Hoe't basketbal foar efkes folkssport nûmer ien waard yn Ljouwert: "Nu willen we Europees"
LWD Basket belibbe in seizoen om fan te dreamen. De klup hat gewoanwei ien fan de lytsere begruttingen fan de kompetysje, mar dit seizoen kamen sels de Belgyske topklups mei eangst yn de skonken nei Ljouwert.
De klup hat him sels kwalifisearre foar Europeesk basketbal en hopet dêrfoar genôch jild te finen.
"We hebben ons wel eens even in de arm geknepen dit seizoen", seit mei-oprjochter Gert Schurer fan LWD.
It seizoen fan LWD Basket sit derop
LWD Basket besiket sûnt in pear jier om it basketbal op de kaart te krijen yn Fryslân. De ploech moast fan fier komme.
Oan it begjin fan dit seizoen spile de ploech noch foar in hast lege seal. In healjier letter is it folslein oars. LWD spilet yn de heale finale tsjin Leiden yn in útferkocht hûs (600 tickets).
Drokte
Dat barde yn de skiednis fan it Fryske basketbal mar ien kear earder. Yn 2013 helle Aris, de foargonger fan LWD, de finale tsjin Den Bosch.
"Ik doch dit wurk al jierren", seit frijwilliger Tina Split, wylst sy mei in scanner de kaartsjes by de yngong kontrolearret foar de wedstriid tsjin Leiden.
"Mar ik ha dizze drokte noch nea meimakke. Geweldich dit."
"Ik bin hjir foar it earst", seit in man wylst er sitten giet yn de seal. "Ik fyn dit moai foar de stêd, dat it sa drok is."
LWD is dit jier de revelaasje fan it seizoen. Sy winne fan 'reuzen' as Kortrijk yn de BNXT League, de kompetysje mei Belgyske en Nederlânske teams.
De rûte einiget úteinlik yn de heale finale tsjin Leiden. Yn in best-of-five moat de klup trije kear winne om foar de twadde kear yn de skiednis de finale te heljen.
It komt oan op in beslissingswedstriid, want beide teams wisten al twa kear fan inoar te winnen. Dy fiifde wedstriid is úteinlik in proai foar Leiden: (85-90).
Gjin finale dus, mar LWD pleatst him wol foar Europeesk basketbal. Schurer is dêr bliid mei, want hy sjocht no ek perspektyf om troch te bouwen.
Komt it der ek fan?
Dochs binne der wol fraachtekens by de helberens fan it organisearjen fan sokke grutte wedstriden.
"We moeten dan aan eisen voldoen in verband met veiligheid of tv-opstellingen. Dat is natuurlijk goed, maar het is voor ons wel een uitdaging."
"We zijn een vrijwilligersorganisatie en in zo'n lang seizoen als deze zie je dat het veel van de mensen vraagt", giet Schurer fierder. "Ik wil niet meer vragen van mijn vrijwilligers, want ik ben er nu al heel blij mee."
We hebben een traject ingezet en willen nu verder. Je moet altijd blijven doorbouwen en groot dromen.
En dus sil de klup yn de simmer om tafel oer de helberens. Mar in útferkocht hûs by de wedstriid tsjin Leiden en de sfear fan de supporters, smeitsje nei mear.
"We hebben een traject ingezet en willen nu verder. Je moet altijd blijven doorbouwen en groot dromen. Als je dat niet doet, kom je sowieso nergens."