Brêge Terherne leit der trije moannen út: grutte gefolgen foar ferkear
Wa't de kommende tiid mei de auto oer de Alde Sânsleat yn Terherne wol, moat omride. De brêge tusken De Gouden Leeuw en 't Schippershuis leit der trije moannen út.
De fundearring fan de brêge moat ferfongen wurde, boppedat krijt de brêge nije coating.
It brêgetek wurdt ek ferhege, sadat lytse boaten en sloepen tenei trochfarre kinne.
Om dat wurk útfiere te kinnen, wurdt de brêge tydlik fuorthelle. Dat begjint hjoed en duorret oant en mei freed 27 febrewaris. It betsjut dat auto's, bussen en helptsjinsten de kommende tiid net troch Terherne kinne.
Foar fytsers en kuierders komt der in tydlike brêge.
Alternative rûtes en omliedingen
Busline 95 rydt dêrom ek net troch Terherne hinne yn dy perioade. "Daarvoor in de plaats wordt alternatief vervoer aangeboden van en naar Jinshuzen (halte Meskenwier) en van en naar Joure", meldt De Fryske Marren. De gemeente ferwiist ek nei Qbuzz foar aktuele ynformaasje.
Foar automobilisten steane der buorden mei de omliedingsrûte, dy't oer de A7 en de A32 giet. It noardlike part fan Terherne bliuwt berikber út Akkrum wei, it súdlike part út De Jouwer wei.
Helptsjinsten ha in alternative rûte krigen. "Bereikbaarheid blijft gewaarborgd", fersekeret de gemeente.