sitten. "Gratis geld, dat is nooit verkeerd natuurlijk, dus toen ben ik veel meer van zulke video's gaan maken en heb ik het hele kanaal omgebouwd, naar een kanaal met alleen maar filmpjes van spoorwegovergangen en bruggen."
Kommentaren by de fideo op YouTube fan de Nije Sânsleatbrêge by Terherne
© Dutch Train Channel
Yntusken hat Pol mear as 2.500 brêgen en spoarweioergongen filme en online set. Mar de fideo fan de brêge by Terherne is noch altyd syn grutste sukes. "Je mag best weten, dat filmpje heeft me meer dan 9.000 euro opgeleverd!"
En dat sûnder djoere akteurs, beljochting of in avansearre kamera: "Je zet een camera neer, je zet 'm op opnemen en je filmt wat er gebeurt."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.