Se besteane noch, huzen ûnder de twa ton: dit kinst keapje
Starters op de wenningmerk hawwe net in soad te kiezen. Foar in wenning fan twa ton moatst al in ynkommen hawwe fan goed 40.000 euro it jier. Mar wat kinst dêr noch foar krije?
Om dat út te sykjen, is in besite oan Funda de earste stap. Op de side steane op it momint fan sykjen 99 keaphuzen- en apparteminten yn Fryslân.
Mar dat liket moaier as dat it is: mear as de helte dêrfan is al 'in onderhandeling'.
Fan de earste side op Funda kinst lykwols bliid wurde, want der steane sels in pear huzen op fan fier beneden de limyt fan twa ton.
Sa kinst op De Gordyk foar 125.000 in appartemintsje krije op de ûnderferdjipping, dat koartlyn ek nochris opknapt is en neffens de makeler 'instapklaar'.
Der is gjin tún, mar kinst wol yn de steech sitte. In soad privacy hast net, want de buorlju moatte der ek del.
Dochs mar efkes fierder sjen dan: yn Wolvegea stiet foar deselde priis in moai húske oan de Schoolstraat yn 'originele staat' op in perseel fan 138 kante meter.
In moaie basis foar modernisearring, lêze wy yn it ferkeapferhaaltsje fan de makeler.
"Voor de handige doe-het-zelver absoluut de investering waard."
Hoefolle jild der achteroan moat, is op it each net te sizzen fansels, mar mei enerzjylabel G bist wis datst aardich ta de bûse moatst.
Dakisolaasje, de geiser en de gaskachels ferfange en de measte minsken sille de inkelde ruten ek wol ynleverje wolle foar HR++.
Yn Ljouwert, op It Hearrenfean en yn Drachten binne kreaze flatsjes te krijen yn de priisklasse en ek noch wol wat tuskenwenten.
Yn Snits stiet oan de Johan Willem Frisostrjitte in hoekwenning mei twa sliepkeamers fan noch gjin 180.000 euro. Der sit ek noch in túntsje by.
Lyts detail: wa't de wenning keapet, moat eltse moanne wol rekkening hâlde mei in bydrage fan de feriening fan eigeners fan 35 euro.
Oan de râne fan Fryslân is romte én binne betelbere huzen.
Oan de Caspar de Roblesdijk yn Surch hast foar 165.000 euro in hûs om yn "alle rust en vrijheid" op te knappen.
In badkeamer is der net, mar it is wol in hûs "waar u nog volledig uw eigen stempel op kunt drukken."
Yn Blije stiet foar 139.000 euro in hûs yn enerzjylabel G te keap. In betelbere twa-ûnder-ien-kap, mei in tún op it easten.
Ek yn de kategory 'lyts, mar smûk': yn Eanjum kinst foar 135.000 euro in húske út 1900 fine.
De makelder neamt it in "lieflijk huisje dat wacht op een nieuwe eigenaar die het met liefde en creativiteit nieuw leven inblaast."
Yn Peazens steane ek noch opknappers foar deselde priis en dan krigest de ynventaris op de keap ta.
En dan wennest ek noch by 'Unesco Erfgoed', 'nationaal park Lauwersmeer' en 'Elfstedenstad Dokkum'.
"It wurdt hieltyd minder"
De lege skoare fan 49 beskikbere wenten op Funda fernuveret Berend Wijmenga net.
As foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de NVM hâldt er de sifers goed yn de gaten.
"It wurdt hieltyd minder", seit er.
Foar syn eigen ferkeapgebiet hellet er de sifers eefkes út de kompjûter. Yn Hurdegaryp en omkriten hat er fan 2024 oant 2025 43 ferkocht.
Yn it jier dêrfoar wienen dat er noch 59, yn 2022-2023 wienen it er 109 en it jier dêrfoar (2021-2022) sels 161.
"Alle jierren geane der 40 ôf, moatst mar rekkenje."
In fraachpriis fan twa ton wol fansels net sizze datst it foar dy priis krigest.
Yn trochsneed wurdt er yn 57 persint fan de gefallen mear bean as de fraachpriis. "Dat is besjoen oer alle huzen"
"Foar in frijsteande wenning is dat mar yn 40 persint it gefal, mar ast sjochst nei in tuskenwenning dan wurdt der by 75 persint mear bean as de fraachpriis."
Te min ynkommen
Foar starters wurdt it hast in ûnmooglike saak om der tusken te kommen.
"Foar twa ton moatst al goed 40.000 euro oan ynkommen hawwe."
En dêr komme in soad starters net oan ta. Neffens it CBS leit it gemiddelde ynkommen fan in mbû'er yn trochsneed op in lytse 37.000 euro yn it jier.
Huzen dy't mear as in miljoen euro kostje
De measte minsken kinne der allinnich fan dreame, mar foar de lucky few dy't in hûs fan ien miljoen of mear betelje kinne, is der yn Fryslân ek it ien en oar te rêden.
Neffens Funda binne der 82 fan te keap, wêrfan't njoggen ûnder bod. De measten boppe de miljoen binne te finen yn it Fryske marregebiet. De alderdjoerste is te finen yn Diken.
Foar 2,6 miljoen hast in frijsteande buorkerij op 11.000 kante meter grûn.
Dêrfoar hast in dûbelde garaazje, gasteferbliuw, kantoar en ek noch in 'wellness', mei Turks stoombad, sauna, swimbad, jacuzzi en fitness. O ja, der is ek in bioskoop mei bar.
Minsken mei in hbû- of universitêre oplieding hawwe meastentiids wat mear finansjele earmslach.
Yn trochsneed fertsjinje sy sa'n 59.500 yn it jier, wêrmei'tst oant 277.704 euro liene kinst, neffens fergelikingsside Independer.
Hoe komst der as starter dan tusken op de wenningmerk? Goed sparje?
Wymenga: "Dat sizze se dan, mar ast 10.000 byinoar hast, binne de huzen wer 20.000 euro djoerder. Kinst faaks better in steatslot keapje", seit er laitsjend.
"Of better noch: in partner sykje. It leafst ien dy't al in keaphûs hat. Dan kinst dat hûs ferkeapje en tegearre op syk nei wat nijs."