Famylje Doorson genietet fan Shaquille yn topseizoen LWD: "Wat een zenuwen"
LWD Basket belibbet in seizoen om nea wer te ferjitten. Dat jildt benammen foar de famylje Doorson, dy't soan en broer Shaquille troch it hiele lân stipet yn de striid om de lânstitel.
"De spanning is soms echt niet om te houden", laket Yazz Doorson at sy fertelt oer har broer Shaquille. Jûn, as LWD Basket him pleatse kin foar de finale om de lânstitel, sitte Yazz en har famylje op de tribune yn de Ljouwerter sporthal Het Kalverdijkje.
"Normaliter heb ik altijd al last van spanning, maar bij dit soort belangrijke wedstrijden is dat nog veel meer. Wat een zenuwen."
Famylje Doorson genietet fan Shaquille yn topseizoen LWD: "Wat een zenuwen"
Shaquille Doorson is ien fan de wichtige spilers yn de seleksje fan LWD Basket dit seizoen. De Ljouwerters binne dit jier yn topfoarm en dogge mei om de titel.
Dat is foar LWD in unikum. De Ljouwerters hawwe ien fan de lytsere budzjetten yn de kompetysje en dogge gewoanwei ûnderyn mei.
Dit jier is alles oars en spilet it tsjin Leiden yn de heale finale om de Nederlânske titel. Yn in best-of-five (trije kear winne is troch) wol LWD de finale helje.
Finale tsjin Den Bosch
LWD ferlear de earste twa duels, mar focht him fia wedstriid trije en fjouwer wer neist Leiden en kin jûn foar eigen publyk de genedeklap útdiele. De oare finalist is al bekend, dat is Den Bosch.
"Onze familie draait om het basketbal", seit Carmen Doorson, de mem fan Shaquille. "Maar dit hebben we niet eerder meegemaakt."
Dat de famylje wat mei basketbal hat, is wol dúdlik. Shaquille tanket syn namme oan Shaquille O'Neal, in ferneamde basketballer út Amearika.
"Ik was zwanger van hem en toen kwam mijn zus met het idee. Dat werpt nu wel zijn vruchten af, hè", laket Carmen.
Doelend op de wedstriden dy't LWD dit jier spilet. Doorson is as center wichtich yn it team fan LWD. Hy soarget foar de opbou fan it spul.
Soms staat mijn zusje op de banken en dan hoor ik haar gewoon in het veld. Dat geeft me dan een extra boost.
Dat docht hy sa goed, dat hy selektearre is foar it Nederlânske team. "De steun van mijn ouders doet mij goed", seit de 2,13 meter lange Amsterdammer.
Syn suster Yazz wennet yn Nijmegen, mar pindelet foar alle wedstriden op en del om har 31-jierrige broer yn aksje te sjen. Shaquille is grutsk op de famylje.
"Ik hoor ze dan zingen en dan speel ik daar beter door. Soms staat mijn zusje op de banken en dan hoor ik haar gewoon in het veld. Dat geeft me dan een extra boost."
Doorson kaam fjouwer jier lyn binnen by doetiids Aris Ljouwert. De klup gong fallyt en Doorson makke in útstapke nei Kanada. Ferline jier kaam hy werom by LWD.
Dy klup hat net in soad jild om hannen en gewoanwei spilet it ûnderyn de kompetysje mei. No stiet it dus folslein ûnferwachte yn de heale finale fan de Nederlânske titel.
Hierde sporthal tsjinoer nagelnij sportkompleks
Om de finale te heljen, moat it winnen fan Nederlânske grutmacht Leiden. Om de ferskillen tusken beide klups oan te jaan, is in blik op de sporthal genôch.
LWD moat alle wiken yn in hierde sporthal in eigen basketbalfjild opbouwe. Yn Leiden is der in nagelnij sportkompleks mei 2.500 sitplakken realisearre. De klup út de Sleutelstad waard de ôfrûne twa jierren kampioen.
Hast alle jierren giet Ljouwert nei Leiden ta foar in ûngelikense striid. Dit jier sitte de klups lykwols ticht by inoar.
De famylje Doorson hat alle wedstriden sjoen. No, mei de finale as ynset, rint de spanning ekstra op.
"Dit zijn die momenten dat je handen trillen", seit Yazz. Benammen de lêste wedstriid yn Leiden stiet har noch goed by seit sy. It is ien fan de hichtepunten fan it seizoen.
Als ze de naam van je broer zingen, is dat heel bijzonder.
Mei noch tweintich sekonden te gean stie it 82-84 foar Ljouwert. Shaquille kaam allinnich op de basket ôf, mar miste. Leiden koe dêrtroch dochs noch winne, mar mist ek.
It soarge foar in enoarme ûntlading by Yazz en har famylje. "Toen kwam al die spanning eruit. Alle mensen om ons heen begonnen ook te springen. Als ze de naam van je broer zingen, is dat heel bijzonder."