Fan útferkocht hûs nei lege stuollen: kontrast by LWD Basket grut
It kontrast is grut oan it begjin fan it seizoen foar LWD Basket. Ferline jier hellen de Ljouwerters yn in útferkocht hûs de heale finale fan it kampioenskip, no binne de stuollen leech.
"Het is niet leuk", seit Gert Schurer, mei-oprjochter fan LWD Basket. "Nu zit ik met een dubbel gevoel op de tribune naar de wedstrijd te kijken."
Schurer nimt plak op de tribune, wylst LWD mei de warming-up dwaande is. De Ljouwerters krije besite fan kampioen Den Bosch.
LWD Basket wer in sukses dit seizoen?
Op de wedstriid komme sa'n twahûndert taskôgers ôf. De lege plakken op de tribune dogge Schurer pine.
"Vorig jaar waren we in een uur uitverkocht. Je ziet nu toch aan het begin van het nieuwe seizoen dat we weer opnieuw moeten beginnen. Het publiek moet weer wennen."
"Nu zit ik op de tribune en denk ik: gadver. Dan zie je de tussentijdse kaartverkoop en denk je: laat die ticker omhoog gaan."
LWD Basket spilet de wedstriden yn de BNXT-League, in kompetysje mei Belgyske en Nederlânske team. De ferskillen yn de kompetysje binne grut.
De Ljouwerters ha in begrutting fan ûngefear 500.000 euro, wylst de ferneamde nammen as Kortrijk en Oostende seis miljoen op de bank ha.
Utferkocht hûs
Gewoanwei bivakkearret LWD ûnderyn de kompetysje. Ferline seizoen wie lykwols alles oars. De Ljouwerters hellen de heale finale en spilen foar in útferkocht hûs.
Mar it iene jier is it oare net. LWD Basket spilet tsjin Den Bosch wer foar in hûnderttal taskôgers.
"Je krijgt door de goede resultaten van vorig jaar nieuwe fans, maar die zijn na de zomermaanden weer weg. Je moet ze eigenlijk weer opnieuw aantrekken."
Foar LWD is in soad feroare, want troch it sukses is hast de folsleine seleksje fernijd. De grutte nammen fan ferline jier binne fuort.
Wa't tinkt dat it kassa is by de Ljouwerters, hat it by de ferkearde ein.
"De transferbedragen stellen niet veel voor. Je denkt altijd dat als je goed presteert, dat de sponsoren voor de deur staan. Dat is niet zo."
"Basketbal is gewoon een relatief kleine sport. De markt is daar ook naar en dus moeten we er gewoon hard voor werken om sponsoren binnen te halen."
Wol is LWD deryn slagge om de coach oan board te hâlden. Vincent van Sliedregt kaam troch it sukses by ferskate klups op de radar. Dochs woe er net fuort.
"Mijn gezin heeft het fantastisch in Friesland", seit Van Sliedregt. "Dat is voor mij altijd de belangrijkste drijfveer. Als zij het naar de zin hebben, waarom zou je dan gaan?"
Nu zit ik op de tribune en denk ik: gadver.
Foar Van Sliedregt is it dit jier sjen hoefier oft LWD komme kin. De spilers yn in folslein nije seleksje moatte altyd oaninoar wenne.
Dochs is der noch wol in âlde bekende te finen op it fjild. De iennige Fries, Reinder Brandsma, spilet al jierren foar LWD en is de nije oanfierder wurden.
"Dat is in hiele oare rol", seit Brandsma. "Ik moat no de karre lûke en dat freget wol wat. We sille sjen hoe't dat komt."
De kompetysjestart fan LWD is net goed. De wedstriid tsjin Den Bosch giet mei 82-94 nei de Brabanners. LWD hat trije wedstriden spile en alles ferlern.
"Maar we zaten er met een jonge groep wel steeds dichtbij", seit Van Sliedregt. "We moeten leren van de fouten en dat snel in de praktijk brengen. Deze selectie is echt wel goed."