Omrop Fryslân

Hit op Funda: tsjerke fan Wâldsein te keap foar 1,7 miljoen

Utsjoch oer iepen farwetter út de tsjerke wei
© Omrop Fryslân
In frij útsjoch, iepen farwetter, mear as 400 kante meter wenromte en in priiskaartsje fan 1,7 miljoen euro. De eardere grifformearde tsjerke fan Wâldsein is in eyecatcher op Funda.
Wettersporters dy't Wâldsein binnenkomme kinne it gebou eins net misse.
Pontifikaal op 'e hoeke fan it doarp stiet de karakteristike tsjerke út 1912.
It pear De Vries wenne dêr, mar nimt no mei pine yn it hert ôfskie fan har dreamhûs.
Tsjerke fan Wâldsein mei âlde eleminten lykas it oargel
© Omrop Fryslân
Oant 1998 hat it gebou tsjinst dien as tsjerke, wêrnei't it kocht waard troch it pear De Vries.

Banken en preekstoel derút, mar net alles mocht fuort

Hayo de Vries kin noch krekt yn 't sin bringe hoe't it der doe útseach.
"Doe't wy it kochten, stiene de banken der noch yn. Dêr koene yn totaal sa'n 280 minsken op sitte."
"Dy banken hawwe wy doe beskikber steld oan de leden fan de tsjerke dy't graach har eigen bank hawwe woene."
Fuort dêrnei is it pear begûn mei in yngreven ferbouwing. De banken derút, de preekstoel fuort. Mar net alles mocht fuort fan it pear.
Echtpear De Vries
© Omrop Fryslân
Sa stiet der in wurkjend oargel yn de patio, is der oer de hiele lingte fan it gebou glês-yn-lead en slacht ek de klok yn de tsjerketoer noch alle oeren.

Ferantwurdlikheid

Wenje yn in tsjerke mei frij útsjoch klinkt as de ultime frijheid.
Mar, sa warskôget Hayo de Vries, it wenjen yn in earder godshûs bringt in ferantwurdlikheid mei him mei.
"Der binne in soad minsken dy't der in gefoel by hawwe", leit er út. "Sy hawwe hjir in soad meimakke yn de tsjerke."
"Tink oan bygelyks it dopen of ferstjerren fan in famyljelid. Mar somtiden kamen der ek predikanten of organisten del, dy't hjir ea wurke hawwe."
Unyk útsjoch, ynrjochting en skiednis: tsjerke fan Wâldsein stiet te keap foar 1,7 miljoen
De hoop is dan ek dat dejinge dy't it pân úteinlik keapje sil, deselde soarch hat foar de skiednis fan de tsjerke. En foar de rol dy't it gebou spile hat yn de mienskip fan Wâldsein.

Ynteresse út 'e Rânestêd

Oer oandacht foar it hûs hoecht makelder Pieter Kor Spoelstra him gjin soargen te meitsjen.
Op makelderswebside Funda wurdt it pân manmachtich besjoen. Dochs bliuwt it tal besichtigingen noch achter.
"De measte minsken út Fryslân hawwe net dit budzjet, dus dan komme der minsken út de Rânestêd en dat binne gauris ûndernimmers en minsken dy't sa'n objekt lykas dit bysûnder fine."
De boppeseal fan de tsjerke
© Omrop Fryslân
De Vries hopet dat de nije eigener yn alle gefallen gefoel hat by it gebou.
"Je hoopje dat it in goede bestimming krijt, en dat der minsken yn komme dy't der mei krekt safolle leafde en soarch derop passe as wy dien hawwe."

Takomst

Foar Hayo en syn frou is it de kommende simmer ien fan dûbelde emoasjes. Se binne wiis dat se in nij plakje yn Wâldsein fûn hawwe, ien dy't nei eigen sizzen better by harren leeftiid past.
Dochs sil it ôfskie fan de tsjerke dreech wurde.
"Wy genietsje dizze simmer o sa fan dit plak, foaral no't we witte dat it ôfskied deroan sit te kommen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.