Omrop Fryslân

Lângoed Boschoord te keap mei grutte koarting: "Hoopje dat it yn goede hannen bedarret"

Lângoed Boschoord
© Makelaardij Friesland
Lângoed Boschoord by Hústerheide yn Sint Nyk stiet te keap. It ikoanyske lânhûs en ryksmonumint út 1871 stiet middenyn de Fryske natuer en moat 2,5 miljoen euro kostje.
It is net foar it earst dat it monumintale hûs mei de grutte fiver te keap stiet. Mar der is wol in grut ferskil: it moast earder 3,5 miljoen euro kostje. Der waard gjin keaper fûn.
Op it stuit is jonkhear Tjalling van Eysinga de eigener fan it gebou. Hy neamt it "in bysûnder hûs".
In keamer yn lângoed Boschoord
© Makelaardij Friesland
Van Eysinga en syn frou hiene in skoftke in bêd en brochje yn it hûs. Mar dêr binne se no te âld foar, mient Van Eysinga, dy't 71 is. "En de bern wolle it ek net hawwe."

Koarting fan in miljoen

En dus stiet it no wer te keap. Mei in koarting fan in miljoen fergelike mei de foarige kear.
"As jo fernimme dat yn Fryslân dit soarte prizen dochs te heech lizze, dan wurdt it in hiele toer. Dan moatte je bliid wêze as je der in goeie priis foar krije kinne", ferklearret Van Eysinga de ferleging fan de priis.
Je hoopje wol dat sa'n hûs, dêr't dochs wol in stikje histoarje oan sit, yn goede hannen bedarret.
Jonkhear Tjalling van Eysinga
Hy leit út wêrom't it hûs opnij yn de ferkeap kaam is: "We hienen earst in makeler út it bûtenlân. Dy hie neffens ús net de 'feeling' mei Fryslân."

Ryksmonumint boud yn 1871

It lânhûs waard yn 1871 boud yn opdracht fan boargemaster Bernard van Welderen en Baron Rengers.
Baron Rengers koe op dit plak bouwe omdat syn omke, jonkhear Van Eysinga, eigener wie fan it lân deromhinne, no de Vegelinbossen. Van Eysinga hat de filla letter oerkocht fan de baron en brûkte it hûs as bûtenhûs.
Yn 2004 krige it gebou de status ryksmonumint.
"We tinke dat we mei de makeler fan no earder gelok ha sille dat we in goede keaper fine. Want je hoopje fansels wol dat sa'n hûs, dêr't dochs wol in stikje histoarje oan sit, yn goede hannen bedarret."
Jonkhear Tjalling van Eysinga
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dy nije makeler is Tycho Reimers fan Makelaardij Friesland. Neffens him is der fuortendaliks al belangstelling foar it hûs: "It stiet noch mar in wike te keap, mar der binne al in stik as fiif belangstellenden, ek út de Rânestêd", seit hy.
"It giet dan om minsken dy't it as wenhûs brûke wolle, mar ek minsken dy't ynformaasje hawwe wolle oer in mooglike bedriuwsbestimming."

Ynboel

Jonkhear Van Eysinga en syn frou ferhúzje nei in nij hûs en nimme guon fan de skilderijen mei. "Yn ús nije hûs hawwe we ek in hiel moai plak foar dizze skilderijen. Dat binne hiele weardefolle famyljestikken foar my natuerlik. Dus dy wolle we graach hâlde."
Keunst oan de muorre yn lângoed Boschoord
© Makelaardij Friesland
Mar der bliuwt ek genôch oer foar de keaper. "In oantal meubels bliuwt nei alle gedachten stean, mar dat leit der fansels ek oan oft de minsken dy oernimme wolle."
Sjoch hjir nei in fotoreportaazje fan lângoed Boschoord:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.