Even binnen sjen: dit hûs mei swimbad en sauna is de grutste hit op Funda
In grutte filla oan de Skieppedrifte by Droegeham is in grutte hit op de wenningferkeapside Funda. It is op it stuit it alderpopulêrste hûs fan Nederlân.
De wite filla, kompleet mei gasteferbliuw, sauna en swimbad, stiet noch mar oardel wike op de side, mar is no al 165.000 kear besjoen.
"Ibiza"
In protte minsken dreame fuort by de foto's fan it hûs en de beskriuwing fan de makelder. "Ibiza optima forma, maar dan wel in het mooie Fryslân!"
De filla stiet op in perseel fan 10.000 kante meter eigen grûn.
Dreamhûs
"Hoe faak komst yn Fryslân in wenning tsjin dêr'tst dy fielst as op in tropysk eilân", seit makelder Wieger van der Velde.
Hy seit datst hast nea meimakkest datst by in wenhûs noch in sauna, swimbad, kantoarromte en in gasteferbiuw fynst. "Dit is natuerlik in hûs dêr't elts fan dreamt."
De fraachpriis fan it hûs yn Droegeham is 2,2 miljoen euro. Van der Velde hat mei syn kantoar flink útpakt om de filla op Funda ûnder de oandacht te bringen.
"Wy ha foarôf hiel goed ûndersyk dien nei watfoar trefwurden it goed dwaan soene. Op Funda kinst ek pakketten ynkeapje, dat hawwe wy dien. It is net de earste kear foar ús dat dat slagget."
Net foar elkenien
Foar in protte sjoggers op Funda sil de fraachpriis fan 2,2 miljoen euro fierstente heech wêze, jout Wieger van der Velde ta. Mar dochs is hy bliid mei de grutte belangstelling.
Minsken tinke faak dat sokke hûzen kocht wurde troch rike westerlingen, mar dat blykt net altyd sa te wêzen.
"As je mear sjoggers hawwe, hawwe je ek mear potinsjele keapers. En mear potinsjele keapers is oer it algemien in hegere priis. Dêr moatst ek rekken mei hâlde."
"Hjir yn de buert hawwe al in pear minsken har meld foar dizze wenning", seit Van der Velde.
"By sokke hûzen tinke minsken hjir faak dat se kocht wurde troch rike westerlingen, mar yn de praktyk docht bliken dat dat net altyd sa is. Ek hjir binne minsken dy't goed buorke hawwe en it wol betelje kinne."
Kin hurd gean
Hy fernimt oan de animo dat sels in hûs foar 2,2 miljoen euro hurd gean kin. "Mar it is ek net ûngewoan dat sokke objekten wat langer yn de ferkeap steane. Op dit stuit is it noch net ferkocht, dus eltsenien is noch fan herte wolkom."
En wa't safolle sinten net hat, kin yn alle gefallen even deidreame by de foto's op Funda.