Omrop Fryslân

Brêge by Terherne wurdt no opknapt, ta argewaasje fan doarpsbelang en toeristen

De Sânsleatbrêge by Terherne
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It opknappen fan de Sânsleatbrêge yn Terherne sil foar ynwenners en toeristen in soad oerlêst opsmite. De brêge moat opknapt wurde, om ek yn 'e takomst feilich brûke te kinnen.
It doarp hie graach sjoen dat de wurksumheden earst nei it farseizoen úteinsette soene. Kommende moandei begjint it wurk oan de brêge dat oant desimber duorje sil.
Deputearre Avine Fokkens seit dat it wurk oerlêst feroarsaakje sil. "We proberen het zoveel mogelijk te beperken. Zo kunnen bijvoorbeeld in de weekenden dat de brug helemaal dicht is, fietsers en voetgangers gebruik maken van een pontje. Dan moeten de auto's omrijden via Akkrum, Heerenveen en Joure. Verder werken we met eenrichtingsverkeer met stoplichten."
Opknappen Sânsleatbrêge yn Terherne sil in soad oerlêst opsmite
Ek boaten kinne der net allegearre mear ûnder troch. As plezierjachten heger binne as 2,40 meter, dan moatte se omfarre.
Doarpsbelang Terherne hat besocht om de wurksumheden twa moanne letter begjinne te litten en net no, wylst it toeristeseizoen noch yn folle gong is en it noch drok is troch it moaie waar.
Alexander van Walsum fan boateferfierbedriuw Wetterwille begrypt der neat fan. "De planning is uiterst ongelukkig. Dit dorp leeft van het toerisme. Het was prettig geweest om nog acht weken te wachten. Dan is het seizoen voorbij."
Dat wol de provinsje net. Dy wol graach foar de winter klear wêze.
De Sânsleatbrêge by Terherne
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De renovaasje bestiet út ûnderskate wurksumheden: it ferstevigjen fan 'e stielen konstruksjes, it ferfangen fan 'e beweechbere dielen, it oanpassen fan 'e elektroanyske ynstallaasje, it oanpassen fan 'e dyk by de brêge en it opknappen fan skea oan it beton.
Dêrnjonken krije haadrydbaan, it fytspaad en it fuotpaad elk in eigen slachboom, sadat de dyk feiliger is.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.