"Ik bin hjir opbloeid", Sjoerd lit Fryslân achter foar de leafde yn Afrika
Doe't Sjoerd de Vries yn syn wenplak It Hearrenfean in frou út in supermerk kommen seach, wist er net dat syn libben in nije draai krije soe. "Dit is leafde op it earste gesicht."
Sûnt goed in heal jier wennet er no yn Uganda, want dêr komt de frou yn kwestje wei.
De Vries (58) siet nei in skieding yn in drege perioade. Hy wie yn in grut gat fallen en wenne allinnich yn in appartemintsje foar de winkel oer.
Doe't er Margaret seach, feroare alles. Hy wie op slach fereale.
Dit is de frou foar de rest fan myn libben.
"Ik tocht: dit is de frou foar de rest fan myn libben. Ik haw earst neat tsjin har sein. De oare deis trof ik har wer en we rekken oan 'e praat. De dei dêrnei kaam se al by my thús en doe sloech de fonk hielendal oer."
Margaret wie yn Nederlân fanwege in besite oan har broer.
Definityf nei Afrika
Nei de earste pear moetings op It Hearrenfean kocht Sjoerd koffers en regele in paspoart.
It wie om krysttiid 2024 hinne. Hy soe fjouwer wiken nei Afrika en it gie oan. Dêr yn Uganda waard it hieltyd dúdliker wat er eins woe: by har bliuwe.
Werom yn Fryslân makke er dêr wurk fan: baan opsizze en de hier fan it appartemint. Hy ferkocht de meubels.
Margaret kaam noch efkes oer om him te helpen mei de ferhuzing en doe't se op Keningsdei fan dit jier yn Uganda oankamen, stie de hiele famylje te wachtsjen.
No wennet er by har yn it doarp Kyabakadde Mukono, oardel oere fan 'e haadstêd Kampala.
Dêr hat Margaret in stik lân kocht mei in buorkerij derop. Sjoerd neamt it de farm. Der binne apparteminten en in mienskiplike húskeamer.
Nei har business-oplieding hat Margaret jild fertsjinne yn de reissektor.
Se hat de helporganisaasje Vision for Empowerment Center and Capacity Building oprjochte. Dy beheart in skoaltsje, in oplieding dêr't famkes naaien leare en jonges it meubelmeitsjen.
Allegearre op it eigen boerehiem. Fierders jouwe se fergeze medyske help, ek yn oare doarpen.
Frijwilligers, ûnder oare út Dútslân, binne dêr oan it wurk.
De organisaasje hat kontakten mei Gered Gereedschap yn Nederlân en in organisaasje foar senioaren mei ûnderfining yn Dútslân. Fierders binne de Universiteit fan Belfast en in kristlike berne-organisaasje yn Tsjechië ek partner.
De measte minsken hawwe noch noait in skoalle sjoen.
"Margaret helpt ek boeren", fertelt Sjoerd dy't sels meidraait yn de meubelmakkersoplieding.
"Ik bin no dwaande mei it oanskriuwen fan organisaasjes yn Nederlân sadat de boeren hjir help krije kinne. Der is hjir totaal gjin kennis. De measte minsken hawwe noch noait in skoalle sjoen."
Uganda is sûnt fjirtich jier in stabyl en rêstich lân. Al witte in soad âldere minsken noch wol dat eartiids diktator Idi Amin oan de macht wie.
Tsjintwurdich is it ek in lân mei grutte kontrasten:
"De minsken binne hjir sá bliid. En ek sá earm. Ast de bern draven sjochst achter in stôk mei in ferverôler deroan en hoe'n wille oft se hawwe, dan tink ik: yn Nederlân is de iene noch segriniger as de oare. Dan moatst hjir ris sjen."
Doe't er yn it doarp oankaam, foel it him op hoefolle ôffal oft oeral lei.
"Wiken hawwe we plestik opromme. No is it skjin, en de minsken hâlde it sels by."
Opbloeid
De feroaring docht Sjoerd goed. Hy hâldt fan waarmte.
"It is hjir alle dagen simmer. Ja, we hawwe wolris rein, want it is hjir hartstikke grien. Mar dan reint it efkes in oere of twa oeren en dan is it ek wer drûch."
Hy fielt him goed by it libbensmotto fan de Ugandezen: gjin stress.
Leafde is folle wichtiger as guod.
"Ik bin hjir sa lokkich as wat. Op foto's út 'e tiid foardat ik hjir kaam, sjoch ik der min út. Allegearre stress. Hjir bin ik hielendal opbloeid. Margaret is ek lokkich. Sy soarget foar sa'n soad minsken en der wie gjinien dy't foar har soarge. Dat doch ik no."
"Leafde is folle wichtiger as guod," seit Sjoerd ta beslút. En foarinoar soargje.
Dit fielt as syn plak. Hjir wol er bliuwe.
Wolsto dyn ferhaal ek fertelle?
Of kensto ien yn it bûtenlân dy't dat wol? Stjoer dan in mailtsje mei namme, telefoannûmer en koarte ynformaasje nei goeiemiddei@omropfryslan.nl. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge kinst dêr mear oer lêze.
Alle tiisdeitemiddeis om 15:10 oere yn it radioprogramma Goeiemiddei fertelt in Fries om utens har of syn aventoeren.
De ferhalen kinst op de sneins dêrnei neilêze op de webside en de app fan Omrop Fryslân. En hjir kinst alle ferhalen nochris neilêze.