LWD Basket dochs net Europa yn, finansjele risiko's te grut
Baketbalklup LWD Basket út Ljouwert sil dochs net meidwaan oan de Europe Cup. De Ljouwerters hienen dêr op basis fan de ranglist wol rjocht op.
"Er waren gewoon te veel haken en ogen aan het Europees spelen. We willen graag en alle facetten zijn onderzocht, maar de te nemen investeringen en daarmee risico's zijn te groot", seit mei-oprjochter Gert Schurer.
Foar de seal hienen in protte oanpassings nedich west. LWD Basket hie noch by basketbalbûn FIBA frege om dispensaasje, mar dat fersyk waard net honorearre.
Fierder wienen de finansjele risiko's te grut. "Pas op het laatste moment en dus na de inschrijving wordt bekend hoe de voorrondes er uit zien. Het kan zijn dat je ergens ver weg een voorronde toernooi moet spelen en er na 1 wedstrijd uitvliegt. Alle investeringen die je dan in de eigen hal hebt gedaan, zijn dan voor niets geweest."
Schurer neamt it 'vreselijk jammer' dat it Europeeske aventoer fan LWD Basket no net trochgean kin.